Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

It sint-janskrûd (Hypericum perforatum) is in plant út de Sint-Janskrûdfamylje (Hypericaceae). De fêste plant wie hiem yn Europa en hat him dêrút wei fierder ferspraat. It krûd bloeit om de nammedei fan Sint-Johannes op 24 juny hinne. De soart wurdt fanâlds as genêskrêftich krûd brûkt en is as plantaardich antydepressivum te krijen.

sint-janskrûd
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift malpigia-eftigen (Malpighiales)
famylje sint-janskrûden (Hypericaceae)
skaai sint-janskrûden (Hypericum)
soarte
Hypericum perforatum
Linnaeus, 1753

Sint-janskrûd is rûnom te finen yn ‘e berms lâns de diken en it spoar. De plant wurdt 20-85 sm heech en hat in rûne stâle mei oant twa smelle listen. De keale, elliptyske oant aairûne geefrânige, 1,5-3 sm lange blêden hawwe in soad trochsichtige punten en in stompe blêdfoet. Dy trochsichtige puntsjes binne folle mei etearyske oalje. It Sint-Janskrûd bloeit fan juny oant septimber mei giele blommen. De kroanblêden binne 1-1,6 sm lang. De tsjelkblêden binne lansetfoarmich, spits en geefrânich. De kroanblêden hawwe mar in pear swarte punten. De blommen teare iepen as in tichtteard doaske dat jo oan ien klep iepenlûke. Yn in reagebol fan blomstêfkes is de stamper suver ferstoppe. De giele blommen foarmje in strûs en bloeie likernôch trije dagen. Yn parken en tunen wurdt in ferskaat oan kweekte farianten fan de Sint-Janskrûdfamylje brûkt as boaiembedekker. Dêr binne guon ûnder mei blommen fan wol 7 oant 8 sm.

Sompe-sint-Janskrûd bewurkje seksje

Yn it natoergebiet It Houtwiel boppe Feanwâlden groeit in hiel bysûnder famyljelid fan de Sint-Janskrûden, it Sompe-sint-Janskrûd. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wolfgang Hensel: Blommen. Oersetten en foar Fryslân bewurke troch Sake P. Roodbergen. Bornmeer 2013, s. 77.