Sint-Nikolaasbasilyk (Amsterdam)
De Sint-Nikolaastsjerke of de Basilyk fan de hillige Nikolaas is een roomsk-katolike tsjerke yn 'e binnenstêd fan Amsterdam. De tsjerke waard boud yn 'e jierren 1884-1887 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Adrianus Bleijs (1842-1912) en is de tredde tsjerke mei dy namme yn Amsterdam. De earste, de hjoeddeiske Alde Tsjerke (Oude Kerk), is mei it ôfsetten fan it katolyk stedsregear yn 1578 oergien mei de reformaasje. De twadde Nikolaastsjerke wie in roomske skûltsjerke oan 'e Oudezijds Voorburgwal, dy't tsjintwurdich bekend is ûnder de namme Us Leave Hear op Souder (Ons Lieve Heer op Solder).
Sint-Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | Prins Hendrikkade 73 | |
koördinaten | 52° 22'N 4° 54'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Adrianus Bleijs | |
boujier | 1884-1887 | |
boustyl | Neobarok, neorenêssânse | |
hichte | 58 meter | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 4140 | |
Webside | ||
Nikolaasparochy | ||
Kaart | ||
Sûnt 8 desimber 2012 is de tsjerke in basilica minor. Rome ferliende dy earetitel oan 'e tsjerke fanwegen de grutte oanrin, it Mirakel fan Amsterdam en de ferearing fan de patroanhillige fan Amsterdam, Sint-Nikolaas.
De basilyk leit skeef foar it Sintraal Stasjon oer oan 'e Prins Hendrikkade en grinzget mei it koer oan it wetter fan 'e Oudezijds Kolk. De basilyk makket diel út fan 'e binnenstêdparochy fan 'e hillige Nikolaas.
Beskriuwing tsjerke
bewurkje seksjeDe op 7 febrewaris 1878 ynwijde tsjerke waard neffens it foarbyld boud fan de Sint-Syriakustsjerke yn Hoarn, in ûntwerp fan deselde arsjitekt mar dan op folle lytsere skaal. De Nikolaastsjerke hat oan wjerskanten fan de gevel mei in grut roasfinster twa tuorren mei barokke helms en is boud yn ferskate neostilen. It front is net hielendal symmetrysk: de westlike toer stiet mear nei foarren as de eastlike toer, sadat de twa tuorren like fier fan de strjitte steane, dy't oangeande de tsjerke wat skeef rint. De net symmetryske bou hat te krijen mei't de bougrûn dy't doedestiids beheind wie.
De basilyk is boud as in trijeskippige krústsjerke en bestiet út in skip, in transept en in koer. It koer leit achter yn de tsjerke mei dêrnjonken oan beide kanten in kapel. De krusing fan de tsjerke wurdt bekroand mei in hege, achthoekige toer mei barokke koepel en lantearne.
Oan it ynterieur waard goed fjirtich jier wurke troch keunsters dy't yn dy tiid bekend wiene. It meubilêr yn de tsjerke is yn renêssânse-styl. It heechalter (1889), it Marije-alter (1890) en de preekstoel (1892) waard neffens ûntwerpen fan de arsjitekt makke troch Pierre Elysee van den Bossche. Fan deselde byldhouwer stamme ek it Joazefalter, de kommunybanken en de moarmeren bylden fan Kristus en Marije.
De muorreskilderings binne noch hielendal yntakt en foar in grut part troch Jan Dunselman oanbrocht, dy't likernôch tritich jier yn de tsjerke wurke. Te sjen binne û.o. grutte foarstellings út it libben fan Sint-Nikolaas, it Mirakel fan Amsterdam en de Martlers fan Gorkum. Dunselman wurke fan 1891-1898 oan de krúswei, dy't by de grutte restauraasje fan 1997-1999 wer hielendal yn âlde gloarje werom brocht is. By dy grutte restauraasje waarden ek de oarspronklike ramen yn de koepel werom set, dy't der earder by in provisoaryske restauraasje 1966-1973 úthelle wiene om de finsters om statyske redenen tichtmitselje te kinnen. Ut dy tiid stamme ek acht nije ramen yn de ljochtbeuk fan de keunstner Jan Dibbets.
De Nikolaastsjerke krige yn 2012 nei it ôfsluten fan in tiid fan efterstallich ûnderhâld in nij alter fan Belgyske natoerstien neffens in ûntwerp fan Jan-Willem Oldeneel út Laren. It hat in brûnzen foet wêryn it Mirakel fan Amsterdam ferwurke is. Yn de alterplaat is in glêzen bol mei dêryn de reliken fan 'e martlers fan Gorkum. Oldeneel fersoarge ek de ûntwerpen foar de kandlers en de twa ambo's.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in oargel fan 'e oargelbouwer Wilhelm Sauer út Frankfurt oan de Oder. It oargel waard yn 1889 foar de doe nije tsjerke boud. Verschueren út Heythuysen restaurearre it oargel yn 2001.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Sauer-oargel
-
Heechalter
-
Preekstoel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |