Sint-Willibrordustsjerke (Kloosterburen)
De Sint-Willibrordustsjerke is it tsjerkegebou Kleasterbuorren fan de roomsk-katolike Liudgerparochy, dêr't njonken Kleasterbuorren ek de plakken Bedum, Wehe-den Hoorn, Uithuizen en Delfsyl ûnder falle.
Sint-Willibrordustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Kleasterbuorren | |
adres | Hoofdstraat 28 | |
koördinaten | 53° 23' N 6° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Willibrord | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers | |
boujier | 1868 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 509515 | |
Webside | ||
Hiemside Liudgerparochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeNei de reformaasje bleaune de ynwenners fan it doarp trou oan it âlde roomske leauwe. Wat dêrby in rol spile wie dat in pear boarchhearen yn de omkriten wegeren oer te gean op de nije lear. Sa bleau ek nei de konfiskaasje fan de katolike besittings en de oerdracht fan de tsjerke oan de kalvinisten it doarp dochs katolyk. Nei't de fiering fan de roomske misse foar in skoft folslein ferbean wie, folge in tiid fan tolerearjen, oant yn 1842 it parochiale libben mei de bou fan in wettersteatstsjerke hersteld waard.
Mei't dy earste katolike tsjerke sûnt de reformaasje al gau wer te lyts waard, koe mei finansjele help fan de heareboeren út de omkriten yn de jierren 1860 in grutte pseudobasilyk boud wurde. Arsjitekt wie Pierre Cuypers, dy't yn Fryslân ek ûntwerpen foar tsjerken yn Blauhûs, Heech, Nes, Dokkum en Wytgaard levere.
De tsjerke waard foltôge mei de bou fan it koer yn 1904 neffens in ûntwerp fan Joseph Cuypers en Jan Stuyt. Yn 1908 waard by de tsjerke in pastory boud, dy't yn 1971 lykwols wer ôfbrusten is.
By in restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1990 waarden wer laaien op it dak lein en binne de dakkapellen rekonstruearre.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur is foar it measte noch orizjineel. Nei it Twadde Fatikaanske Konsylje waard in folksalter lein, mar de kommunybank bleau bewarre. Ek de bylden oan de pylders hawwe de twadde byldestoarm fan de jierren 1960-1970 oerlibbe. It heechalter en de sydalters binne ôfkomstich út it atelier Cuypers-Stolzenberg, Roermond. De brânskildere ramen mei foarstellings út it libben fan patroanhillige Willibrord binne makke troch de glesker Nicolas út Roermond. De krúswei datearret fan 1890 en is levere troch de firma Ferlemont, Den Bosch.
Adema-0argel
bewurkje seksjePetrus van Oeckelen boude yn 1846 it oargel foar de tsjerke, dat mei ferhûze nei de nije basilyk. Yn 1890 woe it parochybestjoer fanwegen de steat fan it oargel ôf en sette it te keap. Yntusken kocht de parochy in "Amerikaansk oargel". Yn de jierren 1920 krige Joseph Adema út Amsterdam de opdracht in nij oargel te bouwen, dat yn 1925 yn gebrûk nommen waard. It oargel hie santjin registers.
Mei de fernijings fan it Twadde Fatikaanske Konsylje ferhûze it koar fan it oksaal nei ûnder. Dêrtroch waard ek it oargel op de tribune net mear brûkt, want ûnder stie in elektronysk oargel en it ûnderhâldskontrakt foar it Adema-oargel waard beëinige. It Adema-oargel rekke yn ferfal, en de tsjerkerestauraasje fan 1996 makke dy sitewaasje noch slimmer. Yn de 21e iuw krige it ferfallen ynstrumint de status fan ryksmonumint, wertroch't in restauraasje mooglik waard.
Adema's Tsjerkeoargelbou út Hillegom fierde de restauraasje út. Yn jannewaris waard it weropboude oargel yntonearre en op freed 11 maaie waard it oargel op 'e nij yn gebrûk nommen.[1][2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|