Sint-Klemenstsjerke (Nes)

(Trochferwiisd fan Sint Klemenstsjerke)

De Sint-Klemenstsjerke is in tsjerkegebou yn Nes op It Amelân.

Sint-Klemenstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
plak Nes
adres Kardinaal De Jongwei 33
koördinaten 53° 26' N 5° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Paus Klemens I
Arsjitektuer
arsjitekt Pierre Cuypers
boujier 1878, weropbou 2016/2017 nei brân
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7604
Webside
Hiemside Sint-Klemensrektoraat
FB-side Sint-Klemenstsjerke
Kaart
Sint-Klemenstsjerke (Nes)
Sint-Klemenstsjerke

De neogoatyske tsjerke út 1878 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Pierre Cuypers. Dat wie de seisde fan de yn totaal sân neogoatyske tsjerken dy't er yn Fryslân boude.

Cuypers hie yn 1877 in tsjerke boud yn it Noarske plak Halden. Noarske ynfloeden binne yn syn ûntwerp fan de tsjerke oanwêzich, al is it ûntwerp ek foar it grutste part basearre op Cuypers' tsjerke yn Ruurlo út 1868. De ienskippige tsjerke mei dakruter hat in heech dak mei in oerhingjende dakrâne. De tsjerke bestiet foar in grut part út houten konstruksjes dy't yn Cuypers' atelier yn Amsterdam makke waarden en pas yn Nes assemblearre waarden. It heechalter is út 1885 en de brânskildere glêzen út 1897. De tsjerke is in ryksmonumint.

De tsjerke stiet oan de Kardinaal De Jongwei, ferneamd nei de yn Nes berne Johannes de Jong (1885 - 1955). As neitins is der ek in stânbyld, in plakette en in brânskildere rút.

Brân, weropbou en ynwijing

bewurkje seksje

Op 5 febrewaris 2013 is de tsjerke folslein útbaarnd.[1] Yn oktober 2015 waard út ein set mei it wer opbouwen fan de tsjerke.[2]

Op 18 desimber 2016 waard de tsjerke wer yn gebrûk naam. Der waard opdracht jûn om alle brânskildere ramen te ferfangen troch nije. De glêskeunstners waard frege om op grûn fan âlde tema’s nije ramen te ûntwerpen. De bûtenkant waard restaurearre yn de styl fan Cuypers en it ynterieur waard modernisearre.

Op 25 novimber 2017 waard de tsjerke ynwijd troch biskop Ron van den Hout.[3]

  • Henk Nota, H. Clemenskerk te Nes op Ameland. Stichting Argyf- en Dokumintaasjesintrum r.k. Fryslân, 2018

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: