Ron van den Hout
Ron van den Hout (folút: Cornelis Franciscus Maria van den Hout; Tilburch, 11 novimber 1964) is in Nederlânsk roomsk geastlike fan Brabânsk komôf dy't yn 2017 ynstallearre waard as biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert.
Ron van den Hout | ||
geastlike | ||
echte namme | Cornelis Franciscus Maria van den Hout | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 novimber 1964 | |
berteplak | Tilburch (Noard-Brabân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
biskop fan Grins-Ljouwert | ||
amtsperioade | 2017 – ... |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVan den Hout waard yn 1964 berne yn it sikehûs yn Tilburch, mar groeide op yn it doarp Diessen, op it Brabânske plattelân yn 'e gemeente Hilvarenbeek. Yn it gesin fan syn âlden wied er de âldste fan trije bern. Sawol syn pake en beppe oan heitekant as dy oan memmekant wiene wurksum yn 'e lân- of túnbou. Van den Hout syn heit wie lykwols automonteur.
Van den Hout waard net bysûnder leauwend grutbrocht, hoewol't er mei syn âlden sneins wol trou de tsjerke besocht. Yn 'e fakânsjes en de wykeinen wied er in protte by syn omke yn 't wurk, dy't túnker (fruitteler) wie. Dêrtroch waard syn belangstelling foar de agraryske sektor wekke, en sa koe it dat er nei it trochrinnen fan it VWO nei de Hegere Lânbouskoalle yn De Bosk gie. Omtrint de tiid dat er 21 jier wie, begûn Van den Hout him lykwols oanlutsen te fielen ta in tsjerklik wurkpaad, eat dat him as jong bern ek alris oppenearre hie.
Doe't it bisdom De Bosk yn 1987 de diosesane oplieding ta preester weriepene en it Sint-Janssintrum oprjochte, besleat Van den Hout om oan dat seminaarje in stúdzje filosofy en teology te folgjen. Op 5 juny 1993 waard er ta preester wijd. Foar- en neitiid died er fan 1992 oant 1994 pastoraal wurk yn Helmond. Yn 1994 gied er nei Rome, dêr't er him oan 'e Pauslike Universiteit Gregoriana spesjalisearre op 'e eksegeze fan it Alde Testamint. Yn 1997 behelle er in lisinsjaat yn 'e bibelske teology.
Wurkpaad
bewurkje seksjeNei't er yn 1998 weromkeard wie yn Nederlân, wie Van den Hout wurksum as parochiaal meiwurker yn Tilburch. Teffens wied er fan 1998 oant 2009 pastoar fan Drunen-Elshout, wylst er sûnt 1998 ek dosint Hebriuwsk, Judaïka en Alde Testamint wie yn it bisdom De Bosk, oan it Sint-Janssintrum. Dêropta wie Van den Donk yn dyseldichste snuorje ek noch drok mei it skriuwen fan syn dissertaasje oer it bibelboek Sacharja, eat dat him tige dreech foel. Uteinlik wist er syn proefskrift dochs te foltôgjen en promovearre er op 9 maaie 2009 oan 'e Radboud Universiteit Nimwegen ta doktor yn 'e teology.
Datselde jiers waard Van den Hout beneamd ta deken fan it dekanaat Heusden-Waalwyk-Sâltbommel (rûchwei de Bommelerwaard). Yn 2012 folge in beneaming ta fikaris-generaal fan it bisdom De Bosk, as opfolger fan monsênjeur Jan Liesen, dy't ta biskop fan Breda beneamd wie. Underwilens wie Van den Hout sûnt 2010 ek as dosint preester- en diakenoplieding ferbûn oan it seminaarje Bovendonk fan it bisdom Breda, en sûnt 2011 as dosint Alde Testamint en preesteropleiding oan it seminaarje Rolduc fan it bisdom Roermond.
Op 1 april 2017 waard Van den Hout, folslein ûnferwachts, beneamd ta biskop fan Grins-Ljouwert. Dy biskopssit wie doe al in jier fakant, mei't syn foargonger Gerard de Korte yn 2016 promovearre wie ta biskop fan it wichtiger bisdom De Bosk, dêr't biskop Antoon Hurkmans mei betiid emeritaat gien wie. Van den Hout syn wijing ta biskop fûn plak op 3 juny 2017 te Grins en waard ferrjochte troch kardinaal Wim Eijk, bystien troch Gerard de Korte en helpbiskop Rob Mutsaerts. As biedwurd naam Van den Hout in exilio spes oan ("yn ballingskip is jit hope"). Guon beskôgen dat as in kommentaar op syn 'ferballing' út Brabân wei nei it foar him ûnbekend Noard-Nederlân, mar neffens Van den Hout is it in leauwensútspraak út ien fan 'e eucharistyske gebedens dy't ferwiist nei de Babyloanyske Ballingskip dy't de Israeliten troch wisten te kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|