Skeintoskmûsgoffers
De skeintoskmûsgoffers (wittenskiplike namme: Perognathinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) en de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae).
Skeintoskmûsgoffers | ||
In sidehierrige mûsgoffer (Perognathus flavus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | bevers en goffers (Castorimorpha) | |
tuskenskift: | goffereftigen (Geomorpha) | |
boppefamylje: | goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) | |
famylje: | mûsgoffers (Heteromyidae) | |
ûnderfamylje: | skeintoskmûsgoffers (Perognathinae) | |
Coues, 1875 | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeTa dizze ûnderfamylje hearre twa skaaien fan mûsgoffers, dy't almeast op 'e prêrjes en steppen en yn 'e woastinen libje fan 'e westlike helte fan Noard-Amearika. Se fiede har foar it meastepart mei sied en oar plantaardich materiaal en hawwe alsa in herbivoar dieet. Har fretten sammelje se yn grutte hoemannichten yn har eksterne wangpûden, dy't oer de bûtenkant fan 'e wangen hinne sitte. Sa drage se it mei werom nei de komplekse hoalestelsels dy't se ûnder de grûn oanlizze om it op te slaan foar kâld of min waar. Skeintoskmûsgoffers ûnderskiede har fan oare mûsgoffers trochdat it toskglazuer op har kiezzen fluch fuortslyt troch kôgjen, mei as gefolch dat it toskbien bleat komt te lizzen. Nei dat proses wurdt ferwiisd troch de wittenskiplike namme, dy't bestiet út 'e dielen pero-, Gryksk foar "skeind" of "misfoarme", en gnathus, "tosk" of "kaak".
Underfamylje-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|