Woastynmûsgoffer

De woastynmûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus penicillatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus). Dit bist komt foar yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko. It is in middelgrutte mûsgoffer dy't de foarkar jout oan in drûch, sânich woastynbiotoop. Hy hâldt der in libbenswize as in solitêr en yn haadsaak herbivoar nachtdier op nei. De IUCN klassifisearret de woastynmûsgoffer as net bedrige.

woastynmûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai rûchhierrige mûsgoffers
   (Chaetodipus)
soarte
Chaetodipus penicillatus
Woodhouse, 1852
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De woastynmûsgoffer is lânseigen yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten, dêr't syn ferspriedingsgebiet benammen de Mojavewoastyn en de Sonoarawoastyn beslacht. Yn steatkundige termen komt dit bist foar yn it súden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, it suden fan Nevada, de súdwestlike helte fan Arizona, it uterste súdwesten fan Utah, it suden fan Nij-Meksiko en West-Teksas. Yn it noarden Meksiko beslacht it areaal fan 'e woastynmûsgoffer in brede stripe fan de noardeastlike râne fan it Kalifornysk Skiereilân en de noardeastlike kust fan 'e Golf fan Kalifornje nei it Heechlân fan Meksiko yn 'e midden fan it lân.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De woastynmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan omtrint 7 sm, mei in sturtlingte fan yn trochsneed 10,9 sm en in gewicht fan 15–23 g. De lingte fan 'e efterpoaten is trochinoar 21/2 sm. De sturt is, lykas by de measte mûsgoffers, waarnimber langer as it lichem. De pels is rûch en hat op 'e rêch en de kop in grizich brune oant gielich grize kleur. It kin wêze dat der swarte spikkeltsjes trochhinne sitte. De bealch, kiel en poaten binne witich.

Woastynmûsgoffers jouwe op it mêd fan biotoop de foarkar oan drûge, iepen woastynkriten, dêr't mar tige krap fegetaasje foarkomt. As grûnsoarte hawwe se it leafst sêfte, alluviale, sânige of sâltige ierde.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De woastyngoffer is in nei alle gedachten yn in grut diel fan syn ferspriedingsgebiet it hiele jier troch aktyf, mar yn súdlik Arizona hâldt er winterdeis in wintersliep. It is yn haadsaak in nachtdier, dat solitêr libbet en syn territoarium fan krapoan 1 ha agressyf ferdigenet tsjin soartgenoaten. Woastyngoffers grave eigen hoalen en kinne sels yn hurde grûn trochkringe troch har dêr mei de tosken in wei trochhinne te biten. Yn 'e regel wurde de hoalen lykwols yn losse, stiennige of sânige of grûn oanlein, sadat der fan soks gjin ferlet is. De hoalen tsjinje as rêstplak oerdeis, mar ek as ûntwyk as der gefaar fan rôfdieren driget, om fretten op te slaan en om jongen te smiten.

Woastynmûsgoffers frette benammen planteknoppen, gerzen en strûken, hoewol't it dieet oanfolle wurdt mei oare griene plantedielen en ek wol mei ynsekten. De peartiid falt foar woastynmûsgoffers by 't maityd. De draachtiid duorret yn trochsneed 23 dagen. De wyfkes kinne yn 'e maityd en simmer ien of mear nêsten smite, dy't elts út 2–5 jongen besteane. Mei 9 dagen komme de toskjes troch en mei 14 dagen geane de eachjes en earkes iepen. In grut diel fan 'e jonge wyfkes is al ier geslachtsryp en rekket drachtich wylst se noch net iens de pels fan in folwoeksen dier hawwe. De libbensferwachting bedraacht foar woastynmûsgoffers likernôch 1 jier.

De woastynmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 6 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e woastynmûsgoffer (Chaetodipus penicillatus):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.