Krieë-Oarloch

(Trochferwiisd fan Slach by Crow Agency)
Krieë-Oarloch

"Krie-Yndianen Besjitte it Agintskip", in print fan Frederic Remington.
datum: 1887
plak: yn it Krieë Yndianereservaat, yn súdlik Montana
útkomst: oerwinning foar de Feriene Steaten
konfliktpartijen
Krieën Feriene Steaten
befelhawwers
Swurddrager Thomas H. Ruger
sterkte
120-150 1.200
ferliezen
8 deaden
9 ferwûnen
9 kriichsfinzenen
1 deade
2 ferwûnen

De Krieë-Oarloch (of Crow-Oarloch) wie in koart duorjende rebûlje tsjin 'e oerhearsking fan 'e Feriene Steaten, dy't yn 1887 plakfûn ûnder de Krie-Yndianen yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana. Dit wie in ynsidint en in anomaly, mei't de Krieën en de Feriene Steaten oer it algemien mei-inoar op tige freonskiplike foet stiene. De opstân waard feroarsake troch misbegryp en wantrouwen tusken in groep jonge krigers en de Yndiaanske agint yn it reservaat, en rûn út op 'e Slach by Crow Agency, wêrby't it mei man en macht útteine Amerikaanske Leger in klinkende oerwinning behelle.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene de Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Rocky Mountains en de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, oanhâldend yn konflikt mei harren measte buorfolken, wêrûnder de Swartfuotten. Oan 'e ein fan 'e maityd fan 1887 krong in groep Swartfoetkrigers it Krieë Yndianereservaat yn súdlik Montana binnen en stiel dêr in keppel hynders fan 'e Krieën. Tsjin 'e winsken fan 'e eigen opperhaden yn sette in jonge medisynman fan 'e Krieën, dy't Bewuollet-Syn-Sturt hiet mar bekend kaam te stean as Swurddrager, yn septimber fan dat jier mei in groep jonge krigers ôf om in tsjinoerfal op 'e Swartfuotten te dwaan.

Neffens it ferhaal soe Swurddrager oan syn namme kommen wêze doe't er in fizioen krige wêryn't him ferteld waard dat hy en syn folgelingen tsjin alle foarmen fan ferwûning beskerme wêze soene as er in swurd (eins in kavalerysabel) meinaam yn 'e striid. Under syn oerfal op 'e Swartfuotten waarden ferskate fijannige krigers deade, en wisten de Krieën harren hynders werom te stellen sûnder dat se sels ferliezen litten, wat it fizioen oer it swurd liek te befêstigjen. Werom yn it Krieë Reservaat woe Swurddrager mei syn oerwinning pronkje foar de Yndiaanske agint Henry E. Williamson, dy't bekend stie om syn ôfkear fan 'e Yndianen (in gefoel dat wjerssidich wie).

It Krieë-Ynsidint

bewurkje seksje

By it saneamde Krieë-Ynsidint rieden Swurddrager en syn mannen op 30 septimber op harren hynders rûntsjes om 'e amtswente fan Williamson, wêrby't se yn 'e loft skeaten om har oerwinning op 'e Swartfuotten te fieren. De agint fielde him lykwols bedrige, en kaam nei bûten ta om Swurddrager en dy syn neiste bystanners yn 'e hechten te setten. Dêrop skeat Swurddrager in pear kûgels yn 'e grûn foar de fuotten fan Williamson, om him te kearen. De agint flechte nei binnen ta en stjoerde in telegram nei Fort Custer, wêryn't er bewearde dat syn wente oanfallen waard. Letter waard yn pleatslike kranten skreaun dat der ek yndie op it hûs sketten wie, mar wat dêr fanoan is, kin no net mear neigien wurde. Neffens de Billings Gazette fan 3 oktober 1887 soene "de wente en it kantoar fan 'e agint trochsingele mei kûgels" west hawwe, mar dat liket perfoarst in skromelike oerdriuwing west te hawwen. Yn elts gefal rekke nimmen by it Krie-Ynsidint ferwûne.

Doe't Swurddrager in pear dagen letter hearde dat er socht waard troch it Amerikaanske Leger, sette er mei in tweintichmannich krigers ôf nei Fort Custer om it leger syn magyske swurd sjen te litten. By it fort seagen de soldaten de oankomst fan 'e krigers lykwols foar in oanfal oan, en sadwaande besochten se harren te besjitten mei kanonnen. No woe it tafel dat it de foargeande nacht slim reind hie, en mei't it krûd wiet wurden wie, wegeren de kanonnen tsjinst. Dat bewiisde oan 'e foar it meastepart noch skeptyske Krieën dat Swurddrager syn magyske sabel wier beskerming bea. Nei de konfrontaasje by it fort, wêrby't op 'e nij nimmen ferwûne rekke, flechte Swurddrager in pear hûndert folgelingen de Bighorn-bergen yn.

It Amerikaanske Leger wie dêr net bliid mei, want men wie bang dat har dêr mear krigers by him jaan soene, benammen út it deunby leine Noardlike Sjajinne Yndianereservaat, mei't de Noardlike Sjajinnen lange tiid ûnfersoenbere fijannen fan 'e blanken west hiene. Underwilens wie der panyk útbrutsen ûnder de Amerikaanske kolonisten dy't om it Krieë Reservaat hinne wennen, mei as gefolch dat hûnderten lju op 'e flecht sloegen. Dêrtroch sieten de opperhaden fan 'e Krieën, dy't altyd war dien hiene om in freonskiplike relaasje mei de Amerikanen te behâlden (wat harren oant dy tiid ta ek altyd slagge wie), mei de hannen yn it hier: de dryste Swurddrager liek yn in pear dagen tiid ôfbrutsen te hawwen wêr't sy jierren oer dien hiene om op te bouwen.

De Slach by Crow Agency

bewurkje seksje

Der waard in militêre ekspedysje optúge om mei Swurddrager en syn mannen ôf te weven. Brigadegeneraal Thomas H. Ruger waard oan it haad pleatst fan 4 kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint, 2 kompanjyen fan it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint, 6 kompanjyen fan it Amerikaanske 1e Kavaleryrezjimint, 1 kompanjy fan it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint en 1 kompany fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, yn totaal tusken de 1.000 en 1.200 man, hoewol't in diel dêrfan ynset waard foar garnizoenstaken yn it Noardlike Sjajinne Reservaat. De ekspedysje hie ek twa Hotchkiss-fjildstikken by him. Ruger syn ûnderbefelhawwer wie kolonel Nathan Dudley. De kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint stie ûnder lieding fan kaptein Myles Moylan, dy't alve jier earder yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn fochten hie.

 
Opperhaad Mannich Kûp, mei sân kriichsfinzenen.

Op 5 novimber 1887 ûntdieken de Amerikaanske troepen it doarp fan Swurddrager en syn oanhingers oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, sa'n 5 km benoarden it âlde slachfjild fan 'e Slach oan de Little Bighorn. Neffens ien eachtsjûgeferslach hie Swurddrager sa'n 3.000 manlju, froulju en bern by him, mar dat liket in hiel heech oantal. Yn elts gefal liet generaal Ruger in ultimatum yn it doarp besoargje, wêryn't er stelde dat al dyjingen dy't har oerjaan woene, oardel oere de tiid hiene om harren besittings oer te bringen nei in beskate hege bjirkebeam yn 'e omkriten fan it doarp, en harren fjoerwapens yn te leverjen. Tsjin 'e tiid dat ultimatum ôfrûn, wiene der noch altyd sa'n 600 Yndianen yn it oarspronklike doarp.

Ruger stelde syn troepen op mei de ynfantery yn 'e midden, de kompanjyen fan 'e 1e Kavalery op 'e lofterflank ûnder kolonel Dudley en de kompanjyen fan 'e 7e en 9e Kavalery op 'e rjochterflank ûnder kaptein Moylan. Om dyselde tiid hinne ferskynde Swurddrager op it slachfjild en late in oanfal fan 120 oant 150 krigers te hynder tsjin 'e Amerikaanske liny. De oanfal waard ôfslein, en de Krieën loeken har werom yn in beboske stripe lân by de rivier lâns, dêr't se yn 't foar in stikmannich skuttersputsjes groeven hiene. De kavalery fierde in sjarzje út, stige ôf en wiksele in hoartsje skotten út mei de Yndianen, oant de Hotchkiss-kanonnen fan 'e heuvel efter de Amerikaanske liny ôf it fjoer op 'e Krieën iepenen. Doe wie dizze Slach by Crow Agency, sa't it gefjocht kaam te hjitten, gau foarby.

Under it gefjocht hie Swurddrager syn mannen besocht oan te moedigjen troch foar de Amerikaanske liny lâns te riden, dêrby fertrouwend op 'e magyske beskerming fan syn swurd. Hy waard lykwols rekke troch in kûgel en foel fan syn hynder. Syn maten holpen him fan it slachfjild ôf en neitiid loek er him mei in lyts groepke fertroulingen fierder yn 'e bergen werom. De opperhaden fan 'e Krieën stjoerden de Yndiaanske plysje efter him oan, en oan harren joech Swurddrager him úteinlik oer. Op 'e weromweis út 'e bergen waard er troch in plysjeman yn 'e holle sketten en sa stânrjochtlik eksekutearre, mooglik op befel of mei meiwitten fan 'e opperhaden.

Yn 'e Slach by Crow Agency hie ien Amerikaanske soldaat de dea fûn, wylst twa oaren ferwûne rekke wiene. Oan 'e kant fan 'e Krieën wiene der sân deaden fallen en njoggen krigers ferwûne rekke. Njoggen fan Swurddrager syn neiste folgelingen waarden kriichsfinzen nommen en nei Fort Snelling, yn Minnesota, ta stjoerd. De Amerikaanske troepen kearden op 13 novimber werom yn Fort Custer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.