De Slach by Naissus barde yn septimber 268 tusken it Romeinske leger, oanfierd troch keizer Gallienus en in leger benammen besteande út Goaten, oanfolle mei Herulen. It wie ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis en it belang fan de oerwinning dy't troch de Romeinen behelle waard wie tige grut. De nederlaach wie sa ferpletterjend foar de Goaten dat se mear as in generaasje noadich hienen om wer op krêften te kommen. Yn dizze slach spilen ek de takomstige keizers Klaudius II en Aurelianus in wichtige rol.

Kaart mei de Goatyske ynvaasje fan Map fan 267-269.

De slach by Naissus wie it gefolch fan in massale ynvaazje troch de Goaten yn it easten fan it Romeinske Ryk ein 267, begjin 268. De Goatyske stammen wienen de Donau–grins oerstutsen en hienen it paad fûn nei de rike provînsje Pannoanje. De Romeinske ferdigeners koenen gjin fûst meitsje en ferskeidene stêden waarden troch de Goaten stoarmenderwiis ynnommen. Efkes wurde der sels freze foar de feiligens fan de haadstêd Rome.

Keizer Gallienus sette him mei it leger tsjin de Goaten en behelle yn 'e maitiid fan 268 in muoisume oerwinning. Mar omdat it Romeinske Ryk slim ferswakke wie troch tsientallen jierren fan yntern skeel en boargeroarloggen, wie it net by steat om de Goaten folslein út de provinsje fuort te jeien. Dêrom koenen de Goaten gewoan trochgean mei plonderjen oant Gallienus him der yn de simmer ta sette om in twadde fjildtocht tsjin harren ta te rieden. Diskear stalde Gallienus in tige mobyl leger gear, gruttendiels besteande út kavalery-ienheden fan meardere legioenen.

De fjildslach

bewurkje seksje

Oan de foarjûn fan de slach fersloech de Dalmatyske kavalery in tûzental Goatyske ruters. Mar by de slach wienen it yn earstoan de Goaten, dy't de Romeinen tebek dreaunen. It Romeinske leger koe him lykwols steande hâlde, en mei help fan de kavalery ûnder lieding fan Aurelianus koe it sels yn de tsjinoanfal. Diskear hienen de Goaten it swier en harren kavalery waard ferslein wêrtroch de slach kantele. De Goaten waarden tebek dreaun en twongen om har werom te lûken yn it basiskamp. By de efterfolging troch de Romeinen stoarte de Goatyske wjerstân yn inoar en sloegen de Goaten op 'e flecht. Yn de gaos dy't doe ûntstie waarden tusken de 30.000 en 50.000 Goaten deade of ferwûne, en tûzenen waarden finzen nommen. In soad fan de finzen nommen Goaten, keas der lykwols foar om tsjinst te nimmen yn it Romeinske leger. Se soenen jierren letter ûnder Klaudius II en Aurelianus súksesfolle oerwinnings behelje. Keizer Gallienus waard al gauris fuortroppen fan it slachfjild, omdat der hieltyd nije opstannen útbrutsen earne oars yn it ryk. Hy sette ôf nei Itaalje wêrtroch't in part fan de Goaten ûntsnappe koe.

De ferneatigende nederlaach, keppele oan it eardere ferlies yn 'e maitiid, bruts de krêft fan de Goaten. Guon koenen noch in skoftke yn it Romeinske Ryk bliuwe oant 271 doe't Aurelianus de lêsten oer de Donau fuortjage. Sûnt dy tiid wienen de Goaten net langer mear in serieuze bedriging foar de Romeinen. De oerwinning wie sa folslein west dat de Romeinen oan de earste helte fan de 4e iuw ta net folle mear te stellen hienen mei dit folk.