Slach om de Skelde

Slach om de Skelde
Part fan de Twadde Wrâldkriich
datum: 2 oktober8 novimber 1944
plak: Noard-Belgje en Súdwest-Nederlân
útkomst: Alliearde oerwinning
konfliktpartijen
Kanada
Feriene Keninkryk
Poalen
Belgje
Nederlân
Noarwegen
Nazy-Dútslân
befelhawwers
Guy Simonds
Harry Crerar
Gustav-Adolf von Zangen
sterkte
60.000 striidkrêften 90.000 striidkrêften
ferliezen
12.873 dea 10.000-12.000 dea

De Slach om de Skelde wie in militêre operaasje yn it noarden fan Belgje en it súdwesten fan Nederlân oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich. De alliearden woenen de Skelde frij fan Dútske striidkrêften meitsje, sadat Antwerpen de wichtichste oanfierhaven foar de alliearde legers wurde soe. De stêd Antwerpen wie foar Operaasje Market Garden al befrijd, mar it gebiet fan de Skeldeútrin oant de stêd noch net.

Nei fiif wiken fjochtsjen waard de slach wûn troch de Kanadezen, Poalen en Britten fan it Kanadeeske 1ste Leger. Trije wike letter waard de haven fan Antwerpen iepene foar de alliearde skipfeart. Hoewol't dizze slach net hiel ferneamd is, wie hy fan grut belang om de alliearde legers fan foarrieden te foarsjen wêrmei't de operaasje op it front yn West-Jeropa trochsetten wurde koe.