Snitser Filmwinter
De Snitser Filmwinter (Nederlânsk en offisjeel: Sneker Filmwinter) is in lytsskalich, fjouwer dagen duorjend filmfestival dat sûnt 2011 elts jier yn jannewaris yn 'e Fryske stêd Snits organisearre wurdt yn en troch CineSneek. Yn 2020 fierde it evenemint syn tsienjierrich bestean.
Snitser Filmwinter Sneker Filmwinter | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
holden yn | CineSneek | |
tiid fan it jier | jannewaris | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2011 – no | |
org. troch | CineSneek | |
offisjele webside | ||
www.cinesneek.nl/filmwinter |
De Snitser Filmwinter jout in oersjocht fan nije en resint útkommen films dy't yn de bioskoop draaie. Dêrnjonken wurde der ek saneamde 'filmhûsfilms' fertoand, dy't normaal sprutsen yn Fryslân net yn 'e bioskoop útkomme soene, en teffens dokumintêres. Fierders binne der lêzings en workshops fan lju út 'e Nederlânske filmyndustry.
Sa waard de Snitser Filmwinter fan 2020 iepene mei in workshop fersoarge troch regisseur Martijn Koolhoven, bekend fan û.o. de komeedzjefilm Het Schnitzelparadijs (2005), de jeugdfilm Oorlogswinter (2008) en de western Brimstone (2016). De workshop fan Koolhoven hie as ûnderwerp de film The Terminator (1984), fan regisseur James Cameron.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|