Sophia Choi
Sophia Choi (Taegu, 1971) is in Súdkoreaansk-Amerikaansk nijslêzeresse, ferslachjouster en sjoernaliste. Hja hat foar in ferskaat om lokale en regionale tillefyzjestjoerders yn 'e Feriene Steaten wurke, en waard ynternasjonaal bekend doe't se tusken 2001 en 2006 nijslêzeresse wie by de nijsstjoerder CNN.
Sophia Choi | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sophia Choi | |
nasjonaliteit | Súdkoreaansk Amerikaansk | |
berne | 1971 | |
berteplak | Taegu (Súd-Koreä) | |
etnisiteit | Koreaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, ferslachjouster, sjoernaliste | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | CNN, lokale stasjons | |
jierren aktyf | ±1992 – no | |
offisjele webside | ||
Sophia Choi op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeSophia Choi waard yn 1971 berne yn 'e stêd Taegu, yn Súd-Koreä. Hja emigrearre op har sânde mei har âlden nei de Feriene Steaten, dêr't se de legere skoalle besocht oan 'e Hollywood Elementary School yn Hollywood, yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Nei it ferstjerren fan har heit, doe't se tolve jier wie, ferfearen Choi en har mem nei Memphis, yn 'e steat Tennessee, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e Briarcrest Baptist High School. Neitiid learde se fierder oan 'e Universiteit fan Missoury, yn Columbia, dêr't se in bachelorstitel yn 'e sjoernalistyk behelle. Yn har studintejierren wurke Choi by it tillefyzjestasjon fan 'e universiteit, KOMU-TV, dat ferbûn wie mei de nasjonale Amerikaanske stjoerder NBC. Se wie ek koarte tiid wurksum by it radiostasjon fan 'e universiteit, KBIA.
Karriêre
bewurkje seksjeChoi sette har karriêre útein by WSET-TV, in lokaal stasjon dat ferbûn wie mei de nasjonale stjoerder ABC, yn Lynchburg, yn Firginia. Dêr wie hja wurksum as algemien ferslachjouster. Neitiid stapte se oer nei WVTM-TV, in lokaal stasjon yn Birmingham, yn Alabama, dat ferbûn wie mei de nasjonale stjoerder NBC. Dêr wurke hja harsels op fan algemien ferslachjouster nei moarnsnijslêzeresse yn 'e wykeinen. Foar in reportaazje fan harres mei as titel Dirty Downloading waard Choi yn har tiid by WVTM-TV nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis.
Letter ferfear Choi nei Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, dêr't se foar it stasjon KCBS-TV wurke, de pleatslike ôfdieling fan de nasjonale stjoerder CBS. Dêr begûn se op 'e nij as algemien ferslachjouster en pleatsferfangend nijslêzeresse, mar krige se al rillegau in promoasje, sadat se yn 'e wykeinen moarns de fêste nijslêzeresse waard. Yn 2001 naam Choi in baan oan yn Atlanta, yn Georgia, dêr't se de nijslêzeresse fan jûnsprogramma's waard by it CNN-konglomeraat. Yn har tiid dêre presintearre hja ferskate nijsprogramma's op 'e stjoerders HLN, CNN USA en CNN International. Mei har wurk foar dat lêste tillefyzjestasjon krige se foar it earst ek bûten de Feriene Steaten bekendheid, temear om't se ek 'grutte' foarfallen behannele, lykas de ravaazje dy't de orkaan Katrina yn 2005 yn New Orleans efterliet en de oarloggen yn Irak en Afganistan.
Yn 2006 naam Choi ôfskie fan CNN. Yn it folgjende jier reizge hja nei Sjanghai, yn 'e Folksrepublyk Sina, op in lêzingstoernee foar de Skoalle fan 'e Sjoernalistyk fan 'e Universiteit fan Missoury. Yn 2007 joech Choi har by KVBC-TV, de pleatslike ôfdieling fan NBC yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Dêr presintearre hja oant 2009 tegearre mei Kendall Tenney de nijsbulletêns First News 3 at Four en News 3 at Six. Fanôf 2010 wie Jeff Gillan har mei-nijslêzer by First News 3 at Four, wylst se foar News 3 at Six oan Jim Snyder keppele waard. Njonken har wurk as nijslêzeresse die Choi yn dy snuorje ek ferslach oer de ûnderwrâld yn 'e stêdekloft Las Vegas, foar it programma Crime Tracker 3.
Op 28 maaie 2010 krige Choi te hearren dat har kontrakt by KVBC net ferlinge wurde soe. Om't se noch in healjier te gean hie en der in útslutingsklausule fan in jier yn har kontrakt ynboud siet, soe se dêrtroch pas ein 2011 by in oar tillefyzjestasjon yn Las Vegas terjochte kinne. Sadwaande seach Choi oars om, en waard se mids 2011 oannommen by WSB-TV yn Atlanta, dêr't se begûn as ferslachjouster. Fan 1 jannewaris 2013 ôf waard se dêr oansteld as fêste nijslêzeresse yn 'e wykeinen foar it Channel 2 Action News, wylst se trochdewyks foar datselde programma as ferslachjouster yn 't spier is.
Choi hat yn ferskate films en tillefyzjesearjes harsels of samar in nijslêzeresse spile. Sa wie se û.m. te sjen yn 'e films Primary Colors en The Torturer en yn 'e searjes Special Unit 2 en Brothers.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |