Stacked (telefyzjesearje)

Stacked wie in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't fan 2005 oant 2006 troch de stjoerder Fox yn 'e Feriene Steaten op 'e tillefyzje brocht waard. It wie in komeedzjesearje oer in boekhannel mei yn 'e haadrol Pamela Anderson. De searje waard nei twa seizoenen stopsetten omreden fan ôffallende sjochsifers. Fan 'e trettjin produsearre ôfleverings waarden der fiif nea op Fox útstjoerd. Werhellings fan 'e hiele searje hawwe sûnt te sjen west op lokale tillefyzjestasjons yn 'e Feriene Steaten en op bûtenlânske stjoerders.

Stacked
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Steven Levitan
útfierend
   produsint
Steven Levitan
Jeffrey Richman
tillefyzjestudio Steven Levitan Productions
20th Century Fox Television
spilers
haadrollen Pamela Anderson
Elon Gold
Brian Scolaro
Marissa Jaret Winokur
Christopher Lloyd
skaaimerken
sjenre komeedzjesearje
seizoenen 2
jierren 20052006
tal ôfl. 13 (wêrfan 5 net útstj.)
spyltiid (ôfl.) 30 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.fox.com/stacked

Titel bewurkje seksje

De titel Stacked is dûbelsinnich en bedoeld as wurdboarterij. It wurd "stacked" betsjut yn it Ingelsk "opsteapele"; yn it gefal fan 'e searje ferwiist dat nei it opsteapeljen fan boeken en ek nei de namme fan 'e boekhannel dy't it dekôr foarmet, dy't nammentlik Stacked Books hjit. "Stacked" is lykwols ek in Ingelske sprektaalterm dy't "mei grutte boarsten" betsjut, en yn dêrmei wurdt yn dit gefal ferwiist nei haadrolspylster Pamela Anderson, dy't om har boarsten bekend stiet.

Produksje bewurkje seksje

Stacked waard betocht troch Steven Levitan en produsearre troch Levitan en Jeffrey Richman foar Steven Levitan Productions en 20th Century Fox Television. De searje waard oanpriizge as it tsjinstelde fan Cheers, de romrofte Amerikaanske komeedzjesearje út 'e 1980-er jierren. Dêryn spile Shelley Long as servearster Diane Chambers in yntelligint persoan yn in 'domme' baan; yn Stacked spile Pamela Anderson as winkelbetsjinde yn in boekhannel in dom persoan yn in 'yntelliginte' baan. De boekhannel dy't foar de searje as dekôr tsjinne, foarme ien set mei trije dielen: de kassa, de tafels en stuollen dêr't klanten kofjedrinke koene, en it kantoar, dat fan 'e rest fan 'e set skaat waard troch in doar. De boekhannel wie foarsjoen fan echte boeken, allegear levere troch útjouwerij HarperCollins, dy't krekt as 20th Century Fox eigendom is fan NewsCorp.

De earste ôflevering fan Stacked waard op 13 april 2005 op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Fox útstjoerd. It earste ferkoarte seizoen bestie út fiif ôfleverings en einige op 18 maaie 2005. Fan it twadde seizoen waarden fjirtjin ôfleverings makke foar't de searje yn 'e twadde wike fan jannewaris 2006 stopsetten waard fanwegen te lege sjochsifers. De lêste ôflevering dy't op Fox útstjoerd waard, wie ôflevering 9 fan seizoen 2, op 11 jannewaris. De fiif folgjende ôfleverings, dy't doe al makke wiene, waarden nea op Fox útstjoerd. Neitiid waard de hiele, njoggentjin ôfleverings tellende searje útstjoerd yn werhellings op lokale tillefyzjestasjons yn 'e Feriene Steaten, en ek yn oare lannen, wêrûnder Austraalje, Brazylje, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Itaalje, Kanada, Noarwegen en Poalen. Yn it Nederlânske taalgebiet waard Stacked útstjoerd troch de Flaamske stjoerder VTM.

Utgongspunt fan 'e plot bewurkje seksje

Haadpersoan fan Stacked is Skyler Dayton, spile troch Pamela Anderson, in pierewaaiende partygirl, dy't har nocht hat fan har neatsizzende libbenstyl en har oanhâldende minne beslissings op it mêd fan 'e leafde. Op it stuit dat se siket nei in manear om har fêstrûne libben hielendal om te smiten, dwaalt se in boekhannel yn dy't eigendom is fan 'e bruorren Gavin en Stuart Miller.

Gavin, in skieden allinnichsteande dy't sels ek nea bot gelokkich yn 'e leafde west hat, sjocht Skyler as it foarbyld by útstek fan 'e leechhollige, troch uterlikheden obsedearre kultuer dêr't er fan griist. Stuart, oan 'e oare kant, is fuortendaliks smoar en biedt Skyler (ta Gavin syn ûntsetting) in baan yn 'e boekhannel oan. Dat liket Skyler in treflike earste stap op it paad nei in oar bestean, dat se nimt it oanbod mei gragens oan.

De iennichste oare wurknimmer fan 'e boekhannel, Katrina, dy't allegeduerigen sarkastysk kommentaar op 'e ferwikkelings jout, is der net sa fan sjarmearre dat se gearwurkje moat mei in frou dy't har kwa uterlik folslein yn it skaad stelt. It fyfde en lêste fêste personaazje yn 'e searje is fêste klant Harold March, in foaroansteand (mar no pinsjonearre) raketwittenskipper, dy't in hâlding fan gewichtigens kultivearret, mar klinkt as ien dy't net doocht sadree't er de mûle iependocht.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Pamela Anderson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Skyler Dayton Pamela Anderson
Gavin Miller Elon Gold
Stuart Miller Brian Scolaro
Katrina Marissa Jaret Winokur
Harold March Christopher Lloyd

Seizoenen bewurkje seksje

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 5 13 april 2005 18 maaie 2005 Fox
2 14 (5 net útstj.) 9 novimber 2005 11 jannewaris 2006

Publikaasje op dvd en ynternet bewurkje seksje

Stacked waard op 12 desimber 2006 troch Fox Home Entertainment útbrocht op dvd. Op 'e skiif stiene alle njoggentjin makke ôfleverings, ek de fiif dy't Fox nea útstjoerde. As bonusfeatures wiene oan 'e dvd tafoege: Nipplegate: Getting Dressed with Pam; Show Us Your Bloopers; en Skyler Dayton's Guide to Dating. Yn july 2015 wiene 18 fan 'e 19 ôfleverings fan Stacked (ynkl. 4 fan 'e 5 net-útstjoerden) te sjen op 'e video-on-demandtsjinst Hulu.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.