Stasjon Almeare Parkwyk (Almp) is in stasjon oan de Flevoline yn Almeare yn it stedsdiel Almeare Parkwyk yn de provinsje Flevolân.
It stasjon waard iepene yn 1996 oan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Harry Reijnders en lyk as alle stasjons oan de Flevoline in fiadukstasjon. Wylst de stasjons Muzykwyk en Bûten gelyk mei de line yn 1987 yn gebrûk naam wurde, is de rûchbou fan stasjon Almere Parkwyk pas njoggen jier letter ôfwurke. Nei oanlieding fan de ûnderfiningen mei de twa earder neamde haltes binne de beide sydperrons foar it grutste part mei glês omsluten en foarsjoen fan romme, op de oerdutsen kuierrûtes yn de keizerlike tunen fan Peking ynspirearre, paviljoeneftige perronoerkapingen. Ek de treppehuzen krigen glêzen wanden. Op it plein ûnder it stasjon kaam yn stee fan it plande loket in kafetaria.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|