Stasjon De Haach Mariahoeve
Stasjon De Haach Mariahoeve (Gvm) is in spoarweistasjon yn de stêd De Haach yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1966 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It is in typysk foarstêdstasjon mei in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, en der binne in pear parkearplakken oanwêzich. Om op de perrons te kommen is der in tunnel ûnder de spoaren troch. Earst hie de tunnel in ienfâldige yngong nei in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma; dizze yngong is yn 1984 ferfongen troch in tangong ferburgen yn in kantoargebou nei ûntwerp fan arsjitekteburo Kraayvanger.
Stasjon De Haach Mariahoeve station Den Haag Mariahoeve | ||
Stasjon De Haach Mariahoeve yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | De Haach | |
plak | De Haach | |
adres | Appelgaarde 127 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Gvm | |
iepening | 22 maaie 1966 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Alde line | |
tramline | 6 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Stasjon De Haach Mariahoeve – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn Kersenboogerd | Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd. |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Stasjon De Haach Mariahoeve – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal. |
6300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Stasjon De Haach Mariahoeve – Leien Sintraal – Heemstede-Aerdenhout – Haarlim | Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|