Stedstsjerke (Lutherstadt Wittenberg)

Stedstsjerke
Stadtkirche
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
landkreis Wittenberg
plak Lutherstadt Wittenberg
koördinaten 51°51' N 12°38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier 1280-1439
boustyl gotyk
Webside
www.stadtkirche-wittenberg.de
Kaart
Stedstsjerke (Saksen-Anhalt)
Stedstsjerke


Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 783
kritearia (iv)(vi)
ynskriuwing 1996 (20e sessye)
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Steds- of Marijetsjerke is in goatyske halletsjerke yn Lutherstadt Wittenberg. De tsjerke is de memmetsjerke fan 'e reformaasje en is ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg.

 
Bekearing fan Paulus, skilderij út 1586.

De tsjerke waard it earst neamd yn in dokumint fan 1187. Der wie oarspronklik nei alle gedachten in houten tsjerke, dy't ûnder it bisdom Brandenburg foel. It hjoeddeiske koer en it súdlik sydskip binne om 1280 hinne boud. Tusken 1412 en 1439 waard it skip ferfongen troch de hjoeddeiske trijeskippige halletsjerke. Yn 'e selde snoarje waarden ek de twa tuorren boud, dy't ynearsten stiennen piramidespitsen hiene. Mei de byldestoarm ûnder lieding fan Andreas Bodenstein waard de hiele ynrjochting ferwidere en ferneatige. Maarten Luther kaam dêrom fan 'e Wartburg werom nei Wittenberg en hold dêr syn ferneamde rige preken, wêrmei't er de reformaasje wer yn goede banen late. De piramidespitsen binne yn 1547 yn 'e Smalkaldyske Kriich ôfbrutsen, sadat der kanonnen op 'e tuorren set wurde koene. Yn 1556 krigen de tuorren de achthoekige spitsen, in oerwurk en in wente foar in toerweitsjer. Dêrnei folge de oanbou fan 'e eastlike gevels en de dêroer lizzende keamer foar de ordinanden.

Nei't de troepen fan Napoleon de tsjerke besetten, waard yn 1811 it ynterieur fan 'e tsjerke ûnder lieding fan 'e boumaster Carlo Ignazio Pozzi fernijd yn neogoatyske styl. Yn 1928 waarden de tafoegings wer foar in part ferwidere, mar it wiene fral de restauraasjes nei de Twadde Wrâldkriich dy't de tsjerke wer it oansjen joegen fan Luthers tiid.

As tarieding yn it ramt fan it yn 2017 fierde 500-jierrich jubileum fan 'e reformaasje waard yn 2010 útein set mei in nije restauraasje. Op 30 novimber 2014 waard de tsjerke wer op 'e nij yn gebrûk nommen. De foltôging fan 'e restauraasje fan 'e tuorren folge yn 'e simmer fan 2015.

 
Reformaasje-alter.

Yn 'e tsjerke stiet in reformaasje-alter út 1547. It middendiel byldet it lêste nachtmiel út mei Jezus en syn learlingen, dy't de gesichten krigen fan bekende herfoarmers. It is skildere troch Lucas Cranach de Alde. Op 'e doarren, nei alle gedachten skildere troch Lucas Cranach de Jonge, steane ôfbylden fan 'e oare twa troch Luther erkende sakraminten: de bycht en de doop. Opfallend is dat de doop betsjinne wurdt troch Philipp Melanchthon, wylst dy gjin dûmny wie en dus ek dat foech net hie. By de bycht wurdt Jehannes Bugenhagen ôfbylde, wylst er absolúsje jout sûnder jild foar in ôflaat te freegjen. Oan 'e predella wurdt rjochts fan 'e krusige Kristus Luther ôfbylde, dy't preket foar de gemeente fan Wittenberg. Under syn harkers is syn frou Katharina von Bora en Lucas Cranach de Alde.

De tsjerke hat fierder net in soad wurk út de tiid fan Luther. De doetiidske preekstoel stiet hjoed-de-dei yn it Lutherhûs. Wol binne der noch in oantal grêfmonuminten en skilderijen fan leden fan 'e famylje Cranach, lykas in portret fan Jehannes Bugenhagen en de Bekearing fan Paulus. Ek it doopfont fan Hermann Vischer de Alde út 1457 stiet noch altiten yn 'e tsjerke.

 
Oargel.

It oargel waard yn 1983 troch Orgelbaufirma Sauer út Frankfurt/Oder boud mei gebrûk fan dielen fan it eardere oargel. It grutte middenfjild fan 'e oargelkast waard fan it oargel fan 1811 oernommen. In pear registers fan it oargel fan 1928 binne ek op 'e nij brûkt. It ynstrumint hat 53, op sleepladen steande registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne meganysk, de registertraktueren en koppels elektrysk.

 
De Judensau fan Wittenberg.

Yn 'e gevel fan 'e tsjerke fan Wittenberg is in reliëf út 1305 te sjen fan in Judensau. Te sjen is in rabby dy't in sûch ûnder de sturt ynspektearret, wylst oare joaden oan it oer fan 'e baarch sûgje.

De tsjerke liet yn 1988 ûnder de foarstelling in betinkingsplaat lizze as warskôging tsjin Joadehaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stadtkirche Lutherstadt Wittenberg