Willem IV fan Oranje-Nassau

(Trochferwiisd fan Steedhâlder Willem IV)

Willem IV Karel Hindrik Friso (1 septimber 1711, Ljouwert22 oktober 1751, De Haach yn Paleis Huis ten Bosch), wie prins fan Oranje en greve fan Nassau-Dietz. Hy wie de earste erfsteedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Hy wie yn syn dwaan en litten in foarnaam, freedsum en minlik minsk, mar hie in soad te krijen mei syn swakke sûnens en in fergroeiing fan de rêch.

Ofbylding fan Willem IV.

Willem Karel Hendrik Friso waard berne yn Ljouwert as soan fan Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz en Maria Louise fan Hessen-Kassel (Marijke-Meu). Troch de fal fan in hynder, yn 1717 yn de tún fan de simmerresidinsje, wienen se efkes bang foar syn libben. Willem IV krige mear as de wenstige opfieding fan aadlike bern. De prins studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer en oan de Universiteit Utert. Willem IV spruts mear as ien taal (ek Frysk) en hie niget oan skiednis; ek yn de fouten fan syn foarteam, sa't er syn heechlearaar melde.

Syn beneaming hie in soad fuotten yn 'e ierde: der wienen kapers op de kust, en dêrby binne de boarnen net lyklûdich: elke auteur seit wat oars.[1][2][3] Der kin oannomd wurde dat hy yn novimber 1722 yn Gelderlân beneamd waard, mar earst hie hy er allinnich de titel en de talage.[4] Yn 1726 waard him in plak yn de Rie fan Steat wegere troch de net-steedhâlderlike provinsjes. De ûntfangst fan de prins trije jier letter yn De Haach wie tige koel. Mar Drinte en Grinslân soenen him yn 1729 en Fryslân yn 1731 ta steedhâlder beneamd hawwe.[5] Sûnt dy tiid wie hy yn feite de heechste amtner fan dizze gewesten.

 
In jonge Willem IV mei syn mem en suster

Al yn 1721 wie der sprake fan in houlik mei Anna fan Hannover. De Ingelske ambassadeur William Cadogan, de earste greve Cadogan, dy't mei Margaretha Cecilia Munter troud wie, spile mooglik in grutte rol. De ûnderhannelingen foar it houlik fan Prinses Anna mei de Nederlânske foarst soene tolve jier duorje. Soks kaam meast troch de ynternasjonale polityk. Nei de dea fan Kening-Steedhâlder William/Willem III, yn it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek, wienen Pruisyske en ek Ingelske diplomaten en juristen drok dwaande om foar harren foarst oanspraak te meitsjen op de begearlike titel 'Prins fan Oranje', mei alle hjirby hearrende emoluminten en besittings. Doe't de erfenis fan steedhâlder Willem III regele waard yn in geheim ferdrach, bekend as it (Traité de partage) en Willem Karel Hendrik Friso as kening Frederik Willem I fan Pruisen as Prins fan Oranje erkend waarden, mar de earste de measte besittingen krige - Willem die ôfstân fan Greefskip Lingen en Moers - en de twadde nei't sein waard de measte skulden, rûn syn wearde op de houliksmerk op. Op 21 oktober 1733 gie hy foar it Gerjocht fan Ljouwert yn ûndertrou.[6]It houlik dat steld wie yn novimber 1733 waard útsteld, omdat de bemuoienissen fan syn takomstige skoanheit George II mei de Republyk net op priis steld waarden. Willem waard, mei troch alle alteraasje, siik en gie nei it kueroard Bath. Pas inkele moannen letter wierd er genôch opknapt om te trouwen.

Händel, dy't Anna en har jongere sussen klavesimbel- en muzykles jûn hie, en har as syn bêste learling beskôge, komponearre ta gelegenheid fan it houlik syn Serenata Il Parnasso in Festa (HWV 73), wêrfoar't dielen út Athalia (HWV 52) brûkt binne. Op 25 maart 1734 troude it pear yn de Frânske kapel fan it Paleis fan St. James. Händel komponearre hjirfoar, op in tekst fan Prinses Anna (nei twa psalmen), it antem This is the day the Lord hath made (HWV 262).

Yn Amsterdam waard it pear op 8 maaie 1734 mei sa'n bytsje animo ûntfongen troch boargemaster Lieve Geelvinck, dat it paar al nei in heal oere besluet om troch te reizgjen nei Ljouwert.

Yn Ingelân wie hy troch de universiteit fan Oxford mei in eare-doktoraat betocht en trede hy ta ta de Frijmitselderij. By syn weromkommen yn de Republyk ûntstienen ek lôzjes yn De Haach en Ljouwert. Sa hie hy in eigen hoflôzje "Antiqua Virtute et Fide" yn Ljouwert.[7] Syn kok Vincent la Chapelle wie dêrmei anneks.

As steedhâlder

bewurkje seksje
 
Steedhâlder Willem IV

Yn 1740 bruts fannijs de Eastenrykske Suksesjeoarloch út, wêryn Eastenryk en Frankryk foar elkoar oer stiene. De Republyk keas yn 1747 de kant fan Eastenryk, om sa in buffersône tusken de republyk en Frankryk yn stân te hâlden, wêrnei't Frânske troepen de súdlike Nederlannen binnenfoelen. Yn in pear wike tiid feroveren de troepen fan Loadewyk XV de wichtichste plakken yn Siuwsk-Flaanderen. Yn panyk waard de prins op 2 maaie 1747 beneamd as Kaptein-Generaal en Steedhâlder fan alle gewesten fan de Republyk. Oer syn foegen koe Willem it nei in oantal kearen net iens wurde mei de Steaten-Generaal.[8] Se leinen him in ynstruksje foar dy't lyk wie mei dy út de Uny fan Utert. Willem woe allinnich de eed ôflizze op de ynstruksje fan syn foargonger Willem III.

Op 11 maaie 1747 die de prins syn yntree yn Amsterdam. As begroeting wienen net allinnich de boargemaster, mar ek alle predikanten oanwêzich. Wa't gjin oranje droech rûn de kâns yn de grêft dondere te wurden. Sels de hyns en ek de oksen op wei nei de slachter wienen der mei fersierd.[9] Yn novimber fan datselde jier folge ferheffing ta erfsteedhâlder fan de Republyk, wêrby't ek de opfolging yn froulike line regele waard, want Willem IV hie doe allinnich mar in dochter. Hjirmei kaam in ein oan it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek. De organisator wie de porseleinferkeaper Daniël Raap, in reedlik Doelist, dy't de Oranjegesinde befolking mobilisearre.

Yn 1748, inkele moannen nei de berte fan syn soan Willem Batavus, ûntstie it Pachtersoproer. Raap, dy't him fersette tsjin de reginten - fan âlds tsjinstanners fan in rol fan de Oranjes yn it Nederlânske steatsbestel - oerlei meardere kearen mei de prins en syn frou. Yn in soad stêden waarden ferskate boargemasters en froedskipsleden ferfongen. In striidkwestje wie syn beneaming fan de Grinslanner jonker Rudolf de Mepsche ta drost fan Westerwâlde.[10]

 
Willem IV mei syn frou en bern, koart foar syn ferstjerrren

Syn wichtichste riejouwers wiene greve Bentinck en Mattheus Lestevenon. Yn de nije regearingsregleminten krige de erfsteedhâlder mear ynfloed op de beneamingen. In soad ôfsette froedskipsleden krigen lykwols nei ferrin fan tiid harren setel werom. In beslút dat him net yn dank ôfnomd waard; de positive stimming ûnder de befolking foar de prins oer sloech finaal om, neffens Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern yn in brief oan syn nicht Maria Theresia.

Willem krige te krijen mei in weromrinnende ekonomy. It krewearjen om de hannel oan te trúnjen troch it ynstellen fan in frijhaven, rûn troch tsjinwurking fan de admiraliteitskolleezjes op neat út. De bankier Thomas Hope en de polityk ekonoom Isaac de Pinto leanne hy mei respektyflik in funksje yn de WIC en VOC.

Willem IV stelde in soad belang yn in oanstelling fan Loadewyk Ernst, hartoch fan Brunswyk-Wolfenbüttel doe't syn sûnens efterút gie. Anna fan Hannover nom de rinnende saken oer. Willem IV stoar op 22 oktober 1751 yn De Haach nei in kuer yn Aken. De beierdiging wie op 4 febrewaris 1752 yn de grêfkelder fan de Oranjes yn Delft. De erfsteedhâlder waard opfolge troch syn trije jier âlde soan. Anna fan Hannover naam de lânssaken waar oant 1759; Fryslân beneamde har skoanmem Marijke Meu, dy't de funksje fan regintesse útoefene oant 1765.

Ut it houlik fan prins Willem en prinsesse Anne waarden berne:

  • Om 1750 soe Willem by in ûnbekende frou in Willem Hindrik fan Nieuwkerke († 1820) oansetten hawwe.
  • Sjoen de ûnderstelde ympotinsje (dy't feroarsake wêze soe troch fimosis of foarhûdfernauwing, wêrtroch't hy net ta geslachtsmienskip yn steat wie) fan Willem IV en de sprekkende likenis wurdt as natuerlike heit fan Willem V ek neamd: Douwe Sirtema fan Grovestins (1710-1778).
  • Yn de histoaryske roman Ik, Anna beskriuwt Lida Dykstra hoe't Anna fan Hannover oan de sike Willem, dy't djip sliept, har libbensferhaal fertelt. De roman jout in moai byld fan in houlik út leafde yn in wrâld fol machtspolityk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
>
  1. Willem IV soe earst yn 1736 mearderjierrich wurde. Alle beneamingen wienen mooglik in soarte fan yntinsjeferklearrings.
  2. Neffens Nijhoffs leksikon wie Willem IV by syn berte daliks steedhâlder fan Fryslân, folge Grinslân yn 1718 en Drinte en Gelderlân yn 1722.
  3. Neffens de Oosthoek (1917) waard hy yn 1720 yn Gelderlân, yn 1729 yn Grinslân en 1731 yn Fryslân beneamd.
  4. Dizze tastân duorre oant 1750. Porta, A. (1975) Johan en Gerrit Corver, side 199
  5. Encyclopedie van Friesland (1953)
  6. Tresoar - Frysk Histoarysk en letterkundich Sintrum
  7. Kwaadgras, E. (2003). Overzicht van Loges. Grootoosten der Nederlanden. Den Haag:Orde van Vrijmetselaren onder het Grootoosten der Nederlanden. side 286.
  8. 3.01.22 - Inventaris van het archief van Anthonie van der Heim, (1710) 1737-1746
  9. Evenhuis, R.B. (1974): Ook dat was Amsterdam, diel IV, side 282.
  10. As grytman wie dizze yn 1732 (?) yn syn rjochtsgebiet ferantwurdlik foar de ferfolging, marteling en eksekúsje fan 22 manlju op beskuldiging fan sodomy of homoseksualiteit.