Steelo Brim (wiere namme: Sterling Brim; Chicago, 5 juny 1988) is in Amerikaansk presintator, akteur en realitystjer fan mingd Afro-Amerikaansk en Iersk etnysk komôf. Hy is benammen bekend wurden troch syn gearwurking mei presintator, realitystjer, tillefyzjeprodusint, akteur en profesjoneel skateboarder Rob Dyrdek oan 'e ynternetfilmkesrubryk Ridiculousness.

Steelo Brim
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sterling Brim
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 juny 1988
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Iersk
wurkpaad
wurksum as presintator, akteur, realitystjer
medium tillefyzje, radio
wurksum by MTV
bekend fan Ridiculousness
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Brim is hikke en tein yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dêr't er yn 1988 berne waard. Sawol syn heit as syn mem is predikant, en hy hat ien suster en ferskate bruorren. Yn 2001 hie Brim mei trettjin jier in lyts roltsje yn 'e film Hardball, en yn 2011 spile er Ulysses Williams yn 'e koarte film Orange Drive. Underwilens wied er yn 2007 mei njoggentjin jier nei Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, ferfearn, dêr't er hope mear kânsen op wurk te hawwen.

Brim stribbe in karriêre yn 'e muzykyndustry nei en wurke foar de radio en yn administrative funksjes, oant er yn 2011 yn 'e kunde kaam mei presintator, realitystjer, tillefyzjeprodusint, akteur en profesjoneel skateboarder Rob Dyrdek. Dy frege him datselde jiers noch om yn 'e mande mei himsels en presintatrise, model, aktrise, rapper, lietsjeskriuwster en realitystjer Chanel West Coast de presintaasje te dwaan fan 'e ynternetfilmkesrubryk Ridiculousness. Dat betsjutte foar Brim de trochbraak en makke him ek bûten de Feriene Steaten bekend. Sûnt 2015 is er ek kreätyf produsint fan Ridiculousness.

Brim hat ek meiwurke oan oare projekten fan Dyrdek. Sa wied er belutsen by de lêste seizoenen fan it realitytillefyzjeprogramma Rob Dyrdek's Fantasy Factory, en teffens wied er yn 2012 en 2013 aktyf as stimakteur foar de tekenfilmrige Wild Grinders, wêrby't er syn stim liende oan it personaazje Meaty.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.