Steppelemming
De steppelemming (wittenskiplike namme: Lagurus lagurus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e steppelemmings (Lagurus), dêr't er de iennichste libbene soarte fan is. Hy komt foar op 'e steppen fan eastlik East-Jeropa, Sintraal-Aazje en súdlik Sibearje. Hy hat wol wat fan 'e bekendere berchlemming (Lemmus lemmus), hoewol't dy in oare tekening hat en ta in oar skaai heart.
steppelemming | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lagurus lagurus | ||||||||||||
Pallas, 1773 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeYn Jeropa is de steppelemming lânseigen yn 'e súdeastlike Oekraïne en súdlik Ruslân, hoewol't er ûntbrekt yn 'e Koeban. Yn Aazje komt er foar yn súdwestlik en dielen fan súdlik sintraal Sibearje, yn noardlik en eastlik Kazachstan, it uterste easten fan Kirgyzje en dielen fan Sinkiang-Oeigoerje en westlik Mongoalje. Fossile resten fan dizze soarte binne oant yn Grut-Brittanje weromfûn, wat bewiisd dat syn prehistoarysk ferspriedingsgebiet folle grutter west hawwe moat as dat it hjoed de dei is. Sa't syn namme al seit, libbet de steppelemming benammentlik op steppen en yn woastyneftige kontreien. Yn 'e Oeral komt er ek yn 'e bergen foar.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe steppelemming is in lyts, robúst kjifdier mei trochinoar in kop-romplingte fan 8-12 sm, in sturtlingte fan ⅔-2 sm en in gewicht fan 25-35 g. Wat lichemsfoarm en grutte oanbelanget, is er de bekendere berchlemming (Lemmus lemmus) net wanlyk, mar hy hat in oare tekening, mei in frij unifoarme kleur brunich griis dy't wat ljochter útskaait op 'e bealch, en dy't op 'e rêch ûnderbrutsen wurdt troch in swarte streek dy't him yn 'e lingterjochting oer de wringe rint. Syn pels is langhierrich en wetterticht, en bedekt sels syn earen en teannen, wat de steppelemming by steat steld om waarm te bliuwen yn 'e kjeld dy't de Jeraziatyske steppe winterdeis yn 'e besnijing hâldt.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe steppelemming is strikt nommen gjin nachtdier, hoewol't nachts wol aktiver is as oerdeis. It is in bist dat yn koloanjes libbet en boargen graaft mei in protte yn- en útgongen en in wiid fertûke gongestelsel, dat oant 90 sm djip wêze kin. Fral oerdeis libbet er fierhinne ûndergrûnsk en komt er mar foar koarte hoartsjes bûtendoar. Under geunstige omstannichheden kinne steppelemmings har it hiele jier troch fuortplantsje. Wyfkes bekleie de nêstkeamers mei drûge gers, en kinne wol seis nêsten jiers smite, mei 5-12 jongen per kear. Om't dy jongen mei 6 wiken sels ek geslachtsryp binne, kin de steppelemmingpopulaasje sterk fluktuëarje, ôfhinklik fan it klimaat en de beskikberens fan fretten. Yn jierren dat de populaasjedruk yn in beskaat gebiet te heech wurdt, komme der massale migraasjes foar. Steppelemmings hawwe in poer plantaardich dieet en frette inkeld sied, leaten en blêden. Ek lânbougewaaksen as nôt binne se net te tier foar.
Status
bewurkje seksjeDe steppelemming hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Yn dielen fan Kazachstan en Ruslân, fral yn súdlik Sibearje, wurdt er as ûngedierte beskôge, om't er dêr faak grutte skea tabringt oan lânbougewaaksen troch se oan te fretten.
Domestisearring
bewurkje seksjeSteppelemmings wurde ek wol as hûsdier holden. Feitliks is it de meast algemien holden domestisearre wrotmûzesoarte, dy't fral yn Jeropa populêr is. Yn Noard-Amearika wurdt er noch altyd as eksoatysk beskôge. Yn finzenskip kinne steppelemmings mear as twa jier âld wurde, mar dat helje se yn 'e regel net om't se faak by fersin net goed behannele wurde. Sa sette eigners de bistkes faak mei de bêste bedoelings gewoan kjifdierefoer foar, dêr't stikjes fruchten en oaljerike siedden as sinneblompitten yn sitte. Mar om't sok fretten yn har natuerlike habitat net foarriedich is, kinne steppelemmings dêr net goed oer, en binne se fan natuere in bytsje sûkersiik. Fan in sûkerryk dieet reitsje se sadwaande op 'en doer siik en kinne se der sels oan dea gean. Ek moat men derom tinke dat se net fan grutte hichten falle kinne, want om't de steppen frij flak binne, hawwe se gjin goede ynskatting fan hichten en fan 'e gefaren dy't dêrmei mank geane. It is de baas om de bistkes yn groepkes te hâlden, want om't se sosjaal binne, kwine se wei as se allinnich holden wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|