Stifting Monuminten De Waadhoeke

De Stifting Monuminten De Waadhoeke (Nederlânsk en offisjeel: Stichting Monumenten Waadhoeke) is in Fryske stifting op it mêd fan monumintesoarch yn 'e gemeente De Waadhoeke. De organisaasje waard yn juny 1994 oprjochte as de Stifting ta Behâld fan Monuminten yn de Gemeente Frjentsjerteradiel (offisjeel: Stichting tot Behoud van Monumenten in de Gemeente Franekeradeel). De grutste monuminten dy't de stifting doedestiden yn besit hie, wiene fiif tsjerketuorren.

Stifting Monuminten De Waadhoeke
Stichting Monumenten Waadhoeke
algemiene ynformaasje
hist. namme St. ta Behâld fan Monuminten
yn 'e Gem. Frjentsjerteradiel
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd monumintesoarch
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 1994
offisjele webside
www.stichtingmonumentenwaadhoeke.nl

Doe't per 1 jannewaris 2018 de nije gemeente De Waadhoeke ûntstie út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt en fjouwer doarpen fan Littenseradiel, giene de monumintestiftings fan Menameradiel en It Bilt op yn 'e monumintestifting fan Frjentsjerteradiel. Dy waard doe omneamd ta Stifting Monuminten De Waadhoeke.

Begjin desimber 2019, doe't de Stifting Monuminten De Waadhoeke syn 25-jierrich bestean fierde, hie de organisaasje 21 ryksmonuminten yn besit en wiene de ûnderhannelings om nochris twa oer te nimmen fierhinne berêden. It giet dêrby om 12 tsjerketuorren, 4 molen, it Nôtdragershúske yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, it poartegebou fan Liauckamastate yn Seisbierrum, 4 teehúskes op it Frjentsjerter bolwurk en it stek fan 'e Noarderpoarte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Jubileum Stichting Monumenten Waadhoeke, yn: de Frjentsjerter Krante, 4 desimber 2019, s. 1.