Fersen fan Minne

(Trochferwiisd fan Strofische Gedichten)

Fersen fan Minne, yn it oarspronklike Nederlânsk: Strofische Gedichten, is in samling fan 45 mystike leafdesdichten fan 'e Midsiuwske dichteresse, skriuwster en mystika Hadewych. De gedichten waarden om 1240 hinne skreaun yn it Brabânske dialekt fan it Midnederlânsk en der is gjin gebrûk foar makke fan in boarnetekst.

Fersen fan Minne
algemiene gegevens
oarspr. titel Strofische Gedichten
auteur Hadewych
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre lyryske gedichten
skreaun ±1240
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fersen fan Minne
publikaasje 2001, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 07 35 54 721
It earste fan Hadewych har Fersen fan Minne. Hânskrift te Gint, UB, 941, f. 49r.

Wol waard Hadewych dúdlik beynfloede troch de Midsiuwske minnelieten fan 'e trûbadoers, dy't de hoaske leafde ta ûnderwerp hiene. Mar hoewol't de chansons fan 'e trûbadoers ornaris de leafde fan in ridder of ealman foar de frou fan syn lienhear fertolken, longeret Hadewych nei de Leafde (Minne) sels, dy't hja min ofte mear as in ferpersoanliking fan God sjocht.

Undersyk fan Frank Willaert hat oantoand dat men de Strofische Gedichten sjonge kin, en dat by de measten derfan sels frij goed oan te tsjutten is hokker sjongwize oft Hadewych dêrby op it each hie.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Strofische Gedichten ferskynde yn 2001 ûnder de titel Fersen fan Minne by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert, yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e Boelstra-Olivier Stichting, de Boersma-Adema Stichting, de P.W. Janssen's Friesche Stichting, de Stichting Juckema-Siderius Fonds, de Douwe Kalma Stifting, it Arjen Witteveen Fûns en de provinsje Fryslân.

De Fryske fertaling en ek de ynformative ynlieding binne fan 'e hân fan Klaas Bruinsma te Aldemardum, dy't, te sjen oan 'e datearring fan syn ynlieding, der yn juny 1999 al dien wurk mei makke hie. Yn syn ynlieding makket Bruinsma û.m. melding fan Douwe Kalma syn Sangen fen Hadewych, út 1919 en 1920. Kalma hat mei it wurdsje "fen", dêr't er blykber mei bedoelde "ta earbetoan fan", aardich wat lju op 'e doele brocht. It giet hjirby lykwols net om oersettings fan Hadewych har gedichten, mar om oarspronklik wurd fan Kalma sels. Dêrmei is Bruinsma dus de earste oersetter fan Hadewych yn it Frysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hadewych, Fersen fan Minne, Ljouwert, 2001 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 721).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Sources, op dizze side.