Swannerjocht
It swannerjocht wie in rjocht út de 16e, 17e en 18e iuw dat foarbehâlden wie oan greven en oare eallju. It rjocht makke it mooglik om swannen te hâlden en ôf te sjitten. Swannefleis gou foarhinne as in delikatesse. Lykas it fangen fan einen yn einekoaien wie it iten fan swannen heul gewoan. It swannerjocht waard sjoen as in weardefol en begeard beist. Der wie letter minder fraach meidat swannefleis swier fertarber is.
Der gouwen strange regels foar it hâlden fan swannen. Der is in Frysk swanneboek bewarre bleaun út 1529 fan plomgreve Nicolai dy't fêstlei hokker famyljes it swannerjocht hienen.
Swannerjocht yn Fryslân
bewurkje seksjeYn de Midsiuwen wienen it yn Hollân de greven dy't it swannerjocht hienen. Yn Fryslân mochten eallju mar ek de frije boeren it rjocht hawwe om swannen te hâlden. Yn 1399 waard yn it soen fan Albrecht fan Beieren mei de Friezen fêstlein dat 'elc man zwanen ende Vogelen te houden nae synre genuechte'. Om 1500 stelde Albrecht fan Saksen de eask dat 'alle die swaenen den hertog zouden worden toegewezen' mar dêr gienen de friezen net mei akkoard. Wol wurdt foar it earst in plomgreve oansteld ta tafersjoch hâlde moast op de swannehâlderij. Oer it rjocht op swannerjocht waarden sels rjochtssaken hâlden. Yn 1740 waard der in konflikt foar it Hof yn Ljouwert tusken Jacob Tjallings en de famylje Nijdam, de eigeners fan Douma- of Ludringastate ûnder Akkrum. Jacob Tjallings hie as meier fan de Beslingastate yn Friens de soarch foar de swannen yn dat jachtgebiet. Trije jonge swannen wienen ôfdreaun en Jacob dreau se dêrom werom nei de slotgrêft fan Beslinga. De famylje Nijdam (Claes, Nenke en Sibbeltie) betwiste Jacob it eigendom fan de swannen, mar de rjochter stelde Jacob Tjallings yn it gelyk. De grinzen fan de swannejachtenwienen ek net skerp ôftekene.[1]
Yn de Súdwesthoeke wie de swannehâlderij wat fan de gewoane man mar yn Eastergoa hienen allinnich de eallju it rjocht. De jurist Botte fan Holdinga út Eanjum skreau tusken 1564 en 1570 yn syn 'De origine antiquitate et situ Phrisiae' dat de famyljs Cammingha, Eisinga, Tjaerda en Holdinga de rjochten dêr yn hannen hienen. [2]. Yn Noardeast Fryslân wienen folle minder foarbylden:
- Burgum: Groustinsstate, Sminia
- Dantumawâld: Botniastate, Doniastate
- Driezum: Rinsmastate (letter yn eigendom fan Dirk Scheringa)
- Eanjum: Holdingastate
- Hallum: Tjaerda
- Ie (Ald Terp): Obbemastate [3]
- Rinsumageast: Eysingastate, Tjaerdastate
De famylje Kingma hat troch it swannerjocht en in swan yn it famyljewapen en is ferbûn mei de famylje Fogelsangh. De famylje Fogelsangh yn Boerum (op Eisingastate) en yn Feankleaster op Fogelsanghstate hienen ek it swannerjocht. Yn it Frysk Museum is noch in orizjinele sulveren swannering mei it wapen Fogelsangh (1647). Dêrop stie ek noch in swan ôfbylde. [4].
Swannerjocht yn Grut-Brittanje
bewurkje seksjeYn Grut-Brittanje wurdt alom oannomd dat alle swannen it eigendom binne fan de regearjend foarst. Yn werklikheid is dit tradisjonele eigendomsrjocht beheind ta knobbelswannen yn iepen wetter en wurdt it allinnich yn acht nomd op bepaalde dielen fan de Teems en de wetters tusken Windsor en Abingdon. [5]
Literatuer
bewurkje seksjeBy Tresoar binne noch mearder swanneboeken [6], mei dêryn ôfbylden fan de merken op de swannepoaten en snaffels dy't elke eigener op syn eigen manier, as in soarte húsmerk der op sette. Hjirmei koe fêststeld wurde wa't de eigener wie. In foarbyld stiet ek yn it swanneboek út 1529 fan plomgreve.
- boekje fan Goslick Heerma, grytman fan Wûnseradiel, anno 1574.
- boekje fan Barthold Tjaerda fan Starkenborgh, anno 1635.
- Swaene-boeck Anno 15.. mei merken fan Tjerk en Pieter fan Heerma en Burmania.
- Swane Boeck, yn perkamint ynbûn, 22 siden.
- in troch Frans Machet ûndertekene boekje út it Eysinga argyf, anno 1638.
- swanneboek fan 55 siden mei as lêste ynskreaune J.M. van Beyma thoe Kingma († 1847).
- Vincken moeten vincken lokken: vijf eeuwen vangst van zangvogels en kwartels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|