Obbemastate wie in state oan de noardkant fan Aldterp ûnder Ie, gemeente Dongeradiel. Op it steed stiet no in stjelp.

Tibben en Obbemastate (ûnderoan) op de kaart fan Schotanus, 1718
Obbemastate yn 2010

Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Eastlik fan Tibma leit de beskerme terp Alde Terp, dy't yn de 7e iuw ûntstien wêze kin. Mooglik wennen dêr Eesk en Ulbeth Ubbema, dy't yn 1436 oanspraak makken op Siaerdagoed en -stins en earder by in fete belutsen wienen. Ek de tichtby lizzende Kolken en Tibma wurde yn de betreffende oarkonde neamd.

Yn 1511 wienen Take Heemstra en syn soan Poppe Obbema yn de omkriten fan Oudterp gegoede. Take Obbema alias Heemstra wie troud mei Auck Feyes Heemstra.([1]) Hy sluet him yn 1495 oan by it bûn mei Grins; yn 1505 waard er neamd ûnder de Fryske "edelingen". Yn 1511 ferpachte hy 136 pûnsmiet yn 'to Older Torp'. Tagelyk brûkte syn soan Poppe Obbema 111 pûnsmiet ûnder Ie. Yn 1512 waard Obbema beset troch Saksyske troepen fanwegen it geroft dat de greve fan East-Fryslân fan plan wie dit goa oan te fallen. Benammen Dokkum rûn gefaar. Op 30 maaie 1516 waard Poppe Obbema by in gefjocht yn Rinsumageast yn syn earm sketten en ferstoar oan de gefolgen dêrfan. Hy wie troud mei Teth fan Unia.

Fia Poppe syn pakesizzer Teth fan Eminga, troud mei Lieuwe fan Wytsma fan Burdaard, fererve Obbema op de Wytsma's. Lieuwe en Teth krigen leafst 17 bern, dêr't lykwols 8 fan al tige jong stoaren. Se bleaunen Roomsk en moasten dêrom yn 1580 nei it bûtenlân flechte. Syn goed waard yn beslach nomd. Lieuwe ferstoar yn ballingskip yn 1619 yn Leuven. Teth gie werom nei Fryslân en krige de yn beslach nommen eigendommen werom. Hja hâlde in soad ta yn harren hûs yn Dokkum. Se ferstoar op 15 desimber 1624 yn de âldens fan 81 jier op Obbemastate en waard begroeven yn de tsjerke fan Ie.

Harren soan Douwe Gerryt fan Wytsma troude yn 1599 mei Biuck fan Bawema. Neffens in keapakte út 1622 waard Douwe eigener en bewenner fan de state. Yn it stimkohier fan 1640 komt "Jr. Gerrolt van Wytsma" foar as eigener en bewenner. Nei harren dea yn 1652 soe it slot oan in soan komme, mar dy wie wyls stoarn en it goed waard eigendom fan syn widdo. Dochter Maria Clara fan Wytsma, nûmer 13 fan de bernerige, kocht it hûs yn 1656 fan har skoansuster en sette har yn de state nei wenjen. Yn it konsintboek (in soarte notarieel register) stiet: "Consent op de coop van sekere State en Sate Obma genaamt, groot 99 pondematen sullende het slot met het Stins, Toorn, huysinge, schuyr, schip- en wagenhuys, watermolen, zingel, gracht, zingelopreed en tuyn in de Coopsomma worden versmolten, bezwaard met agt en twintig florenen.". Fan Maria Clara is gjin houlik bekend en ek gjin bern. Fermoedlik hat se dêrom yn 1677 "Obma State te Outterp, groot 99 pondematen, soo bouw- als greidtlandt ende de Adlicke Stins, huijsinge, schuijre, poorten, gragten, zingel, bomen en plantagie sampt watermolen en swanejagt" ferkocht oan Tierck Hendricks Banga, boarger yn Ljouwert, en syn frou Antie Jans. Ien en oar lykwols ûnder it betingst dat de grêven yn de tsjerke by de state hearden yn eigendom fan de ferkeapster bliuwe soene.

De kaarten van Schotanus (1698) en Halma (1718) jouwe noch in aadlike state. Yn it floreenkohier fan 1700 wurdt it noch as Obma Stathe fernijd mei 100 pûnsmiet lân, mar nei 1677 binne der gjin skriftlike fermeldingen mear fan it bestean fan in stins of state.
Yn 1700 is de stim dy't op Obbemastate leit yn hannen fan Henricus fan Wijckel as kurator oer Elisabeth Bosman. Elisabeth waard om 1686 berne as dochter fan Cornelis Bosman en mooglik Goske Dircx. Hy wie notaris yn Mitselwier en ek sekretaris en fiskaal fan Eastdongeradiel. Lukrative funksjes dy't him by steat stelden om is soad ûnreplik goed te sammeljen, ûnder oare de states Obbema en Aebma te Ie. Nei it ferstjerren fan syn earste frou troude Cornelis yn 1701 mei Jaycke fan Wyckel, dochter fan dr. Henricus fan Wyckel. Dr.Henricus fan Wyckel út Ljouwert waard op 25-2-1675 ûntfanger-generaal fan Fryslân, op 10-3-1677 sekretaris fan de rekkenkeamer en op 12-4-1679 sekretaris fan de Steaten. Hy wie grytman fan Gaasterlân fan 19 novimber 1706 oant 1710 doe't hy opfolge waard troch syn soan Regnerus. Henricus wie dêrtroch in man mei in soad ynfloed en doe't syn skoansoan Cornelis Bosman yn 1702 ferstoar en syn ‘styfpakesizzer’ de (tenminsten 7) stimdragende pleatsen en in soad los lân fan har heit erfde, wie er de oanwizen persoan om har belangen te behertigjen.
Yn 1728 is syn soan Regnerus Annaeus Lycklama fan Wyckel eigener fan Obbemastate. Regnerus folge syn heit op as grytman fan Gaasterlân op 10 febrewaris 1710 en bleau dat oant 1756. Yn 1748 waard er lid fan de Steaten fan Fryslân. Om 1710 troude Regnerus mei nimmen oars as de begoedige beskermeling fan syn heit: Elisabeth Bosman. Doe't Elisabeth yn 1722 ferstoar waard Regnerus eigener fan in grut part fan har besittings, al as net út namme fan harren twa dochterkes Dodonea en Aurelia fan Wyckel.

De kadastrale minút út 1832 lit noch in pleats fan it kop-hals-romptype sjen, mar dy waard yn 1878 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske stjelppleats.

  • 1436 Eesk en Ulbeth Ubbema (?)
  • 1511 Take Obbema alias Heemstra en Auck Feyes Heemstra
  • 1580 Lieuwe van Wytsma en Teth fan Eminga
  • 1622-1652 Douwe Gerryt fan Wytsma en Biuck fan Bawema
  • 1656 Maria Clara fan Wytsma
  • 1677 Tierck Hendricks Banga en Antie Jans
  • Cornelis Bosman en Goske Dircx
  • 1698-1722 Elisabeth Bosman
  • 1722-1756 Regnerus Annaeus Lycklama fan Wyckel
  • 1758 "rintmaster Haersma"
  • 1768 Tjeerd Bartels
  • 1778 Tjeerd Bartels widdo
  • 1788 Tjeerd Bartels bern
  • 1818 Bote en Antje Tjeeds Obma
  • - 1837 erven Gerben Jacobs Obma
  • 1837 Tjerk Sytses Hiemstra
  • - 1857 erven Age van der Nagel
  • 1857 Ytje Popes Hartmans-Wijnia, landbouwerse te Easternijtsjrk, bewenner Cornelis Dirks Hartmans
  • 1859 Abe Sijbenga, lânbouwer te Easternijtsjerk - soan:
  • Tjeerd Abes Sijbenga - soan:
  • Douwe Eelkes Meindersma - bern:
  • Eelke, Abe en Elisabeth Meindersma elts foar 1/3 part
  • 1890-1896 Jan Berends Krol
  • 1932-1972 Abe Meindersma eigener; ferskate bewenners yn dy perioade
  • 1972 Jacob Eisinga, soan:
  • 1988 Kornelis Eisinga

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stizen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • D.A. Zwart, Schetsen uit de historie van Ee, 1994
  • De website hisgis
  • Genealogy fan it aaadlik laach Van Wyckel

  1. Ut de famylje Heemstra út Moarre; har heit Feye Heemstra wenne yn de Trynwâlden op Heemstrastate yn Oentsjerk