Sylvia Kristel
Sylvia Maria Kristel (Utert, 28 septimber 1952 - Amsterdam, 17 oktober 2012) wie in Nederlânske aktrise. Kristel hat goed fyftich ynternasjonale films op har namme brocht, dêrneffens is hja ien fan Nederlân syn grutste filmaktrises.
Sylvia Kristel | ||
akteur | ||
Sylvia Kristel op it Filmfestival fan Cannes, yn 1990. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sylvia Maria Kristel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 septimber 1952 | |
berteplak | Utert (Utert) | |
stoarn | 17 oktober 2012 | |
stjerplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1973 – 1997 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Aktrise
bewurkje seksjeSylvia waard ynearsten ferneamd mei in reklamefilmke foar in tampon; 4 jannewaris 1973 smiet dat har de Miss TV Europa op.
Emmanuelle
bewurkje seksjeKristel spile lytse rollen yn Nederlânske spylfilms lykas Frank en Eva, Naakt over de schutting en Pastorale 1943. Sy briek ynternasjonaal troch yn 1973 mei har titelrol de Frânske eroatyske film Emmanuelle. Op 26 juny waard de film útbrocht yn Europa, Japan en de Feriene Steaten. Yn dy tiid hie Kristel in ferhâlding mei skriuwer Hugo Claus, fan wa't sy yn 1975 soan Arthur krige. Oant 1978 hâlde hja mei Claus yn Frankryk ta.
Kristel waard wrâldferneamd en spile noch yn twa oare Emmanuelle-films. Dêrnei ûntstie in populêr softpornosjenre dy't de earste 'Emanuelles' neidiene, ûnder oaren Black Emmanuelle (1974) mei Laura Gemser, dy't ek fan Utert wie.
Oare films
bewurkje seksjeKristel krige dêrnei ek filmrollen yn útsoarte net eroatyske films en spile yn in rige Frânske, Italjaanske en Amerikaanske films, neist akteurs as Gérard Depardieu, Michel Piccoli en Alain Delon en ûnder rezjy fan filmmakkers as Roger Vadim, Claude Chabrol, Alain Robbe-Grillet en Ken Annakin.
Kristel har meast wurdearre serieuze filmrol wie dy yn de magysk realistyske Alice ou la dernière fugue fan Chabrol. Yn Hollywood spile se njonken ûnder oaren Olivia de Havilland de haadrol yn Behind the Iron Mask; de lichte sekskomeedzje Private Lessons, mei de Nederlânske kameraman Jan de Bont, luts mear minsken oan as Emmanuelle. Roger Vadim makke in dokumintêre oer Kristel foar de Frânske telefyzje, Star Story.
Amearika en Europa
bewurkje seksjeKristel en Claus waarden goefreonen en Kristel krige in ferhâlding mei akteur Ian McShane. De relaasje rûn op de non troch allerhanne drank- en drugsproblemen, fral dy fan Kristel dy't nei Amearika ferhuze en nei in koart houlik mei in sakeman in minne tiid temjitte gie. Sy koe it lykwols bolwurkje en stoppe mei de drugs. Sy pakte har filmkarriêre wer op mei rollen de films Lady Chatterley's Lover en Mata Hari. Fanwege har twadde man, de filmregisseur Philippe Blot, bedarre hja lykwols in grutte jildkrapte mei it gefolch dat sy gienen út elkoar giene. Letter krige hja in relaasje mei Freddy de Vree en waard hja in keunstskilder mei súkses.
Projekten nei 2000
bewurkje seksjeYn 2001 hie Kristel in lytse rol yn Vergeef me, de debútfilm fan Cyrus Frisch en fierders yn Lijmen/Het Been mei Willeke van Ammelrooy neffens de roman fan Willem Elsschot. 2003 waard kielkanker by har ûntdutsen, mar sy waard letter genêzen ferklearre. Partner Freddy de Vree stoar yn 2004. Yn 2006 arbeide Kristel op mei komponist Stephen Emmer oan it projekt Recitement, wijd oan poëzy en muzyk, wêrmei't hja itselde jier tegearre optreden op it Crossing Border-festival yn De Haach.
De autobiografy Naakt (Nue) ferskynde septimber 2006 yn Frankryk, dêr't Kristel ek altyd ferneamd bleaun is, en febrewaris 2007 yn Nederlân. Regisseur Michiel van Erp folge Sylvia Kristel yn 2006 foar it NPS-programma Het uur van de wolf, yn Nederlân en yn Parys by har media-omgang foar de lansearring fan har boek. Yn 2006 waard de lange Britske dokumintêre Hunting Emmanuelle oer Kristel makke foar Channel Four Television yn Londen, mei Jan Wellmann as regisseur.
Yn 2009 spile hja yn it teaterstik Wie weet overleeft de begeerte me wêryn't hja ferhelle oer har libben op it hichtepunt fan har karriêre, har leafdes en har ferslaving. Nei in aktearlins fan acht jier, spile hja 2010 wer yn de film Two Sunny Days en yn de telefyzjerige Le Ragazze dello Swing (the swing girls), oer it Trio Lescano.
Begjin 2012 kaam yn it nijs dat Kristel sloktermkanker hie. Juny krige hja in swiere oerhaal.[1] dy't har fataal wurden is.
Priis
bewurkje seksjeIn mei 2006 krige Kristel as regisseur yn New York in spesjale sjuerypriis fan it Tribeca Film Festival fan Robert De Niro foar de koarte animaasjefilm Topor et Moi, skreaun troch Ruud Den Dryver. Under oaren rocksjonger Lou Reed en aktrise en keunsteneresse Julia Stiles sieten yn de sjuery.
Filmografy
bewurkje seksje- Frank en Eva (1973) .... Sylvia
- Because of the Cats (1973) .... Hannie Troost
- Naakt over de schutting (1973) .... Lilly Marischka
- Emmanuelle (1974) .... Emmanuelle
- Der Liebesschüler (1974) .... Andrea
- Un linceul n'a pas de poches (1974) .... Avril
- Le jeu avec le feu (1975) .... Diana Van Den Berg
- Emmanuelle: L'antivierge (1975) .... Emmanuelle
- Une femme fidèle (1976) .... Mathilde Leroy
- La marge (1976) .... Diana
- Alice ou la dernière fugue (1977) .... Alice Caroll
- René la canne (1977) .... Krista
- Goodbye Emmanuelle (1977) .... Emmanuelle
- Pastorale 1943 (1978) .... Miep Algera
- Mysteries (1978) .... Dany Kielland
- Letti selvaggi (1979) .... Frou op bêd/Ungelokkige frou
- The Fifth Musketeer (1979) .... Maria Theresa
- Concorde ... Airport '79 (1979) .... Isabelle
- The Nude Bomb (1980) .... Agent 34
- Un amore in prima classe (1980) .... Beatrice
- The Million Dollar Face (1981) (TV) .... Brett Devereaux
- Lady Chatterley's Lover (1981) .... Lady Constance Chatterley
- Private Lessons (1981) .... Nicole Mallow
- Private School (1983) .... Ms. Regina Copoletta
- Emmanuelle IV (1984) .... Sylvia / Emmanuelle
- The Big Bet (1985) .... Michelle
- Mata Hari (1985) .... Mata Hari
- Red Heat (1985) .... Sofia
- Casanova (1987) (TV) .... Maddalena
- The Arrogant (1988) .... Julie
- Dracula's Widow (1988) .... Vanessa
- In the Shadow of the Sandcastle (1990) .... Angel
- [Hot Blood (1990) .... Sylvia
- Seong-ae-ui chimmuk (1992)
- Éternelle Emmanuelle (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
- La revanche d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
- Emmanuelle à Venise (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
- L'amour d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Aldere Emmanuelle
- Magique Emmanuelle (1993) (TV) .... Emmanuelle
- Le parfum d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Emmanuelle
- Le secret d'Emanuelle (1993) .... Sylvia
- Le secret d'Emmanuelle (1993) (TV)
- Emmanuelle au 7ème ciel (1993) .... Emmanuelle
- "De eenzame oorlog van Koos Tak" (1996) - Muoike Heintje (1996) Episoade TV
- "Onderweg naar morgen" (1994) TV-rige .... Trix Odijk (1996)
- Die Sexfalle (1997) (TV) .... Nicole Fuchs
- Gaston's War (1997) .... Miep Visser
- Harry Rents a Room (1999) .... Miss Pinky
- Film 1 (1999) .... Patron
- An Amsterdam Tale (1999) .... Alma
- Lijmen/Het been (2000) .... Jeanne
- Die Unbesiegbaren (2000) (TV)
- Vergeef me (2001) .... Chiquita (op it toaniel)
- De vriendschap (2001) .... Sylvia
- Sexy Boys (2001) .... De seksuologe
- Bank (2002) .... Frou fan
- Two Sunny Days (2010) .... Angela
- The Swing Girls (2010) (TV) .... Eva de Leeuw
Bibliografy
bewurkje seksje- Nue (Naakt) (2006) mei Jean Arcelin
- Begeerd en Verguisd - Het leven van Sylvia Kristel (2019) troch Suzanne Rethans
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sylvia Kristel fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|