Laura Gemser (folút: Laurette Marcia Gemser; Soerabaja (Yndoneezje), 5 oktober 1950), is in rêstend Nederlânsk softcore-pornoaktrise, mainstream-aktrise en kostúmûntwerpster fan mingd Javaansk-Nederlânsk etnysk komôf. Hja makke yn 'e 1970-er jierren furoare yn 'e titelrol fan 'e sêft-pornografyske Black Emanuelle-filmrige. Letter spile se ek yn mainstream-films. Gemser hat no de Italjaanske nasjonaliteit.

Laura Gemser
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Moira Chen
echte namme Laurette Marcia Gemser
nasjonaliteit Nederlânsk
Italjaansk
berne 5 oktober 1950
berteplak Soerabaja (Yndoneezje)
etnisiteit Javaansk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodelsoftcore-aktrise,
aktrise, kostúmûntwerpster
jierren aktyf 19741992
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Gemser waard yn 1950 berne yn Soerabaja, op it Yndonezyske haadeilân Java. Hja is fan mingd Nederlânsk-Javaansk etnysk komôf. Yn 1955, doe't se fjouwer jier wie, emigrearre hja mei har âlden nei Nederlân, dêr't hja opgroeide yn Utert. Se trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Regentesseschool, in MULO. Neitiid folge se in oplieding moadeûntwerpen oan 'e Uterter Artibus Keunstakademy.

Filmkarriêre bewurkje seksje

Nei't se as neakenmodel posearre hie foar ferskate neakenblêden yn Nederlân en Belgje ferfear Gemser yn 1974 nei Itaalje, dêr't se de haadrol spile yn 'e eroatyske film Amore Libero – Free Love. Dat waard in kassúkses yn 'e bioskopen, en sadwaande waard Gemser yn 1975 de titelrol taparte yn 'e sêft-pornografyske film Black Emuanuelle, in fariaasje op it tema fan 'e oarspronklike Emanuelle-rige mei Sylvia Kristel.

Black Emanuelle betsjutte foar Gemser de trochbraak, net inkeld yn Itaalje, mar ek ynternasjonaal. Neitiid waarden noch ferskate ferfolchfilms makke, lykas Emanuelle in America (1977), Suor Emanuelle (1977), Emanuelle Around the World (1977), Emanuelle and the Last Cannibals (1977) en Emanuelle and the White Slave Trade (1978).

Letter spile Gemser ek yn ferskate mainstream-films, wêrûnder de Amerikaanske tillefyzjefilm Love is Forever (1983), fan akteur en regisseur Michael Landon (benammen bekend fan The Little House on the Prairie). Dêryn fertolke Gemser de rol fan Keo Sirisomphone, in Laotiaanske flechtlinge. Fanwegen har pornografysk ferline stie Landon der lykwols op dat se foar de rol in skûlnamme oannimme soe, en sadwaande stiet Gemser op 'e ôftiteling fermeld as Moira Chen.

Gemser troude mei de Italjaanske akteur Gabriele Tinti, mei wa't se yn ferskate films gearwurke. Har lêste filmrol hie se yn 1992. Dêrnjonken wie se fan 1988 ôf yn 'e Italjaanske filmyndustry ek wurksum as kostúmûntwerpster. Yn 1991, doe't Tinti ferstoar, waard Gemser widdo. Troch har houlik hie se de Italjaanske nasjonaliteit krigen. Tsjintwurdich liedt se in weromlutsen bestean yn har wenplak Rome.

Filmografy bewurkje seksje

  • Amore libero - Free Love (1974) ... as Janine
  • Black Emanuelle (1975) ... as Mae Jordan / Emanuelle
  • Emmanuelle 2 (1975) ... as masseuse
  • Voto di castità (Vow of Chastity) (1976) ... as tsjinstfaam
  • Emanuelle nera orient reportage (Emmanuelle in Bangkok) (1976) ... as Emanuelle
  • Eva nera (1976) ... as Eva
  • La spiaggia del desiderionera (Black Emanuelle on Taboo Island) (1976) ... as Emanuelle
  • Emanuelle in America (1977) ... as Emanuelle
  • Suor Emanuelle (Sister Emanuelle) (1977) ... as Emanuelle
  • Emanuelle Around the World (1977) ... as Emanuelle
  • Emanuelle and the Last Cannibals (1977) ... als Emanuelle
  • La Via della prostituzione (Emanuelle and the White Slave Trade) (1978) ... Emanuelle
  • I Mavri Emmanouella (Emanuelle's Daughter)(1979) ... as Black Emmanouella/Emanuelle Brindisi/Victor syn frou/Livia's styfmem
  • Periscopio, El (1979) aka Malizia erotica (Itallië) ... as Amiga de Verónica
  • Love Camp (1981), aka Death-Goddess of the Love Camp, en Divine Emanuelle ... as The Divine One
  • The Bushido Blade (1981) ... as Maria
  • Caligola: la Storia mai raccontata (1982) ... as Miriam
  • La Belva dalla calda pelle (1982) ... as Emanuelle
  • Violenza in un carcere femminile aka Violence in a Womens Prison, Emanuelle Reports from a Women's Prison (1982) ... as Emanuelle/Laura Kendall
  • Horror Safari (1982) ... as Maria
  • Endgame - Bronx lotta finale (1983) ... as Lilith
  • Déchaînement pervers de Manuela (1983) ... as Manuela/Emanuelle
  • Emanuelle Escapes from Hell aka Emanuelle fuga dall'inferno (1983) ... as Emanuelle
  • Love Is Forever (1983) ... as Keo Sirisomphone (op ôftiteling Moira Chen)
  • L'Alcova (The Alcove) (1984) ... as Zerbal
  • Il Piacere (The Pleasure) (1985) ... as Haunani
  • Voglia di guardare (1986) ... as Josephine
  • Riflessi di luce (1988) ... as Diana
  • Top Model (1988) ... as Dorothy/Eve
  • Undici giorni, undici notti 2 (1990) (Eleven Days, Eleven Nights 2) ... as Jackie Forrest
  • Quest for the Mighty Sword ... as Grimilde
  • Metamorphosis (1990) ... as prostituee
  • Una Tenera storia (1992) ... as Karen' har sekretaresse (net neamd)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.