Syndroom fan Asperger

(Trochferwiisd fan Syndroam fan Asperger)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

It syndroom fan Asperger, ek wol aspergersyndroom, is in pervasive ûntwikkelingssteurnis. It syndroom is neamd nei de Weenske bernedokter dr. Hans Asperger. Skaaimerken fan it syndroom binne beheiningen op it mêd fan sosjale ynteraksje en kommunikaasje. Dêrneist is it tal ynteresses en aktiviteiten beheind. Oars as by de klassike autistyske steurnis is der gjin sprake fan fertraging yn de ûntwikkeling fan de taalfeardigens op jonge leeftyd. Der is in normale of bytiden hege yntelliginsje en it stribjen om kontakt te meitsjen leit op in trochsneed nivo.

Ornaris wurdt it aspergersyndroom sjoen as in syndroom dat de minske by de berte meikriget en net te genêzen is. It syndroom oppenearret him sa likernôch op in leeftyd fan fjouwer jier. De krekte oarsaak fan it syndroom is net bekend.

It syndroom is neamd nei de Eastenrykske psychiater en bernedokter Hans Asperger, dy't yn 1944 in proefskrift skreaun hat oer it ferskynsel. Dêryn neamt hy syn pasjinten "lytse professors" fanwege har yntinse belangstellingen en formele taalgebrûk. Yn tsjinstelling ta it artikel fan Leo Kanner oer autisme dat yn deselde tiid skreaun waard, krige de publikaasje fan Asperger lange tiid mar in bytsje oandacht. Syn wurk waard pas yn breder fermidden bekend troch it omtinken dat de Amearikaanske Lorna Wing der oan joech yn 1981. Yn 1994 waard it syndroom opnommen yn it Amerikaanske Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM).

Kontroverses

bewurkje seksje

Al sûnt Lorna Wing de earste kritearia publisearre, besteane der kontroverses oer de klassifikaasje en de status fan it syndroom. In wichtige fraach dêrby is oft it aspergersyndroom itselde is as heechfunksjonearjend autisme, in foarm fan autistyske steurnis wêrby't gjin mentale retardaasje optreedt. Soe dat sa wêze, dan is it neffens guon wittenskippers net nedich om it syndroom fan Asperger as aparte krupsje yn de klassifikaaskjesystemen op te nimmen.[1] In stúdzje út 1997 konkludearre bygelyks dat de bern dy't Hans Asperger beskreau, neffens de kritearia fan it DSM net it syndroom fan Asperger, mar in autistyske steurnis hienen.[2]

In protte wittenskippers sjogge it syndroom fan Asperger no as in foarm fan heechfunksjonearjend autisme. Sa skreau Lorna Wing yn 1998: "Asperger syndrome and high-functioning autism are not distinct conditions". Troch neuropsychologysk ûndersyk ûntstienen der lykwols wer oare stânpunten. Ut ûndersyk nei Non-verbal Learning Disabilities (NLD) die nammentlik bliken dat minsken mei NLD en it aspergersyndroom in sterk oerienkommend neurologysk profyl hawwe.[3] Dat profyl bliek yn ferliking mei dat fan heechfunksjonearjende autisten in soad ferskillen te hawwen.[4] Dat soe betsjutte kinne dat asperger en autisme neurologysk sjoen ferskillende krupsjes binne.

Noch mear as oare steurnissen út it autismespektrum blykt it syndroom fan Asperger mear foar te kommen by manlju as by froulju.

Soms wurdt it wol omskreaun as "ekstreem manlik" gedrach, bygelyks troch Simon Baron-Cohen yn syn boek The essential difference (2003). Minsken mei it aspergersyndroom binne sterk rjochte op technyske details en resultaten (systematisearje) en krekt in bytsje op kontakt en gearwurking (empatisearje), eat dat yn de harsens oan te wizen is (sjoch amygdala); oer it generaal wurdt it earste as typysk manlik, it twadde as typysk froulik beskreaun. Der binne lykwols ek minsken mei it aspergersyndroom dy't har bûtenwênstich spesjalisearre hawwe yn 'nonverbale kommunikassje' en it weromkennen fan minsklike emoasjes. Gedrach en hâlding kinne dan mei grutte perfeksje neidien wurde sûnder dat it byhearrende affekt oanwêzich is. Sels de (mikro-)eachekspresje kinne imitearre wurde. Dat is it ûnbewust kompensearjen fan eigen tekoartkommings.

Baron-Cohen sprekt net oer in steurnis, mar fan in kognitive styl, mei syn eigen kwaliteiten, dêr't net needsaaklik eat oan "ferbettere" hoecht te wurden.

Asperger en it autismespektrum

bewurkje seksje

It syndroom fan Asperger wurdt ta it autismespektrum rekkene. Krekt as by de oare steurnissen út dit spektrum is der sprake fan in ûnhandige motoryk, swierrichheden mei it ynlêzen fan sosjale situaasjes, gebrek oan ynlibbingsfermogen, swierrichheden mei feroarings, in oanstriid ta fêste gewoantes, in foarkar foar beuzichheden en ynteresses mei sterk werheljende of systematyskhe eleminten, oanstriid ta obsessyf gedrach en maklik opgean yn in fantasywrâld.

Wichtige ferskillen mei klassyk autisme binne de praktysk normale taalûntwikkeling, de normale of sels hege yntelliginsje en de normale neiging kontakten mei oaren te lizzen. It syndroom fan Asperger wurdt om dy redenen faak ta it myldere ein fan it autismespektrum rekkene. Faak wurde minsken mei it syndroom fan Asperger sjoen as eksintryk, wrâldfrjemd of einzelgänger.

It stellen fan in ûndûbelsinnige diagnoaze wurdt soms lestiger troch de grutte ferskillen yn de symptoamen per diagnoaze en troch de ferskillen yn metoaden en ynstruminten om it syndroom fan Asperger fêst te stellen. Neist de Amerikaanske diagnosekritearia fan it DSM-IV, binne der ek dy fan de Wrâldsûnensorganisaasje (ICD-10), de Szatmari diagnostyske kritearia, de kritearia fan Gillberg en de kritearia dy't Tony Attwood hantearret.

DSM-kritearia

bewurkje seksje

It DSM-IV jout de folgjende kritearia (299.80):

  • A. Kwalitative tekoartkommings yn de sosjale ynteraksje, wat blykt út minimaal twa fan de folgjende kritearia:
    1. Dúdlike tekoartkommingen yn meardere foarmen fan net-ferbaal bedrach, bygelyks streekrjocht eachkontakt, antlitekspresje, lichemshâlding en gebearten yn sosjale kontekst.
    2. Unfermogen ta it oangean fan relaasjes mei leeftiidsgenoaten dy't passend binne by it nivo fan ûntwikkeling.
    3. Untbrekken fan it spontaan dielen fan wille, ynteressen of prestaasjes mei oaren (bygelyks gjin foarwerpen sjen litte, jaan of oanwize).
    4. Gebrek oan sosjale of emosjonele uteringen fan beide kanten.
  • B. Beheinde strukturele en stereotipe gedrachspatroanen, ynteressen en aktiviteitepatroanen, wat blykt út minimaal ien fan de folgjende kritearia:
    1. Oerhearskjende preokkupaasje mei ien of mear stereotipe en beheinde ynteressepatroanen dy't ôfwikend is yn yntinsiteit of oandachtsgebiet.
    2. Dúdlik ynfleksibel fêsthâlden oan net-funksjonele rûtinehannelingen of rituelen.
    3. Stereotyp en werhelle motorysk gedrach (bygelyks fladderjen of draaien fan hannen of fingers of komplekse bewegingen mei de hiele lea).
    4. Dúdlike preokkupaasje mei ûnderdielen fan foarwerpen.
  • C. De oandwaning liedt ta klinysk signifikante tekoartkommings op sosjaal op beropsmjittich mêd of op oare wichtige terreinen.
  • D. Der is gjin klinysk signifikante efterstân yn de taalûntwikkeling (bygelyks wurden op twajierrige leeftyd, sinne op trijejierrige leeftiid).
  • E. Der is gjin klinysk signifikante efterstân yn de kognitive ûntwikkeling of yn de ûntwikkeling fan selshelpfeardichheden, oanpassingsgedrach (sosjale ynteraksje net meirekkene) en de nijsgjirrichheid nei de omjouwing.
  • F. Der is net foldien oan de kritearia foar in oare pervasive ûntwikkelingssteurnis of skizofreny.

It aspergersyndroom wurdt standert diagnostisearre as immen oan dizze kritearia foldocht, in IQ boppe 85 hat en gjin efterstân yn de taalûntwikkeling ûnderfûn hat.

Sifers oer it foarkommen fan it syndroom fan Asperger hawwe meastentiids betrekking op bern. Foardat de diagnoaze fan it aspergersyndroom erkend waard, en allinnich nei ‘klassyk autisme’ sjoen waard, hiet 1 op de 2200 minsken "autistysk". Sûnt de term ‘autismespektrumsteurnis’ hieltiten mear akseptearre rekket wurdt oannomd (ûnder mear troch it Flaamske Autisme Centraal) dat 1 op de 1000 minsken klassyk autisme hat en 1 op de 200 minsken in steurnis yn it autistysk sprektrum hat. It Nederlânske Lanlike Netwurk Autisme nimt oan dat ûngefear 1 op de 400 minsken autistysk is, dêr't 25% froulik fan is.

Sosjale beheinings

bewurkje seksje

Minsken mei it syndroom fan Asperger fine it lestich om in ferskil te meitsjen tusken boadskippen dy't letterlik bedoeld binne en boadskippen fan metafoaryske aard. It bewustwêzen fan maatskiplike regels, rjochtlinen en wearden is foar minsken mei Asperger net in spultsje fan yntuysje. De minsken dy't mei it syndroom oantangele binne fine it dêrom lestich om harren emosjonele tastân mei de krekte nuânse of mimyk te uterjen.

It skieden fan letterlike en figuerlike taal en in júste ferklearring fan lichemstaal fine minsken mei it syndroom fan Asperger dreech. Dy skaaimerken binne by mear foarmen fan autisme werom te finen. It dielnimmen oan in petear kin problemen opsmite om't de persoan faak net wit wannear't der wol of net wat sein wurde kin. Algemien bekende metafoaren binne foar minsken mei it syndroom fan Asperger faak min te begripen, wylst de eigen metafoaren krekt foar de omjouwing faak ûnbegryplik binne. It fermogen ta empaty is dêrtroch - soms sterk - fermindere.

Yn ferliking mei minsken mei klassyk autisme hawwe minsken mei it syndroom fan Asperger bettere mooglikheden om harren beheining yn 'e mjitte komme. Sa kinne minsken mei Asperger better ta harren gerak komme as der oan it ferlet fan struktuer foldien wurdt. Minsken mei Asperger kinne ferbaal tige sterk wêze. Troch it brûken fan de sterke kanten fan de persoanlikheid kin it syndroom dan ridlik kamûflearre wurde foar oare minsken. It boartsjen mei net-letterlik taalgebrûk is ek te learen. De beheinings binne dus troch ynset fan ferstân en oefening yn de rin fan de jierren faak diels te kompensearjen. Men leart dan yn de adolessinsje wat makliker mei oare minsken om te gean. De "handicap" kin mei dêrtroch troch helpferlieners ûnderskat wurde. Sibbe en kunde kinne minsken mei Asperger better begripe troch wittenskiplike ynformaasje en psychologyske advizen.

Minsken mei it aspergersyndroom fine drokte faak ferfelend. Sosjale eveneminten mei in protte minsken wurde dan net sjoen as ûntspanning en ferdivedaasje. In soad minsken mei it syndroom soenen harren sosjale feardichheden wol better ûntwikkelje wolle, mar negative ûnderfinings troch harren sosjaal (ûn)fermogen soargje der yn in soad gefallen foar dat men op dat gebiet grutte beheiningen fielt.

Opgean yn yntinse ynteresses

bewurkje seksje

Minsken mei it syndroom fan Asperger kinne yntinse preokkupaasjes koesterje. De presize ynteresse ferskilt per persoan; faak is dizze sterk spesjalisearre en makket op bûtensteanders in willekeurige yndruk. Sammelwoede komt in soad foar: net allinnich fan postsegels, mar ek ûngewoane soarten objekten as fentyldopkes. Ek it sammeljen fan ensylopedyske kennis oer útienrinnende ûnderwerpen komt in soad foar. Kenmerkend foar it syndroom fan Asperger (en autisme yn it algemien) is net sasear wat de presize ynteresse is, mar foaral de yntinsiteit dêr't men mei dwaande is.

Hans Asperger neamde de bern mei it syndroom fan Asperger dy't hy observearre, ‘professorkes’ omdat hy fêststelde dat de 13-jierrige pasjinten in like útwreide en nuânsearre byld hienen oer harren 'ûndersyksgebiet’ as professors. Mar typearend is dat it oersicht faak ûntbrekt. Ek spruts Hans Asperger oer yntelliginsje-automaten, fanwege it idee dat dizze pasjinten alles mei harren yntelliginsje dogge, en har gefoelslibben weidrukt wurdt en dêrom net of amper oanwêzich liket te wêzen. Se wurken letterlik mei in 'input' en 'output' mei dêrtusken in (komplisearre) logyske programmearring mei wat der hieltiten mei de input dien wurde moat, krektas in automaat of robot.

It is gewoanlik al sa dat immen mei it syndroom fan Asperger yn syn bernetiid in pear kear fan ynteresse wikselt. Yn de puberteit komt de definitive ynteresse meastentiids fêst te lizzen. Opfallend is wol dat in grut oantal minsken mei it aspergersyndroom hjirby faak foar technyske, wittenskiplike, systematyske, en bèta-fakrelatearre ynteresses kieze; faak typyske 'manlju-ynteresses'.

Soksoarte ynteresses biede in keunstmjittige oardere wrâld, dy't ien mei in aspergersyndroom útstel jout fan de ûnfoarspelbere en ûnhannelbere wrâld fan al den dei. It jout in doel, útdaging en befrediging wêrfan men de regy sels yn de hân hat. It ferslaavjende en ferlossende effekt is wol wat te ferlykjen mei dat fan ferslaavjende middels. Minsken mei it syndroom fan Asperger hawwe it swier mei de sinjouwing fan harren libben, en religys binne faak slim fanwege de gruttere neiging nei it wittenskiplike en de faak rasjonele ynstelling fan de persoanen mei in aspergersyndroom. Meastal binne se dan ek byldtinker.

In kombinaasje fan beperkte sosjale feardichheden en yntinse belangstelling op in bepaald gebiet kin liede ta ûngewoane gedragingen dy't faak omskreaun wurde as preokkupaasjes of stereotype gedrach. Mar grutte gedrevenheid, geduld en sterke fiksaasje en konsintraasje op it oplossen wolle fan in bepaald probleem, it begripe wolle fan in kompleks gehiel of it berikke wolle fan in bepaald beëage doel, kinne ek bysûndere resultaten of prestaasjes opleverje. Grutte keunstsinnige prestaasjes waarden levere troch minsken dy't oan it syndroom lijd hawwe soenen.[5] [6]Seker is dat it aspergersyndroom net altyd in handicap is, mar ek syn positive kanten hat. Sommige minsken mei asperger kinne fan de ûnderwerpen dêr't se in soad fan ôfwitte en dêr't se har yn spesjalisearre hawwe harren berop meitsje.

Bysûnder taalgebrûk

bewurkje seksje

Minsken mei it syndroom fan Asperger stean al yn harren bernetiid bekend om harren "pedante" manier fan praten. Harren taalgebrûk is faak opfallend formeel en barok foar de jûne situaasje; se komme ek faan autoritêr oer, troch de wissichheid fan harren útspraken en faak ientoanige útspraak. Minsken mei it syndroom fan Asperger kinne faak tige lang oer harren spesjalisme trochpraten bliuwe (dit wurdt 'fipen' neamd), wylst de oare der úteinlik al gjin ynteresse mear foar toant. Se kinne lykwols útblinke yn stavering en genietsje fan diktees en fan ít útlizzen fan stavering- en grammatikaregels, se kinne lêze en foarlêze as bern dy't jierren âlder binne; dit alles stiet los fan de ynhâld fan de tekst, dy't se miskyn net iens begripe (hyperleksy).

In 'asperger'ropt troch syn wize fan praten faak hilariteit, of krekt deadlike earnst op; dit kin de oanset wêze ta in imago as grapmakker, wêrby't de klam faak lizze sil op taalgrappen (wurdboarterij, wurdspul, kreupelrym, satire) en absurde humor; krekt net op serieuze krityk of op situaasjonele humor wêrby't de ynteraksje tusken minsken fan belang is. Hoewol't 'aspergers' oer it generaal gjin steurnis yn har taalûntwikkeling en spraak hawwe, kinne se absolút wol muoite hawwe om it petear op gong te hâlden. Soms kin it barre dat se efkes neat witte te sizzen en net of min út har wurden komme kinne. Dit is ek tige ôfhinklik fan de ynhâld fan it petear, de situaasje en it gespreksonderwerp. As in asperger oer ditsjes en datsjes prate moat sil hy gauwer fêstrinne dan as it oer syn kennisgebieten giet of in oar 'saaklik' ûnderwerp. Minsken mei it syndroom fan Asperger fine it dan soms ek wûnderlik dat neurotypyske minsken samar hiel maklik oer frije ûnderwerpen prate kinne en dêrby ek noch samar it petear geande hâlde kinne.

De sprutsen taal is foar harren itselde as de skreaune taal. Soms bart it dat se earder monologen as dialogen hâlde en bygelyks lûdop tsjin harren sels prate ynstee fan tsjin in oar. Ek it praten tsjin foarwerpen kin soms foarkomme. Uteraard wit de persoan mei in aspergersyndroom dat it foarwerp neat weromseit en is it besef fan de realiteit net fersteurd.

Echolaly krektas palilaly komme ek foar by minsken mei Asperger. likegoed as by oaren út it autismespektrum. Dochs jouwe bern mei it syndroom fan Asperger faak blyk fan foardere mooglikheden op it flak fan taal yn fergeliking mei har leeftiidsgenoaten.

Emoasjonele bysûnderheden

bewurkje seksje

Ien mei it syndroom fan Asperger hat it soms slim om emoasjes fan oaren te brgripen, benammen de subtile boadskippen troch gesichtsútdrukkings, eachkontakt en (yntym) lichaamlik kontakt. Se binne faak sterk egosintrysk, mar lang net altyd egoïstysk.

Aspers binne fakentiden emoasjoneler as oaren, mar it fermogen om dizze emoasjes te kanalisearjen en op in maatskiplik akseptearre wize te uterjen, ûntbrekt. Bedoelings opnimme en de foarm om harren eigen bedoelings te uterjen, is by minsken mei it syndroom fan Asperger min te realisearjen. In soad aspergers kinne dit goed ynsjen en hawwe goed yn de gaten at eat goed oerkomd of net. Sa binne se faak by steat alternative strategyen te finen en jouwe se yn tsjinstelling ta minsken mei autisme faak blyk fan foardere mooglikheden om goed en foar it each normaal te reagearen nei oaren.

In persoan mei it syndroom fan Asperger kin as saken op in ûnferwachte wize gean lêst krije fan emoasjonele spanning. Weromlûking, flechtgedrach, lilkens, agresje, panyk of in gûlbui kin by guon it gefolch wêze. Foar de bûtewrâld binne dizze autistyske refleksen en uteringen net altyd te begripen. Dêr wêr't neurotypysken krekt op minsken ôfstappe, kommunisearje en heftich yn petear gean at se in probleem hawwe, naaie aspergers soms út en kinne dan folslein ûnberikber wurde. As soks fasak bart kinne se in grut wantrouwen of wjersin opbouwe nei de net-autistyske bûtewrâld.

It meastepart fan de wittenskiplike ynformaasje dy't beskikber is oer it syndroom fan Asperger hat betrekking op bern. Oer de wize wêrop it syndroom by folwoeksenen ta útdrukking komt hawwe we oant no ta mear fermoedens as hurde feiten. Men ferûnderstelt dat de measte minsken mei it syndroom fan Asperger nei ferrin fan tiid om leart te gean mei de symptomen.

Ferskate kenmerken

bewurkje seksje

Minsken mei it syndroom fan Asperger hawwe in ferskaat oan síntúcjlike, ûntwikkelings- en psychologyske bysûnderheden. Fine motoaryske feardichheden kinne bygelyks fertrage wêze, en der kin sprake wêze f an in nuveraardige manier fan rinnen of in preokkupearre manier fan finger-, hân-, earm- of skonkbewegen. Typearend is ek dat motivaasje in tige wichtige rol spilet. As in asperger in bepaalde sport of muzykynstrumint ta syn ynteresse makket kin hy op sa'n dielgebiet wól útblinke. Opfallend is fierders dat wat betreft sport en spul benammen faak foar yndividuele en solistyske aktiviteiten keazen wurdt.

In soad minsken mei it syndroom fan Asperger tinke ekstreem fisueel en konkreet en binne byldtinkers. Alles wat fisueel waarnomd wurdt, wurdt hast letterlik as foto's en fideo's opslein. Ek it romtlik ynjoch is faak tige sterk ûntwikkele. Typearend is dat dit allinnich opgiet salang it oersjoch der is. Yn in nije omjouwing kin in asperger soms folslein ferdwale en yn paniek reitsje as der gjin dúdlike plattegrûn oanwêzich is. Ek al kinne guon ekstreem goed kaartlêze, as de werklikheid soms mar in lyts detail ôfwykt fan de kaart, kan dit grutte betizing, panyk of frustraasje feroarsaakje. Antisipearje en dingen rêstich op kreative wize oplosse is in hâlding dy't net fansekls giet mar dy't oanleard wurde moat.

Ek it (langetermyn) ûnthâld wurket soms oars by aspergers. In soad neurotypyske minsken helje har de dingen fan earder faak yn in globale trant yn it sin, as in ferhaal. Minsken mei it syndroom fan Asperger ûnthâlde soms minder de gebeurtenissen yn in 'totaal-ferhaaltsje', mar earder yn losse opienfolgingen fan tige detaillearre sênes. Se kinne dan safolle foarfallen of details te binne bringe dat neurotypsyke minsken harren besouwe.

In protte aspergers fiele har oanlutsen ta oarder en rûtine, wylst feroaring yn dy rûtines en fêststeande oarders by sommige eangstoanfallen of irritaasje feroarsaakje kin. Sa hie in ûndferwizeres oan in skoalle foar aspergers hast altyd deselde klean oan en wie it lokaal altyd op deselde wize ynrjochte. Der binne der ek by dy't krekt tige ûngeregeld libje en min rûtines ynbouwe kinne yn harren libben.

Oergefoelichheid foar taast, lûden en smaken komt soms foar. Dizze ta oerprikkeling liedende oergefoelichheid makket dat men him minder konsintrearje kin. De gefoelichheid foar ûnregelmjittige prikels is faak grutter as foar regelmjittige. Guon inne sels ekstreem gefoelich foar hude lûden of sterke geuren, of hâlde der net fan om oanrekke te wurden. It tikjen fan in klok of it dripkjen fan wetter kin ta razernij liede. Te fel ljocht, knipperjend ljocht lykas tl-ferljochting en te felle kleuren kinne letterlik in marteling wêze. Dochs, by de measte minsken mei in aspergersyndroom komt dizze ekstreme gefoelichheid net foaor. Wol hawwe in protte muoite om bygelyks lûd te filterjen yn in lawaaiige omjouwing, wêrtroch't se oare minsken yn sa'n lawaaiige omjouwing net goed fersteankinne.

Ek ûnderprikeling is mooglik, men reageart dan net of hast net op bepaalde prikels, soms sels net op grutte pineprikels. Dit komt lykwols faker foar by oare steurnissen yn it autismespektrum.

Dêrneist kinne minsken mei it syndroom fan Asperger te meitsjen hawwe mei perifeare problemen, lykas klinyske depresje, opposysjoniel-opstannige gedrachssteurnis, syndroom fan Gilles de la Tourette, eangststeurnissen (benammen obsessyf-kompulsive steurnis en fobyen). Der binne ek aspergers dy't diagnostisearre wurde mei dysgrafy, dyspraksy, dysleksy of dyskalkuly. Minsken mei it syndroom fan Asperger fertoane soms kenmerken fan depresje as gefolch fan de matige kommunikaasje mei, en it ûnbegryp fan, de bûtenwrâld.

Gevolgen fan it syndroom fan Asperger

bewurkje seksje
 
Bern mei it syndroom fan Asperger, dat in spesifike ynteresse en kennis hat yn molekulêre struktueren

Minsken mei it syndroom fan Asperger erfare faak problemen yn sosjale relaasjes mei leeftiidgenoaten. Yn harren bernetiid binne it fakentiden de 'stúdzjebollen sûnder freonen'. Se boartsje faak allinnich en binne net folle dwaande om freonen te finen. Soms wurdt dat wol prebearre, mar meastentiids sûnder folle súkses. Typearend gedrach is bygelyks it allinnich omrinnen op it skoalplein en faak yn eigen gedachten ferdjippe wêze. Men is hast oan ien tried wei mei de eigen interesses dwaande. Faak wurdt mei ferwûndering nei bern mei is aspergersyndroom sjoen, omdat se 'harsels sa goed fermeitsje kinne' sûnder betrokkenheid fan tredden. Ek komt it wol foar dat in bern mei asperger in optocht freaontsje betinkt, yn in eigen fantasywrâld of yn de echte wrâld. Dit kin bygelyks in bepaalde knuffel, in hûsdier of in foarwerp dat by in bepaalde ynteresse heart wêze.

Minsken mei in aspergersyndroom wurde sawol yn de bernetiid as yn de adolesinsje troch harren ôfwikende gedrach, taal en ynteresses en troch harren beperkte mooglikheden sosjaal kommunicatyf gedrach te fertoanen, nochal ris it mikpunt fan pleagerijen en pesterijen. Faak binne aspergers har net bewust dat se pesten wurde of waarden. Se tinke faak dat harren pesters harren freonen binne, wylst oaren fuortendaliks sjogge dat dizze 'freonen' har efter de rêch útlaitsje. Oan de oare kant binne der ek bern of jongeren mei it syndroom dy't depressyf wurde, omdat se slim te lijen hawwe fan it pestgedrach. Yn de hjoeddeiske tiid wurdt hast standert fan bern ferwachte dat se soajaal warber binne, fan har ôf bite en op de goede manier foar harsels opkomme. Trich it swakkere EQ fan aspergerbern binne dit krekt dingen dy't se net of matich ûntwikkelje. Omdat de jongeren faak yn in eigen wrâld libje en mear mei harsels as mei oaren dwaande binne, hawwe se minder ynteresse foar de bûtewrâld. Se sille har logyskerwize net lykas oaren 'automatysk' mei de wrâld om har hinne dwaande hâld. Faak tinke se dat alles basearre is op it garjen fan kennis. It besef ûntbrekt dan dat sommige dingen net op skoalle leard wurde kinne, mar yn it deistige libben troch ûnderfining ûntdekt, leard of útfûn wurde moatte.

Dêrby nimme dizze bern de dingen faak ekstreem letterlik, sa hawwe bygelyks muoite om sarkasme en sinisme te herkennen. It kin ek wêze dat in asperger tinkt dat ien net earnstich is, wylst dat krekt al sa bedoeld is. Of krekt oarsom; tinke dat in grap serieus bedoeld is. Faak binne bern of tsieners mei Asperger har net bewust fan wat der ferkeard gien is en hoe. Binne se har wol bewust fan fouten, dan hawwe se dat folle letter troch. De keunst foar in asperger is bygelyks te learen om sarkasme te herkenen en te negearen om sa konflik te foarkommen.

Bern mei it syndroom fan Asperger binne, oars as folle oare bern út it autismespektrum, earst wol tige aktyf sosjaal sykjende. Hoe mear harren beperkte sosjale feardichheden har tsjinslaggen opleverje, nammerste mear sille se har weromlûke en úteinlik sels antisosjaal gedrach fertoanen gean.

De kombinaasje fan beperkingen én útsûnderlike mooglikheden dy't dizze kamûflearje kinne, kinne op skoalle soms liede ta problemen mei leararen, de organisaasje of meilearlingen. Sommige minsken mei it syndroom fan Asperger negeare of beseffe harren status net yn harren sosjale omjouwing, omdat dit in sosjale konvinsje is. Se behannelje eltsenien dansa'n bytsje itselde, los fan de sosjale posysje. Aspergerbern geane by leararen nochal ris troch foar 'probleemleerling’. In soms beperkte tolerânsje foar ordinêre opdrachten sûnder útdaging makket dat aspergers in lege frustraasjedrompel hawwe kin en dan eigenwiis en net dissiplinearre oerkomt. It bern kin dêrtroch agresje-oanfallen en flechtgedrach fertoane.

In soad aspergers hawwe in bûtengewoan grut moreel gefoel en sille net dingen dwaan dy't net meie en krekt in soad respekt hawwe foar gesachhawwenden as leararen, direksje en plysje. It bart nochal ris dat se in 'foarbyldlearling' of 'foarbyldboarger' binne omdat se har, mear as oaren, oan de regels hâlde en goede resultaten helje. Dit ekstreme morele besef kin lykwols hiel goed ta uting komme as in aspergerlearling trochgiet foar probleemlearling mei in soad gedrachsproblemen. Bygelyks troch spontaan út harsels strafrigels bejinne te skriuwen of selsstannich nei de direkteur te stappen om oerdreun te 'bychtsjen'. "Ik fertsjinje dit!" brûke se dan faak as motivaasje, it is in utering fan oerdreaun sterk ûntwikkele rjochtfeardichheidsgefoel. In oar foarbyld is oerdreaun foarbyldich ferkearsgedrach sjen te litten troch bygelyks elts boerd letterlik op te folgjen en de offisjele foarrangsregels yn elke situaasje ekstreem letterlik korrekt ta te passen.

Ek as it learen op skoalle gjin probleem is kinne der wol problemen ûntstean by bygelyks staazjes of opliedingen mei net folle struktuer, lykas lesmetoaden wêrby't net klassikaal lesjûn wurdt. By sokke lesmetoaden wurde skoalbern achte selsstannich te wurkjen, selsstannich te studearjen en de help fan de learaar yn te roppen as der in probleem is. De stap om nei de learaar ta te gean kin foar minsken mei it syndroom fan Asperger te grut wêze. Ek it ûntbrekken fan dúdlike struktuer kin foar problemen soargje. Fierders kinne de mear praktyske kanten fan it learen in obstakel foarmje. In soad jongeren mei it syndroom fan Asperger hawwe bygelyks mear muoite om autoriden te learen en helje dêrtroch har rydbewiis letter as in soad oaren. Bestjoerders mei in aspergersyndroom kinne faak min oan in petear meidwaan wylst se autoride en ride dan ek leafst allinnich. Krekt it drokke ferkear wurdt as in ûnfoarspelbere en gaotiske bûtewrâld arfaren wêry't se har net thús fiele.

Folwoeksenheid

bewurkje seksje

In soad minsken mei it aspergersyndroom sille har, oerflakkich besjoen, krekt sa ûntwikkelje as elk oar. Pas as krekter nei sa'n persoan sjoen wurdt of as de persoan yngeand psychologysk ûndersocht wurdt, sil blike dat der wat oan de hân wêze kin. Mei hjirtroch krije in soad aspergers relatyf let in goede diagnoaze. Mar ek komt it foar dat allinnich it kennis krijen fan de betsjutting fan it aspergersyndroom of autisme al genôch is om te ûntdekken dat in persoan it syndroom fan Asperger hat. In oarsaak foar it te let yn de gaten krijen is de grutte ûnbekendheid fan de steurnis yn de maatskippij; ek ûnder medisy en oare helpferlieners. Dit yn tsjinstelling ta bygelyks ADHD, dêr't hast eltsenien wol wat fan wit. Ynformaasjefersprieding oer it syndroom fan Asperger is dus tige belangryk.

It komt faak foar dat ien mei Asperger in selsdiagnoaze docht middels boeken of ynformaasje fan ynternet. Sommige minsken mei in aspergersyndroom hawwe teloarstellende ûnderfinings troch de blykbere ûnkennis en ûnkunde fan psychiatryske en medyske helpferlieners. It kin ek foarkomme dat ien offisjeel it label syndroom fan Asperger opplakt krijt, wylst sa'n ien sels net of hast net problemen yn syn ûntwikkeling ûnderfûn hat. Hjirút blykt ek dat it syndroom fan Asperger net altyd in slimme handicap of steurnis hoecht te betjutten, soms is it tsjindiel it gefal.

In protte minsken mei it aspergersyndroom erkenne harren beperkingen en besykje har der by oan te passen. It slagget folwoeksenen mei it syndroom fan Asperger faak sels har oanpassingsproses te regeljen, sûnder behandeling of begelieding. Se erfare lykwols faak deselde problemen as in soad misken mei autisme. It ferskil is dat aspergers op folle toeren harren -hege- yntelliginsje brûke om harren oanpassingsproses foarm te jaan, yn tsjinstelling ta leger funksjonearjende autisten dy't soms libbenslang help nedisch hawwe en ûnoanpast bliuwe, én yn tsjinstelling ta neurotypysken dy't by harren oanpassingsproses sosjaal-emoasjonele feardichheden as yntelliginsje brûke. In gefolch is dat mannich asperger yntellektueel fierder ûntwikkele is as de gemiddelde neurotypical.

Minsken mei it aspergersyndroom kinne tige yn har spesifike ynteresses opgean en hjir tige bedreaun yn wêze, wylst se altyd muoite hâlden bliuwe mei ienfâldige dingen as it húshâlden. Soms is der sels sprake fan ynertens. Ofwaskjen freget dan bygelyks in protte muoite, wat bytiden de yndruk jout dat in asperger lui is. In soad brûke dêrom in deiskema dat harren libben makliker makket.

Mei troch harren 'superieure' oanpassings- en kamoeflaazjetechniken, binne der aspers dy't har net realisearje dat se foldogge oan de kritearia foar dit syndroom. Troch foarljochting en kennisoerdracht wurdt dizze groep wol hieltiten lytser. Der komt stadichoan wat mear begryp, oandacht en respekt foar in groep minsken dy't earder benammen sjoen waarden as 'sûnderling', 'net-sosjaal', 'ienselvich' of 'kontaktsteurd'.

Hûsfêsting

bewurkje seksje

De measte folwoeksen aspergers kinne selsstannich wenje. Guon kieze foar bepaalde eksterne ûndersteuning, lykas begelaat wenjen, ynterieurfersoarging of steun by de administraasje en finansjen. Oaren kieze derfoar sa lang mooglik thús te wenjen. Dit kin praktyske foardielen hawwe, bygelyks op finansjeel gebiet en troch persoanlike ûntlesting. Benammen it begjin fan selsstannich wenjen kin wat spanning jaan omdat men eins noch 'ynwurke' wurde moat yn it behearen fan in húshâlden. It kin lestich wêze om op eigen inisjatyf dingen út te sykjen en te regeljen. Dêrneist hat in asperger mear muoite om yn in nije omjouwing en feroaringen yn de leefsituaasje wêrtroch't soms sterke ûnwennichheid ûntstean kin. Neidat ienkear in sekere rûtine opboud is, stelt de swierrichheidsgraad faak net safolle mear foar. Rûtine, werhelling, kennis fan saken hawwe en it witten en behearskjen fan dingen soarget altyd foar mear rêst yn de holle. Beskerme wenjen of 24-oers begelieding komt, oars as by klassike autisten, by minsken mei in aspergersyndroom net safolle foar.

De ynteresses fan harren bernetiid kinne minsken mei it syndroom fan Asperger mooglik in betelle baan opleverje, al bliuwe de sosjale beperkingen in net te ûnderskatten drompel ta slagjen. Undanks harren faak "gelearde" taalgebrûk, grutte algemiene kennis en normale oant hege yntelliginsje ûnderfine in soad aspergers grutte swierrichheden om in betelle baan te krijen en te hâlden. Faak rûnet men in oplieding mei súkses ôf, mar skoart komt net troch in sollisitaasjegesprek of oare geskiktheidsûndersiken. Of men ûnderfynt, as men in baan fûn hat, in protte misferstannen of pestgedrach op it wurk. Ek ûntslach sûnder dat men goed begrypt wêrom komt faker foar.

Guon aspergers binne dan ek sûnder wurk of wurkje by of fia in sosjale wurkplak of hawwe soksoarte deibesteding. Ek wurkje minsken yn dieltiid, of binne foar in part of folslein arbeidsûngeskikt ferklearre.

Yn wurksituaasjes binne it faak motivearre en hurde wurkers. Men sil net of bytsje kletse mei kollega's en him net ôfliede litte troch it (sosjale) barren om har hinne. At it wurk benammen fysike of motoaryske of in soad wikseljende hannelingen betreft, kin soms ynertsje of ûnhandichheid optrede. Guon misken mei it syndroom fan Asperger 'trainen' oan ien tried wei harsels om harren swakke plakken te ferbetterjen en te ferbergjen. Dit trainen kostet har faak mear tiid en muoite as neurotypysken. In soad aspergers stribje nei kwaliteit en perfeksje en minder nei kwantiteit en snelheid.

Minsken mei it syndroom fan Asperger hawwe faak grutte problemen om in libbensgesel te finen, of reitsje skieden om tal fan redenen buûten harren wil. In soad bliuwe libbenslang allinnich en hawwe nea in relaasje hân. Dit kin in bewuste kar wêze, mar faker is it gjin frije wil. Wyst der bytiden in soad muoite foar dien wurdt slagje aspergers der faak net yn om in partner te finen, lit stean te trouwen en bern te krijen. Sels oant op lettere leeftiid hawwe aspergers it gefoel der net by te hearen. In soad folwoeksen aspergers libje benammen yn harren frije tiid as "einzelgänger". Se hawwe har der by dellein om it fierdere libben allinne te bliuwen.

Fan de oare kant binne der ek folwoeksenen mei it syndroom fan Asperger dy't trouwe, bern krijge, in lokkich gesinslibben erfare, in universitêre titel krije en in goed betelle baan hawwe. Dêr binne dan wol in soad selskennis, oanpassingsfermogen, in júste fokus op mooglikheden en ûnmooglikheden en oanpassingen troch de omjouwing by nedich.

Help en stipe

bewurkje seksje

Der binne yn Nederlân ferskate ynstânsjes dêr't minsken mei in atistyske steurnis terjochte kinne foar begelieding of lotgenoatenkontakt. Neist offisjele ynstânsjes lykas de GGZ binne der ferienings as 'Persoanen út it Autisme Spektrum (PAS) dy't har rjochtsje op normaal bejeftige folwoeksenen (18+) mei autisme. Dêrneist is der de Nederlandse Vereniging voor Autisme dy't har benammen rjochtet op âlden mei autistyske bern. De stifting AutSider biedt de mooglikheid online te kommunisearjen mei minsken mei in autistyske steurnis fia Ûnder oare in foarum en in chatkanaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Het aspergersyndroom. Praktische oplossingen bij sensorische integratieproblemen / Brenda Myles e.a. (Utjouwerij Pica) (ISBN 978-90-77671-04-7)
  • Een vreemde wereld: over autisme, het syndroom van Asperger en PDD-NOS. Voor ouders, partners, hulpverleners, en de mensen zelf / Martine F. Delfos (Utjouwerij SWP, 4e printinge (2003) (ISBN 90-6665-533-X)
  • Mafkezen en het aspergersyndroom / Luke Jackson (Nieuwezijds) (ISBN 90-5712-168-9)
  • Mozart & the Whale [Fideo] / 91 minuten (2004)
  • Een aspergerrelatie / Gisela & Christopher Slater-Walker (Uitgeverij Nieuwezijds) (ISBN 90 5712 189 1)
  • Geef me de 5. Een praktisch houvast bij de opvoeding en begeleiding van kinderen met autisme. / Colette de Bruin (ISBN 90-75129-64-5)
  • Meisjes en vrouwen met Asperger / Tony Attwood, Temple Grandin e.a. (Pica, 2007) (ISBN 90-77671-22-6)
  • Brein bedriegt: als autisme niet op autisme lijkt / Peter Vermeulen (EPO & Vlaamse Dienst Autisme, 1999) (ISBN 90-6445-127-3)
  • Het syndroom van Asperger: in gids foar âlden en helpferlieners / Tony Attwood (Swets & Zeitlinger BV, 2e printinge 2001) (ISBN 90-265-1672-X)
  • de spiegel van mijn ziel (Ingelske wurktitel: songs of a gorilla nation) / Dawn Prince-Hughes

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Does Asperger exist?
  2. Miller, J.N., & S. Ozonoff (1997), Did Asperger's cases have Asperger Disorder? A research note. Journal of Child Psychology and Psychiatry, 1997, 38, 247-251
  3. Asperger Syndrome: Tests of Right Hemisphere Functioning and Interhemispheric Communication
  4. Klin A, Volkmar FR, Sparrow SS, Cicchetti DV, Rourke BP. Validity and neuropsychological characterization of Asperger syndrome: convergence with nonverbal learning disabilities syndrome. J Child Psychol Psychiatry. 1995 oct;36(7):1127-40.
  5. Oankundiging boek fan prof. Fitzgerald oer kreativiteit en asperger
  6. boek fan prof. Fitzgerald Genius Genes, How Asperger talents changed the World