Teodor Romzja
Teodor George Romzja (Oekraynsk: Теодор Юрій Ромжа, Hongaarsk: Romzsa Tódor György, berne 14 april 1911 – ferstoarn 31 oktober 1947) wie fan 1944 oant 1947 de biskop fan de Roeteenske Gryksk-Katolike Tsjerke yn de epargy fan Mûkatsjeve. Romzja waard fermoarde troch de NKVD en op 27 juny 2001 as martler foar it kristendom sillich ferklearre.
Libben
bewurkje seksjeRomzja waard op 14 april yn Nagybocskó yn de Subkarpaten yn it doedestiidske Eastenryk-Hongarije berne. It doarp hie in befolking dat gearstald wie út Hongaren en Roetenen. Syn doopnamme wie Tivadar György en op syn doopbewiis waard de Hongaarske nasjonalilteit set.
Syn heit, Pavel Romzja, wurke as amter fan it spoar, wylst syn mem, berne as Maria Semack, de hannen fol hie as húsfrou. Thús waard Hongaarsk praat, mar mei oaren skeakelen se like maklik oer op it Roeteensk. Nei't er it gymnasium yn Chûst ôfmakke reizge Teodor nei Rome om dêr foar preester te studearjen, ynearsten op it Collegium Germanicum et Hungaricum en letter op it Collegium Russicum.
Teodor Romzja waard as preester wijd troch biskop Aleksander Evreinov op de Earste Krystdei fan 1936 yn de Santa Maria Maggiore. Nei't er yn tsjinst west hie tsjinne er foar in skoftke yn ferskate Transkarpatyske parochy's (dat sûnt 1918 diel útmakke fan Tsjechoslowakije), ear't er yn 1939 as professor yn de filosofy oannommen waard op it Epargiale Seminaarje yn Ungvár (yn dy tiid Hongarije, mar tsjintwurdich Uzjhorod yn de Oekraïne)
Episkopaat
bewurkje seksjeIt wiene drege tiden foar de Tsjerke yn de Subkarpaten. Neffens it Ferdrach fan München waarden de Subkarpaten yn 1938 by Hongarije foege, dêrnei folge de ynfaazje fan Nazy-Dútslân en lang om let de besetting troch it Reade Leger fan de Sovjets.
Op 24 septimber 1944 olge de konsekraasje fan Teodor Romzja as biskop fan de epargy Mûkatsjeve yn de katedraal fan Uzjhorod. Hy wie doe noch mar 33. Al dalik krige er te meitsjen mei it Reade Leger. De nije besetters easken fan biskop Romzja it ûndertekenjen fan it Manifest fan Mûkatsjevo fan 26 novimber 1944, dat de yndieling fan de Karpaten by de Sovjet-Uny regele. De Sovjets makken in ein oan de frijheid fan religy en woene de Gryksk-Katolike Tsjerke by de Russysk-Otterdokske Tsjerke foege, mar Romzja wegere foar generaal Petrov oer te brekken mei Rome.
Hy organisearre in grutte manifestaasje op it feest fan Marije-Himelfeart mei mear as 80.000 pylgers en dat wie de kommunisten slim yn 'e wei en no begûnen de amtners gear te spannen om de jonge biskop ôf te setten. Op 27 oktober 1947, nei in besite oan in parochy werom nei hûs, waard syn troch in hynder lutsen wein mei sin troch in militêre truck raamt en fan de wei ôf treaun. De soldaten, dy't as boargers ferklaaid wiene, sprongen út de truck en begûnen de biskop en syn reisselskip ôf te seamen. De oanfallers naaiden út doe't der in oare truck nadere. Romzja waard mei syn selskip meinommen nei Uzjhorod dêr't se fersoarge waarden. Romzja knapte wer wat op doe't se op 31 oktober de nonnen dy't him ferplegen fuortstjoerden en Romzja in nije ferpleechster krige, dy't troch it rezjym oansteld wie. Net folle letter, krekt nei middernacht, waard Romzja dea fûn. De ferpleechster hie him mei in ynjeksje fergiftige mei kurare ôfkomstich út in NKVD-laboratoarium. Ut ûndersyk yn de Sovjet-argiven troch de Russyske ûndersykssjoernalist Evgenia Albats hat bliken dien dat Nikita Chrûsjtsjov persoanlik de opdracht ta de moard jûn hat.
Op 4 novimber 1947 wenne in grutte kliber folk de begraffenis fan Romzja by, ek al hiene de autoriteiten harren bêst dien om it de reizgers sa dreech mooglik te meitsjen om nei it plak te kommen. Romzja waard begroeven yn de krypte fan de Krúsferheffingskatedraal yn Uzjhorod. De ferfolging fan de Rûteenske Gryksk-Katolike Tsjerke boaze ûnder de Sovjets jimmeroan mear oan en yn 1949 folge in offisjeel ferbod. Alle eigendommen fan de katolike mienskip waarden oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en sa ek de Krúsferheffingskatedraal fan Uzjhorod. Nei de fal fan de Sovjet-Uny joech de Russysk-Otterdokske Tsjerke de katedraal wer oan de katoliken werom en boude foar de mienskip de katedraal fan Kristus de Ferlosser.
Sillichferklearring
bewurkje seksjePaus Jehannes Paulus II ferklearre op 27 juny 2001 Romzja yn Lviv sillich as martler foar it leauwe. Ynearsten waard 1 novimber as syn feestdei ornearre, mar op it fersyk fan de epargy fan Mûkatsjeve waard de dei mei yngong fan 2009 31 oktober. Neffens de Moskouse tiid, de tiidsone dy't de Sovjet-Uny ynfierd hie yn de Oekraïne, ferstoar Romzja nei middernacht op 1 novimber. De lokale tiid wie lykwols krekt foar middernacht op 31 oktober.
Yn 1998 waarden de reliken fan de sillige Teodor út de tombe fan de Krúsferheffingskatedraal yn Uzjhorod helle en oerbrocht nei Bûdapest foar medysk ûndersyk. Yn juny 2003 kamen de reliken wer nei Uzjhorod, dêr't se doe yn in skryn yn in sydkapel fan de Krúsferheffingskatedraal lein waarden. Om dat te betinken waard in twadde feestdei, it oerbringen fan de hillige reliken fan de sillige Teodor Romzja, fêststeld op 28 juny.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Theodore Romzha
|