De Seis Dagen fan de Ferneatiging

(Trochferwiisd fan The Six Days of Destruction)

De Seis Dagen fan de Ferneatiging, yn it oarspronklike Ingelsk: The Six Days of Destruction (folút: The Six Days of Destruction: Meditations Towards Hope) is in bondeltsje fan likernôch fyftich siden ta eare fan Yom ha-Shoah (Holokaustbetinkingsdei), mei seis essays oer de holokaust en twa liturgyen foar joadske en kristlike betinkings.

De Seis Dagen fan de Ferneatiging
algemiene gegevens
oarspr. titel The Six Days of Destruction
auteur Elie Wiesel en
Albert H. Friedlander
taal Ingelsk
foarm essaybondel
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1988, New York
oarspr. útjwr. Paulist Press
kodearring
ISBN 0 80 91 04 091
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Seis Dagen fan
   de Ferneatiging
publikaasje [net útjûn]
oersetter Jacobus Knol

It is skreaun troch de Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928), yn gearwurking mei de Amerikaanske rabbyn Albert H. Friedlander (1927-2004), en waard foar it earst publisearre yn 1988.

Yn 2006 waard it troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Seis Dagen fan de Ferneatiging. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie, en Friedlander, Albert H., De Seis Dagen fan de Ferneatiging (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2006, (net útjûn).