Albert H. Friedlander
Albert H. Friedlander (folút: Albert Hoschander Friedlander; Berlyn, 10 maaie 1927 – Londen, 8 july 2004) wie in yn Dútslân berne Joadsk-Amerikaansk rabbyn, skriuwer, dosint en minskerjochte-aktivist.
Albert H. Friedlander | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Albert Hoschander Friedlander | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 maaie 1927 | |
berteplak | Berlyn (Dútslân) | |
stoarn | 8 july 2004 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
Leo Baeck: Teacher of Theresienstadt The Six Days of Destruction | |
jierren aktyf | 1961 – 2004 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben
bewurkje seksjeFriedlander waard berne yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, as de soan fan tekstylkeapman Alex Friedlander († 1956) en dy syn frou Sali († 1965). Syn bernejierren brocht er troch yn Dútslân, en yn 'e Kristallnacht skûle er by kristlike freonen yn in Berlynske bûtenwyk. Yn 1939, doe't er tolve jier wie, ûntflechte it gesin Dútslân op in skip nei Kuba, dat dêr it lêste wie dat talitten waard foar't de MS St. Louis de tagong wegere waard. Friedlander, syn twillingbroer Charles en syn suster Dorrit waarden daliks nei pleechgesinnen yn 'e Amerikaanske steat Mississippy stjoerd, mar harren âldelju moasten op Kuba wachtsje oant harren fisanûmers oan bar wiene yn it kwoatumsysteem dat de Feriene Steaten doedestiden hantearren foar it talitten fan Joadske ymmigranten. Uteinlik waard it gesin weriene en setten se har nei wenjen yn it stedsje Vicksburg, yn Mississippy.
Yn 1944 makke Friedlander dêre de middelbere skoalle ôf, wêrnei't er studearre oan 'e Universiteit fan Chicago. Hy koe goed leare, mar wie dêrnjonken ek sa goed yn hurddraven, dat syn coach him oanrette om in tryout te dwaan foar it Amerikaanske Olympyske tiim. Friedlander keas der lykwols foar om him op syn stúdzje te konsintrearjen. Dy rûne er ôf mei it beheljen fan in bachelorstitel en doe skreau er him daliks yn oan it Hebrew Union College yn Cincinnati, yn 'e steat Ohio, dêr't er foar rabbyn learde. Ta dat amt waard er wijd yn 1952. Fan 1956 oant 1961 stied er oan 'e B'nai B'rith-timpel, in reformjoadske synagoge yn Wilkes-Barre, yn 'e steat Pennsylvania, dêr't er ek parttime dosearre oan 'e pleatslike hegeskoalle. Yn 1961 troude er mei syn frou Evelyn, mei wa't er trije bern krige: Ariel, dy't krekt as hysels rabbyn waard, Michal en Noam, in skriuwer en sjoernalist.
Datselde jiers naam er in baan oan as dekaan foar joadske studinten oan 'e Columbia University te New York, dêr't er in doktoraat yn teology behelle mei in proefskrift oer it wurk fan 'e liberaal-joadske rabbyn en foaroanman Leo Baeck. Hy rekke der ek belutsen by de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, en naam syn studinten mei nei Memphis, yn Tennessee, om mei te dwaan oan in demonstraasje dy't laat waard troch Martin Luther King. Yn 1966 emigrearre er mei syn gesin nei de Britske haadstêd Londen ta, dêr't er rabbyn waard oan 'e Wembley Liberal Synagogue, en lesjoech oan it Leo Baeck College. Yn 1971 waard er beroppen troch de Westminster Synagogue yn 'e Londenske wyk Knightsbridge. Dêr bleau er oant er yn 1993 mei emeritaat gie. Oan it Leo Baeck College wied er dosint fan 1967 oant 1971, doe adjunkt-rektor foar stúdzjerjochtings fan 1971 oant 1982 en dêrnei rektor fan 1982 oant syn dea, yn 2004.
Njonken syn wurk as rabbyn en dosint siet Friedlander yn syn Londenske tiid ek yn ferskate organisaasjes en bestjoeren. Sa wied er fan 1975 oant 1995 fise-foarsitter fan 'e Wrâlduny foar Progressyf Joadendom en fan 1990 oant 1994 foarsitter fan 'e Britske tûke fan 'e Wrâldkonferinsje fan Religyen foar Frede. Friedlander wie behelle yn in grut tal ynterreligieuze dialogen, benammen mei kristenen en moslims, sawol binnen Grut-Brittanje as op ynternasjonaal mêd. Fierders brocht er ek in protte tiid troch yn Dútslân, as gastperfester oan ferskate universiteiten en as sprekker en dosint op 'e protestantske Evangelischen Kirchentage en de roomske Katholikentage. Yn 1993 waard him troch it Dútske regear it Bundesverdienstkreuz ("Bûnskrús fan Fertsjinst") takend. Trije jier foar syn dea, yn 2001, waard er de earste rabbyn fan bûtenlânsk komôf dy't opnommen waard yn 'e Order of the British Empire ("Oarder fan it Britske Ryk"). Hy stoar yn 2004 yn Londen en leit dêr ek begroeven.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1967: Never Trust a God over 30
- 1968: Leo Baeck: Teacher of Theresienstadt
- 1968: Out of the Whirlwind: A Reader of Holocaust Literature
- 1988: The Six Days of Destruction: Meditations Towards Hope (mei Elie Wiesel)
- Fryske oersetting: De Seis Dagen fan de Ferneatiging (fert. Jacobus Knol, net útjûn)
- 1990: A Thread of Gold: Journeys Towards Reconciliation
- 1993: Riders Towards the Dawn: From Ultimate Suffering to Tempered Hope
Keppelings of utens
bewurkje seksje- (in) Ferstjerrensberjocht troch rabbyn Lionel Blue
- (in) Ferstjerrensberjocht yn 'e Guardian
- (in) In memoriam yn 'e Guardian troch Hella Pick
- (in) Ferstjerrensberjocht yn The Times
- (in) Ferstjerrensberjocht troch rabbyn Jonathan Magonet
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |