The V'Dan is in science fiction-roman mei sterke fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Jean Johnson. De titel ferwiist nei in ras fan bûtenierdske wêzens. It boek fertelt it ferhaal fan Jackie MacKenzie, dy't as ambassadeur foar de Ierde kontakt leit mei bûtenierdske beskavings. The V'Dan is it twadde diel fan 'e trilogy First Salik War, dy't yn deselde wrâld spilet as Johnson har romansearje Theirs Not to Reason Why, mar ferskate iuwen earder. It is it ferfolch op The Terrans. It boek waard yn 2015 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

The V'Dan
algemiene gegevens
auteur Jean Johnson
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction, fantasy
1e publikaasje 2015, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige First Salik War
● foarich diel The Terrans
● folgjend diel The Blockade
kodearring
ISBN 978-0 42 52 76 938

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Yn it jier 2287 hat de hiele Ierde ien regear, dat fuortkommen is út 'e âlde Feriene Naasjes. In lyts diel fan 'e minskheid hat tsjin dy tiid psychyske, paranormale krêften ûntwikkele, lykas telekineze, telepaty, teleportaasje en heldersjendheid. Yn it foargeande diel fan 'e trilogy, The Terrans, waard ferteld hoe't de mei krêften op it mêd fan telekineze, telepaty en paralinguïstyk bejeftige eardere politika Jacaranda "Jackie" MacKenzie behelle rekke yn it Aloha-projekt, de earste fierrikkende ferkenningsoperaasje fan 'e Ierde nei omlizzende planetestelsels, nei't heldersjenden har gesicht weromkoene yn fizioenen oer takomstige moetings mei in ferskaat oan rassen fan bûtenierdske wêzens.

Op ien fan 'e ferkenningsmisjes rêde Jackie fiif minsken fan 'e Salik, in bûtenierdsk ras dat kriichsfinzenen libben opyt. De fiif wiene lykwols gjin Ierdlingen mar V'Dan, fan wa't de foarâlden dat neffens harren âlde myten 9.500 jier lyn op in ûnbekende wize fan in ferlern waande memmeplaneet oerbrocht wiene nei harren hjoeddeistige planeet, dy't ek V'Dan hiet. De lieder fan 'e fiif wie kaptein Li'eth Ma'an-uq'en, dy't lykwols ek de soan fan 'e keizerinne fan V'Dan wie. Wylst se mei-inoar yn karantêne ferbleaune, rekken Jackie en Li'eth fereale opinoar.

Yn The V'Dan reizgje Jackie en Li'eth mei de oare fjouwer befrijde V'Dan en in gesantskip fan 'e Ierde nei de planeet V'Dan ta, dy't it mulpunt foarmet fan in ynterstellêr keizerryk dat regearre wurdt troch Li'eth syn mem, keizerinne Hana'ka. De V'Dan binne lid fan in ferbûn mei ferskate rassen fan bûtenierdske wêzens dat de Alliânsje neamd wurdt. Dat ferbûn is yn oarloch mei de Salik, in ras fan ferdoarne amfibyske wêzens dy't eltse foarm fan empaty ûntbeare en út binne op folsleine oerhearsking fan it bekende hielal. Jackie is beneamd ta ambassadrise fan 'e Ierde by de hiele Alliânsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Koart nei oankomst op V'Dan rint Jackie tsjin in stroffelstien oan, dy't alderferskuorrendste dreech út 'e wei te romjen blykt. De V'Dan sjogge der nammentlik krekt as út as Ierdlingen, mei ien ferskil: de kleurige streken en stippen op harren hûd, dy't jungen hjitte. Dy binne it gefolch fan in firus dêr't alle V'Dan oan it begjin fan 'e puberteit mei oanhelle reitsje, en de iennichsten yn 'e V'Dan-maatskippij dy't gjin jungen hawwe, binne sadwaande bern. As gefolch dêrfan is it sels foar wolmienende V'Dan tige dreech om 'e jungen-leaze Ierdlingen as folwoeksenen te beskôgjen, wylst in protte (minder wolmienende) V'Dan inkeld ferachting fiele foar Jackie-en-dy.

Op it mêd fan 'e technology hawwe de V'Dan en de Ierdlingen inoar gâns wat te bieden. Sa hawwe de V'Dan keunstmjittige swiertekrêft foar harren romteskippen ûntwikkele, wylst de Ierdlingen in manear ûntdutsen hawwe foar ynterstellêre kommunikaasje mei mar in pear sekonden tiidsferlies tusken de bydragen oan in petear troch lju dy't har yn ferskillende planetestelsels befine. Fierders hawwe ek de V'Dan lju mei psychyske krêften, mar binne dy nei Ierdske mjitstêven frijwol ûnbeleard, wat yn it gefal fan Li'eth, dy't bejeftige is mei pyrokineze (it troch mentale konsintraasje meitsjen fan fjoer), hartstikkene gefaarlik is.

It is dúdlik dat beide beskavings hiel wat faninoar leare kinne, mar Jackie en de oare Ierdlingen moatte allegeduerigen opbokse tsjin 'e foaroardielen en sels iepen diskriminaasje tsjin lju dy't gjin jungen hawwe. As keizerinne Hana'ka by in oanfal fan 'e Salik swierferwûne rekket en Li'eth syn âldste suster, de heechkroppige kroanprinsesse Vi'alla, tydlik regintesse fan V'Dan wurdt, liedt dat ta in konfontaasje wêrby't Jackie driget de Ierdske ambassade op V'Dan te sluten en de diplomatike relaasjes te ferbrekken. Vi'alla nimt har net serieus, mei as gefolch dat Jackie har drigemint wiermakket troch de ambassade te sluten en risselwaasjes te meitsjen om it hiele gesantskip werom te lûken nei de Ierde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: