Martinus Jacob ("Tinus") van Doorn (Padang, 2 juny 1905Ukkel, 17 maaie 1940) wie in Nederlânske keunstskilder, tekener en grafikus. Hy wurke yn in styl dy 't oan it ekspresjonisme besibbe wie.

Tinus van Doorn
keunstner
Tinus van Doorn, 1930
Tinus van Doorn, 1930
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 juny 1905
stoarn 17 maaie 1940
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener en grafikus
streaming ekspresjonisme
offisjele webside
RKD-profyl


Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Froulik neaken (Akkie)

Van Doorn waard berne op Sumatra. Doe ’t er acht wie kaam de húshâlding werom nei Nederlân en fêstige him yn Breda, dêr 't er de HBS besocht. Yn dy tiid makke er al in soad houtfyken mei foaral omtinken foar de bistewrâld. [1] Yn 1924 begûn er in stúdzje oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach en behelle der syn tekenakte. Yn 1928 sette er hem nei wenjen yn Oegstgeest en in jier letter fêstige er him yn Rotterdam, dêr 't er yn 1929 troude mei de fyftjin jier âldere pianiste Akkie Vermeulen. [2]

Van Doorn hie al op de tekenakademy muoite mei de akademyske struktuer en allegeduerigen soe er sykjen bliuwe nei in eigen ekspresje. "Ik stribje yn myn wurk nei de werjefte fan de befrjemding en de wûnderlikheid, dy 't dizze wrâld foar my hat. Ik stribje net nei de útbylding fan de realiteiten, mar sykje earder te komponearjen mei foarm en kleur, foaral mei de kleur, as draachster fan gefoelswearden.", skreau er yn 1932 yn in katalogus by in eksposysje fan syn wurk yn Rotterdam.

Van Doorn eksperimintearre allegeduerigen mei foarm en kleur. Syn wurk is dúdlik besibbe oan de Belgyske ekspresjonisten, Franz Marc en Marc Chagall. [2] Ek binne ynfloeden sichtber út it kubisme en de primitive keunst wei. Dêrby kiest er foar ûnderskate tema's: bisten foaral, arkasyske lânskippen, Bibelske tafrielen, boeren, swalkers, merke- en sirkusfoarstellingen en oare minsken oan de selskant fan de maatskippij. Letter spilet ek de dea in wichtige rol. Syn skilderijen binne fantasieryk en karakterisearje har troch in beskate yntimiteit en kwetsberens, mar ek troch in beskate driging. Syn tekeningen hawwe in soad neakten.

Yn keunstnerskringen waard Van Doorns wurk altyd tige wurdearre, ferskate musea kochten syn wurk en yn 1933 eksposearre er yn it Stedelijk Museum. Dochs koe er mar dreech troch de tiid komme fan de keunst en wie er der by tiden skjin mei ferlegen. Dêrom wurke er ek in soad as yllustrator, ûnder oare foar literêre wurken fan Jan Jacob Slauerhoff, Albert Helman, Anton Coolen en Martinus Nijhoff. [3]

Yn 1933 ferhuzen Van Doorn en syn frou nei Laren yn de Achterhoeke. De opkomst fan it nasjonaalsosjalisme makke him tryst. Hy fielde dat as in bedriging en fûn de gedachte oan mooglike oantaasting fan syn geastlike frijheid as ûnferdraachlik. Yn 1938 ferhuze hy mei syn frou nei Ukkel yn België. Hy trof der Jan van Nijlen en makke in pear printen dy 't er mei koarte, grappige byldgedichten fan de dichter útjaan woe as Berijmde prenten uit het aards Paradijs. Op de dei dat de Dútsers yn 1940 Brussel besetten makken Tinus en syn frou der beide in ein oan. [4]

It oeuvre fan Tinus van Doorn bestiet út sa'n 150 skilderijen, 400 tekeningen, linoaleumfiken, 15 byldhouwurken, dekôrûntwerpen en yllustraasjes foar romans, gedichtebondels en berneboekjes. Syn wurk is ûnder oare fertsjintwurdige yn de kolleksje fan it Stedelijk Museum te Amsterdam, de Lakenhal te Leien, it Museum Belvedêre yn Oranjewâld, Museum Boijmans Van Beuningen te Rotterdam, it Gemeentemuseum De Haach en it Van Abbemuseum yn Eindhoven.

  • Erik Slagter e.a.: Tinus van Doorn, 1905-1940; kunstenaar van het verloren paradijs Katalogus Lakenhal Leiden, 2005. ISBN 978-90-809056-5-8
  • Pieter A. Scheen: Lexikon Nederlandse beeldende kustenaaren, 1969–1970. Bân. 1, s. 274–275.
  • P.M.J. Jacobs: Beeldend Nederland: biografisch handboek: Tilburch: Stichting Studiecentrum voor beeldende kunst, 1993: ISBN 90-801063-1-3

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biographical notes.
  2. 2,0 2,1 Koarte biografy @ Studio2000.
  3. Koarte biografy @ Galeries.nl
  4. Biografyske oantekeningen @ Ruud van der Velden Kunst.