Tofet
Mei tofet (Hebriuwsk: תוֹפֶת; Gryksk: Ταφέθ; Latyn: Topheth) wurdt yn de Hebriuwske Bibel in plak yn Jeruzalim yn de Gehenna bedoeld dêr't oanbidders fan de goaden Baäl en Moloch yn de âlde Kanaänityske religy bern offeren troch se libben te ferbaarnen.
De Hinnomdelling (Gehenna) besuden Jeruzalim waard troch de fromme Joaden as in ferflokt plak beskôge en kaam sadwaande meitiid bekend te stean as in bestimming foar kweaminsken en as in synonym foar de hel. Yn it kristendom waard it wurd tofet in synonym foar hel.
Namme
bewurkje seksjeNeffens de Hebriuwske Bibel waard de Hinnomdelling troch Kanaäniten brûkt om harren eigen bern as minske-offer libben te ferbaarnen as offer foar de goaden. In part fan de Hinnomdelling waard de "Tofet" neamd, dêr't de bern opoffere waarden (2 Keningen 23:10). Midsiuwske Joadske skriuwers David Kimhi en Rasji tochten dat de namme "tofet" fan it Hebriuwske wurd toph, dat "trommel" betsjut, ôfstammet. It lûd fan it gûlen fan de bern dy't de fjoerwijing ûndergiene moast dôve wurde troch it lûd fan it trommeljen. In oare mooglikheid is dat it fan it Arameeske wurd komt dat "hierd" of "fjoerplak" of sokssawat betsjut.
Ferwizings yn de Bibel
bewurkje seksjeYn de Bibel binne in stikmannich ferwizings nei Tofet. Yn Jeremia 7:31-34 sprekt YHWH syn ôfgriis út oer it berne-offerjen:
"Se hawwe de offerhichten fan Tofet yn 'e delling fan Ben-Hinnom makke om har soannen en dochters de fjoerwijing ûndergean te litten. Soks haw Ik nea foarskreaun, it is net iens by My opkommen.Tink derom, der komt in tiid - is de godsspraak fan de Heare - dat de lju it net mear hawwe sille oer Tofet of oer de Delling fan Ben-Hinnom, mar oer de delling fan de slachting; en se sille de deaden yn Tofet begrave, om't der oars gjin plak is. Dan wurde de liken fan dit folk foer foar de fûgels yn 'e loft en foar de wylde bisten en gjinien dy't se fuortjaget. Yn 'e stêden fan Juda en yn 'e strjitten fan Jeruzalim lit Ik dan elk bliid en fleurich lûd ferstomje, it lûd fan breugeman en breid; it lân wurdt in ferlitten oarde."
It ritueel fan it ferbaarnen fan bern waard in ein oan makke troch kening Josjia fan Juda, dy't Tofet ûntwije liet, as part fan syn herfoarmings (2 Keningen 23:10). Tofet wurdt ek neamd yn Jeremia 19:6, Jeremia 19:11-14,en Jesaja 30:33, dêr't it as in "brânsteapel" omskreaun waard, dat ek as Gehenna of hel oerset wurde kin.
Oare kultusplakken
bewurkje seksjeMei "tofet' wurde ek ferskate Fenisyske en Punyske kultusplakken bedoeld, dy't yn it Middellânske Seegebiet fûn waarden: yn Kartago, Sardynje, Sisylje[1] en Tyrus[2], Libanon.
Der is gjin oerienstimming oft op dy plakken berne-offers brocht waarden, of dat it earder om bysûndere bernebegraafplakken gie. Der wurdt wol fanút gien dat de Fenysjers berne-offers tapasten[3].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|