Gehenna (útspr.: [ɡə'hɛna], likernôch: "guh-hen-na") is in âlderwetske oantsjutting foar in lytse delling yn Jeruzalim dy't tsjintwurdich bekend stiet as de Hinnomdelling. Dizze delling leit fan east nei west yn in bôge om 'e Alde Stêd fan Jeruzalim en de berch Sion hinne. Deunby de súdeastlike hoeke fan 'e Alde Stêd komt de Hinnomdelling út yn 'e gruttere Delling fan de Kidron. Fan âlds stie de Hinnomdelling yn it Hebriuwsk bekend as de גיא בן הינום, Gai ben-Hinnom, oftewol de "Delling fan de Soan fan Hinnom", in namme dy't meitiid ôfsliet ta de foarm Ge Hinnom: "Delling fan Hinnom". Dy foarm waard oernommen yn it Aldgryksk as γέεννα, geënna, in fonetyske transkripsje fan it Arameeske ܓܗܢܐ, Gēhennā.

De Hinnomdelling yn 2007.

De delling wurdt ferskate kearen neamd yn 'e Bibel, wêrûnder yn Jozua 15:8 en Jeremia 7:31 en 32, 19:2 en 6 en 32:35. Neffens Jeremia 7:31 wie it it plak dêr't de Israeliten "har soannen en dochters de fjoerwijing ûndergean" lieten; d.w.s. dêr't se har bern ta minske-offers makken troch se libben te ferbrânen yn 'e earetsjinst oan 'e god Moloch. Neffens Jeremia 19:6 soe dat plak dêrom "de delling fan de ôfslachting" komme te hjitten. It waard troch fromme joaden as in ferflokt plak beskôge, en kaam sadwaande meitiid bekend te stean as in bestimming foar kweaminsken en as in synonym foar de hel.

Yn dy foarm waard de namme Ge Hinnom brûkt yn 'e lettere rabbynske joadske literatuer, wylst 'Gehenna' as sadanich yn 'e kristlike literatuer brûkt waard. Yn âldere oersettings fan it Nije Testamint komt it wurd 'Gehenna' alve kear foar yn 'e trije synoptyske evangeeljes. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting sil men der lykwols omdôch nei sykje, mei't it dêr ferfongen is troch oare ferwizings nei de hel, lykas yn Mattéus 5:22, dêr't stiet: "En wa't syn broer útskelt foar stommeling, moat him foar de Hege Rie ferantwurdzje; en wa't him 'grutte gek' neamt, dy fertsjinnet it hellefjoer." (Oarspronklik: "[...] dy fertsjinnet it om nei Gehenna stjoerd te wurden.") Noch letter naam de islaam de ferbastering جهنم, Ǧahannam (útspr.: [ʤa'hannam], likernôch: "Dzjahannam") oer as synonym foar de hel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.