Tommelyske

(Trochferwiisd fan Tommelise)

Tommelyske, yn it oarspronklike Deensk: Tommelise (Nederlânsk: Duimelijntje; Ingelsk: Thumbelina), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Andet Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Oarde Boek"), yn 'e mande mei twa oare mearkes (De Kweajonge en De Selskipsman). Tommelyske is ien fan Andersen syn bekendere mearkes, en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Tommelyske
algemiene gegevens
oarspr. titel Tommelise
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1835, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Andet Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Tommelyske
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Ynhâld bewurkje seksje

In frou dy't o sa graach in berntsje hawwe wol, mar net rjocht wit hoe't se deroan komme moat, giet nei in âlde tsjoenster ta. Dy jout har koarnsiedsje, en as se dat plantet, komt in prachtige blom út dy't wol wat wei hat fan in tulp. Ut dy blom komt in alderoanfallichst lyts famke foar 't ljocht. Om't se net langer is as in tomme, wurdt se Tommelyske neamd. Op in nacht wurdt Tommelyske mei har bedsje (in nútdop) en al ûntfierd troch in âld podde, dy't har as wiif foar har soan hawwe wol. De podde set de gûlende Tommelyske finzen op in pompeblêd oant de wente fan it breidspear, in hoale yn 'e blauwe modder, ree wêze sil. Mar de fisken krije begrutsjen mei har en gnabje de stâle fan it pompeblêd troch, sadat it streamôf driuwt. In flinter helpt har troch it blêd mei te lûken, mar dan wurdt Tommelyske troch in toarre grepen, dy't mei har fuortfljocht nei in beam. As de oare toarren har lykwols ôfwize, ferliest har ûntfierder syn belangstelling foar har en set er Tommelyske del op in koweblomke.

 
In yllústraasje troch Vilhelm Pedersen.

De hiele simmer bringt se dêr yn 'e bosk troch, en dat slagget aardich, mar dan wurdt it winter. Tommelyske besiket har om 'e nocht mei toarre blêden tsjin 'e eleminten te beskermjen. Uteinlik kriget in âld fjildmûswyfke begrutsjen mei har en lit har de winter trochbringe yn har hoale. Tommelyske docht dêr de húshâlding, en yn ruil dêrfoar kriget se kost en ynwenning. De mûs bringt har yn 'e kunde mei de buorman, in mol, dy't it plan opfettet om mei Tommelyske te trouwen. Dat liket de mûs ek in goed plan ta, mar Tommelyske sjocht der neat yn, want de mol hatet de sinne, en as hja mei him trout, sil hja nea wer boppe de grûn komme. Underwilens is der in sweltsje, troch kjeld befongen, yn 'e molleril rekke. De mûs en de mol miene beide dat er dea is, mar Tommelyske ûntdekt dat er noch libbet, en fersoarget him de hiele winter. As de maityd komt, fljocht it sweltsje fuort.

Oan 'e ein fan 'e simmer wennet Tommelyske noch altyd by de fjildmûs yn, mar har brulloft mei de mol is no oansteande. Dan sjocht se op in dei it sweltsje wer, dat no nei it fiere suden fleane sil. As Tommelyske him fertelt oer har swierrichheden, biedt er oan om har mei te nimmen. Hja stimt dêrmei yn en ûntsnapt sa nei Afrika. Under it nêst fan it sweltsje groeie dêr grutte wite blommen, en dêr set it sweltsje Tommelyske ôf. Dan docht bliken dat der yn elts fan 'e blommen in lyts mantsje of wyfje wennet, dat blomme-ingeltsjes binne en dy't neat net grutter binne as Tommelyske sels. De prins fan 'e blomme-ingeltsjes rekket fereale op Tommelyske en sy op him. Hy jout har in nije namme, Maja, en trout mei har. It sweltsje, dat beseft dat hy Tommelyske no foargoed kwytrekke is, fljocht oan 'e ein fan 'e winter werom nei Denemark, dêr't er in nêst bout boppe it finster fan in man dy't mearkes fertelt (Andersen sels dus, is de ymplikaasje) en dy man mei syn sjongen ynspirearret ta it skriuwen fan dit ferhaal.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.