Trijekleurige mûs
De trijekleurige mûs (wittenskiplike namme: Sicista subtilis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae) en it skaai fan 'e bjirkemûzen (Sicista), dat foarkomt yn súdeastlik Jeropa en Sintraal-Aazje. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e bekendere (gewoane) bjirkemûs (Sicista betulina), dy't noardliker libbet.
trijekleurige mûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sicista subtilis | ||||||||||||
Pallas, 1773 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeDe trijekleurige mûs libbet yn Jeropa yn eastlik Eastenryk, Slowakije, Roemeenje, Bulgarije, de Oekraïne (ynkl. de Krim), súdlik Ruslân en de Koeban. Ek bestiet der in isolearre populaasje yn Hongarije. Bûten Jeropa strekt syn ferspriedingsgebiet him út oer it súdwesten fan Sibearje, noardlik Kazachstan en dielen fan Sinkiang-Oeigoerje. Trijekleurige mûzen binne typyske bewenners fan 'e steppe, en jouwe sadwaande de foarkar oan mear iepen gebieten as de bjirkemûs, dat mear in boskdier is. Behalven op 'e wylde flakten komme trijekleurige mûzen ek foar yn rûge greiden en yn oare gebieten mei in protte strewelleguod.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe trijekleurige mûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5½-7⅓ sm, mei in sturtlingte fan 6-9 sm en in gewicht fan 9½-14 g. Krekt as by de bjirkemûs (Sicista betulina) rint der by de trijekleurige mûs in swarte streek oer de wringe, fan 'e kop oant de sturt, mar by de trijekleurige mûs wurdt dy streek oan wjerskanten flankearre troch in bleke, ljochtgiele bân. De rest fan 'e pels op 'e rêch is griisbrún, wylst de bealch gielgrizich oant wyt kleure is. De sturt is by trijekleurige mûzen minder lang as by de bjirkemûs, mar likegoed bedraacht de sturtlingte noch sa'n 130% fan 'e kop-romplingte.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeTrijekleurige mûzen binne nachtdieren, dy't op 'e steppe in ûndergrûnske hoale graven, mar yn oare gebieten ek wol boppe de grûn, yn rotsspjalten, strûken en beamholten, rûne nêsten oanlizze fan gersresten en moas. It binne goede klimmers, dy't har lange sturten brûke om har lykwicht te hâlden, mar ek wol om har wat ekstra hâldfêst te jaan oan twiichjes en tûken, ek al is it gjin echte grypsturt. Krekt as oare bjirkemûzen is de trijekleurige mûs in omnivoar, wêrfan't it menu njonken plantaardich fretten, lykas sieden en fruchten, foar in grut part bestiet út ynsekten, larven en oare lyts krûpend dierte. Fan oktober oant april hâldt er in wintersliep. De peartiid begjint likernôch in moanne nei't er wekker wurden is, yn maaie of juny. Yn tsjinstelling ta in protte oare kjifdieren (mar krekt as de gewoane bjirkemûs) plantsje trijekleurige mûzen har mar relatyf stadich fuort, mei't wyfkes mar ien nêst fan 2-8 jongen it jier smite.
Status
bewurkje seksjeDe trijekleurige mûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn romme ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en syn populaasje stabyl liket te wêzen. De tastân fan 'e isolearre Hongaarske ûndersoarte Sicista subtilis trizona, dy't inkeld foarkomt yn it Beskerme Lânskip Borsodi Mezőség, is lykwols krityk, en dêrom is dy strang beskerme. Yn 2006 waard fan dizze ûndersoarte it earste libbene eksimplaar yn 70 jier oantroffen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|