De bjirkemûs (wittenskiplike namme: Sicista betulina), ek wol de gewoane bjirkemûs neamd, ta ûnderskie fan oare bjirkemûzesoarten, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae) en it skaai fan 'e bjirkemûzen (Sicista). Dizze soarte komt benammen foar yn noardeastlik Jeropa en westlik en sintraal Sibearje. It is fierwei de bekendste fertsjintwurdiger fan 'e jerboäfamylje, en libbet û.m. ek yn Noard-Fryslân. Yn 'e Benelúks komt er net foar.

bjirkemûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje jerboä's (Dipodidae)
skaai bjirkemûzen (Sicista)
soarte
Sicista betulina
Pallas, 1779
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e bjirkemûs yn noardeastlik Jeropa omfiemet súdlik en sintraal Finlân, sintraal en noardlik Ruslân (útsein it Arktyske noarden), de Baltyske steaten, Wyt-Ruslân, de eastlike helte fan Poalen, it noardwesten fan 'e Oekraïne, de Roemeenske Karpaten, it noarden fan Slowakije en it uterste noardeasten fan Tsjechje. Fierders besteane der isolearre populaasjes yn middeneastlik Eastenryk, súdwestlik Tsjechje, noardwestlik Switserlân, súdlik Jutlân en it oangrinzgjende diel fan Sleeswyk-Holstein (wêrûnder Noard-Fryslân), noardlik Jutlân, sintraal súdlik Sweden en it súdlike diel fan it Skandinavysk Heechlân op 'e grins fan Sweden en Noarwegen. Bûten Jeropa komt de bjirkemûs ek foar yn westlik en sintraal Sibearje oant de krite fan 'e Baikalmar (útsein it Arktyske noarden en it súdlike Altaiberchtme), en it uterste noarden fan Kazachstan.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De bjirkemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5½-7½ sm, mei in sturtlingte fan 8-10½ sm en in gewicht fan 5-13 g. Hy is frij lyts fan stal mei in tige lange sturt, dy't trochinoar 150% fan 'e kop-romplingte bedraacht. De pels is tsjûk en op 'e rêch giel- oant griisbrún, mei in smelle swarte streek oer de wringe dy't fuort efter de kop begjint. De fangen binne readich giel en de bealch gielgrizich oant wyt. Hy hat lange efterpoaten, dêr't er út stân wei mei springe kin sûnder de foarpoaten te brûken (lykas in kangoeroe).

 
In bjirkemûs.

Bjirkemûzen jouwe de foarkar oan in biotoop fan bosklân, oer it algemien leafwâld mei bjirken, mar yn it noardlike part fan harren areaal, dat boppe de leafgrins leit, nimme se fanneeds genoegen mei nullewâld. Fierders komme se ek wol foar yn sompen, parken en op hjouwerikkers. Se meie graach oer wat wieter terrein mei in tichte boaiemfegetaasje. Yn 'e bergen libje se op berchgreiden mei strewelleguod. Yn 'e Alpen binne se oant op 2.000 m hichte oantroffen.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De bjirkemûs is fierhinne in nachtdier, dat tige beweeglik is en treflik klimme kin. Dêrby brûkt er syn lange sturt om it lykwicht te hâlden en soms ek wol om him mei fêst te gripen, al is it net in echte grypsturt. By it rinnen hâldt er de sturt rjocht of yn in bûgde stân omheech. Bjirkemûzen meitsje rûne nêsten fan beamskors, gers en moas, dy't in trochsneed hawwe fan 5-9 sm. Se lizze almeast ferskûle yn holle of fermôge beamstammen of yn loaze romten tusken beamwoartels. It territoarium fan in bjirkemûs is tusken 0,4 ha en 1,3 ha grut, wêrby't de bisten har op in dei oant 225 m ferpleatse. Bjirkemûzen hâlde 6-8 moannen fan it jier in wintersliep, dy't yn prinsipe begjint sadree't de temperatuer ûnder de 10° C sakket. Under de wintersliep kin har lichemsgewicht mei de helte ôfnimme.

De peartiid duorret by bjirkemûzen fan maaie oant septimber. Oars as dat by de measte kjifdieren it gefal is, plantsje bjirkemûzen har nochal stadich fuort. Se binne inkeld yn har twadde en trêde libbensjier geslachtsryp, en it wyfke smyt mar ien nêst jongen jiers. De draachtiid duorret 21-25 dagen, en in nêst bestiet yn trochsneed út 4-6 jongen. As gefolch fan 'e stadige fuortplanting ken de bjirkemûs gjin grutte skommelings yn 'e populaasjetichtheid; trochinoar bedraacht dy 10-50 eksimplaren de ha. De maksimale libbensferwachting is foar bjirkemûzen 3½ jier, mar yn 'e regel helje se dat lang net. Natuerlike fijannen binne fral ferskate soarten martereftigen en ûlen.

 
In bjirkemûs.

Bjirkemûzen binne omnivoaren, dy't in soad ynsekten, larven, spinnen, wjirms, slakken en oar krûpend dierte frette. Dêrnjonken litte se ek plantaardich iten net stean, lykas griene plantedielen, sieden en beien.

De bjirkemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er in baasommen ferspriedingsgebiet en in stabile populaasje hat. Fral yn noardeastlik Jeropa en westlik en sintraal Sibearje komt er rûnom foar. Der binne gjin spesifike bedrigings foar dizze soarte bekend, al hawwe moderne lânboumetoaden mooglik ynfloed op syn foarkommen yn lannen as Dútslân en Denemark, en soed er yn Roemeenje wolris lêst hawwe of krije kinne fan 'e ûntbosking fan syn wengebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.