Trolls (franchise)

Trolls is in Amerikaanske mediafranchise fan 'e filmstudio DreamWorks Animation, ynspirearre op 'e súksesfolle Good Luck Trolls-popkes dy't yn 'e 1960-er jierren kreëarre waarden troch Thomas Dam. Anno 2021 bestiet de franchise út twa kompjûteranimearre lange tekenfilmmusicals, twa tekenfilmsearjes op 'e tillefyzje en in tillefyzjespecial.

Trolls
Trolls Logo 3.svg
betinker Thomas Dam
eigner DreamWorks Animation
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
begjinjier 2016
films
langspylfilms Trolls
Trolls World Tour
tillefyzje
tekenfilmsearjes Trolls: The Beat Goes On!
Trolls: Trolls Topia
specials Trolls Holiday
muzyk
soundtracks Trolls
Trolls World Tour
offisjele webside
www.dreamworks.com/trolls

FilmsBewurkje

TrollsBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Trolls (film).

Yn Trolls ûntsnappe de trollen út harren oarspronklike wente, de trollebeam, om't se dêr finzen holden wurde troch de ellindige bergens, meunsterlike wêzens dy't trollen ite om lokkich te wurden. As prinsesse Poppy letter troch in grut feest mei lûde muzyk en fjoerwurk it nije ûnderkommen fan 'e trollen oan 'e bergens ferriedt, moat se neitiid har troch de bergens finzennommen freonen sjen te befrijen. Dêrfoar ropt se de help yn fan Branch, de iennichste trol dy't net yn in oanhâldende steat fan gelokkigens ferkeart.

De haadrollen waarden ynsprutsen troch Anna Kendrick en Justin Timberlake, mei Zooey Deschanel, Christopher Mintz-Plasse, Christine Baranski, Russell Brand, James Corden, Gwen Stefani, Jeffrey Tambor en John Cleese yn ûnderstypjende rollen.

Trolls waard regissearre troch Mike Mitchell nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film gie op 4 novimber 2016 yn premiêre, en brocht $346,9 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen. Trolls waard nominearre foar in grut tal prizen, wêrûnder sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste orizjinele liet (Can't Stop the Feeling! fan Max Martin, Shellback en Justin Timberlake). De film wûn de Grammy Award foar bêste liet skreaun foar fisuele media (ek foar Can't Stop the Feeling!).

Trolls World TourBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Trolls World Tour.

Yn Trolls World Tour besiket de op macht beluste keninginne Barb (Rachel Bloom) fan 'e rocktrollen alle oare muzykstammen fan 'e trollen ûnder har bewâld te bringen. Poppy (Anna Kendrick), no keninginne fan 'e poptrollen, is de iennichste dy't har snoade plannen tsjinkeare kin. Dêrfoar hat se wol ferlet fan 'e help fan har freonen, mar as se wegeret om nei harren te harkjen, liket se dy help te ferliezen. Barb wit de ûnderlinge striid tusken de trollestammen yn har foardiel te besljochtsjen, mar as Poppy har skeel mei Branch (Justin Timberlake) en har oare freonen byleit, slagget it harren om alles noch wer rjocht te breidzjen.

Trolls World Tour waard regissearre troch Walt Dohrn, dy't as ko-regisseur ek al by de earste film belutsen west hie. Hy wurke nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film gie op 10 april 2020 yn premiêre, mar brocht omreden fan 'e op dat stuit hearskjende wrâldwide koroanafiruspandemy, en de beheinings yn it iepenbiere libben dy't dêrmei mank giene, mar $44,8 miljoen op tsjin in budget fan $90 oant 110 miljoen.

TillefyzjeBewurkje

TillefyzjespecialBewurkje

Trolls HolidayBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Trolls Holiday.

Yn Trolls Holiday docht blike dat de bergens nei de ôfskaffing fan Trollstice (de iene dei yn it jier dat se trollen ieten) gjin feestdagen mear hawwe. Keninginne Poppy (Anna Kendrick), Branch (Justin Timberlake) en harren freonen sette ôf nei de stêd fan 'e bergens om dat euvel te ferhelpen. Nei gâns trelit wurdt der in nije feestdei betocht, Troll-A-Bration, dy't de trollen en bergens mei-inoar fiere kinne. Trolls Holiday waard regissearre troch Joel Crawford nei in senario fan Josh Bycel en Jonathan Fener. It is in tillefyzjespecial mei in spyldoer fan 30 minuten, dy't op 24 novimber 2017 yn 'e oanrin nei it krystseizoen foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch NBC.

TekenfilmsearjesBewurkje

Trolls: The Beat Goes On!Bewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Trolls: The Beat Goes On!.

Trolls: The Beat Goes On! is in fantasy-musicalbernetekenfilmsearje produsearre troch DreamWorks Animation Television oer de fierdere aventoeren fan 'e trollen. Om 'e stimmen yn te sprekken waard in nije cast fan stimakteurs gearstald, mei û.o. Amanda Leighton as keninginne Poppy en Skylar Astin as Branch. Der waarden fan jannewaris 2018 oant novimber 2019 acht seizoenen (searjes) makke, fan yn totaal 52 ôfleverings besteande út 103 ôfsûnderlike segminten. Trolls: The Beat Goes On! waard beskikber makke fia streamingtsjinst Netflix.

Trolls: Trolls TopiaBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Trolls: Trolls Topia.

Trolls: Trolls Topia is in nije tekenfilmsearje oer de trollen mei deselde cast fan stimakteurs as Trolls: The Beat Goes On! De searje waard produsearre troch DreamWorks Animation Television. De earste ôfleverings kamen op 19 novimber 2020 beskikber fia de streamingtsjinsten Hulu en Peacock. Anno 2021 is der ien seizoen fan makke mei yn totaat 13 ôfleverings besteande út 25 segminten.

MuzykBewurkje

De filmmuzyk fan 'e Trolls-films kaam út op twa soundtrackalbums:

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.