Tsjerke fan it Hillich Bloed fan Kristus (Armsheim)

De Protestantske tsjerke fan it Hillich Bloed fan Kristus (Dútsk: Evangelische Kirche Zum Heilgen Blut Christi) is in monumintale protestantske tsjerke yn Armsheim yn de Dútske lânkring Alzey-Worms yn Rynlân-Palts.

Hillich Bloedtsjerke

Kirche zum Heiligen Blut

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Armsheim
adres Bahnhofstraße 4
koördinaten 49° 48' N 8° 3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip EKD
Arsjitektuer
arsjitekt Nikolaus Eseler (toer)
boustyl lette gotyk
Webside
Side Protestanske gemeente
Kaart
Tsjerke fan it Hillich Bloed fan Kristus (Rynlân-Palts)
Tsjerke fan it Hillich Bloed fan Kristus
 
Reliëf stiftingsstien boppe portaal

De letgoatyske tsjerke waard yn de 15e iuw op in fersterke tsjerkhôf boud as in beafeartstsjerke foar de ferearing fan it hillich bloed fan Kristus. Foar dy tiid hat der op itselde plak in oan de hillige Remigius fan Reims wijde tsjerke stien. Boppe de tagong is in stiftingsstien oanbrocht mei boppe de tekst dy't de earstestienlizzing fan de tsjerke betinkt in reliëf fan twa ingels, dy't in korporale fêsthâlde mei in tsjelk.

Mei de bou fan in heech koer mei stjerferwulft waard yn 1431 útein set. It koer hat in 5/8 sluting en trijedielige maaswurkfinsters. It skip fan de tsjerke is trijëninheal travee lang. De twa sydskippen binne hast like heech as it middenskip, mar likernôch de helte smeller. It krúsribferwulft fan it middenskip rêst op swiere rûne pylders. Yn de twadde helte fan de 15e iuw waard it ferwulft beskildere.

Tusken 1471 en 1500 waard de ymposante, 72 meter hege westlike toer boud, op koarte ôfstân fan de âlde stedsmuorre. It ferwulft fan de tagongshal fan de toer waard nei in brân yn 1854 fernijd. De toer giet nei twa rjochthoekige ferdjippings oer op in achthoekige boppebou, wêromhinne in ommegong rint. It earder ferneatige maaswurk fan de galerij waard ek yn 1854 restaurearre.

De toer toant oerienkomsten mei dy fan de Hillige Geasttsjerke yn Heidelberch en is nei alle gedachten troch deselde arsjitekt, Nikolaus Eseler, ûntwurpen.

It mear as 14 meter hege eastlike koer hat in stjerferwulft. De sintrale slútstien toant in ingel mei in tsjelk en corporale, in ferwizing nei it werklike bestean fan Kristus yn de eucharisty. Noardlik dêrfan is in slútstien te sjen mei trije froulike koppen (in non en twa froulju fan goede komôf) en súdlik ien mei manlike koppen (in muonts, in nar en in âlde man dy't de tonge útstekt). Yn de fjilden fan it ferwulft binne koppen fan ambachtslju skildere. De iepen mûlen fan de manlju foarmje de gatten foar it ûntluchtsjen.

 
Oargel Johann Michael Stumm

Yn de sakristy binne fragminten fan brânskilderde ramen út 1440. De hagelstoarm fan 1859 fernielde de midsiuwske ramen foar in grutste part, dy't dêrnei, op in pear resten yn de spitsbôgen nei, ferwidere waarden. De glesker Otto Linneman makke yn 1914 nije ramen foar de tsjerke. De trije eastlike koerfinsters toane de berte, de krusiging em de ferrizenis fan Kristus. Tusken 2006 en 2008 waarden de lêste finsters oanfolle mei it wurk fan glesker Hans Gottfried von Stockhausen.

It barokke oargel fan Johann Michael Stumm is noch foar it grutste part oarspronklik. Op de oargelpipen steane meardere opskriften en ek it jiertal 1739 fan de bou fan it ynstrumint. It twamanualige oargel waard yn de jierren 1959 en 1990 troch de bruorren Oberlinger restaurearre.

  • De preekstoel hat in midsiuwske foet út 1500 en is fersierd mei symboalen fan evangelisten en ingels. Op de wapenskylden wurde de Arma Christi toant.
  • Grêfplaten fan Siegfried fan Löwenstein, Margarete fan Heppenheim, Jehannes Beeck en Koenraad Odenkemmer.
  • In wapenstien fan de famylje Püller fan de Hohenburg.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zum Heilgen Blut Christi

  • Die Kirche Zum Heiligen Blut in Armsheim als Spiegel ihrer Zeit, Wolfgang Bickel (2004, Wernersche Verlagsgesellschaft mbH, Worms)