Twadde Keamerferkiezingen 2021

Twadde Keamerferkiezings
<< 2017    •   15-17 maart 2021
lân: Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sitten: 150
opkomst: 78,7%
ferkiezingsútslaggen
grutste partij: VVD
nij kabinet: Rutte IV
earder kabinet: Rutte III
begjin regearperioade: 10 jannewaris 2022

Tweede Kamerverkiezingen 2021.svg

Grutste partijen de gemeente.
Ljochter blau: VVD; ljochter grien: CDA; donkerder grien: D66; donkerder blau: PVV; oranje: SGP; ljochtblau: KristenUny; read: U-Buntu Connected Front (op Sint-Eustasius)

De ferkiezings fan de Twadde Keamer 2021 binne de algemiene Nederlânske ferkiezings foar de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal dy't fan moandei 15 maart oan en mei waansdei 17 maart 2021 holden waarden.

De ferkiezings soene ynearsten op 17 maart holden wurde, mar troch de koroanafirus waard besletten de stimburo's twa dagen earder iepen te dwaan foar âldere minsken en minsken mei in ymmúndefisjinsje. Ek hiene minsken, dy't âlder as 70 jier wiene, de mooglikheid oer de post te stimmen.

De ferkiezings wiene it gefolch fan it ôfrinnen fan it termyn fan de Twadde Keamer dy't by de Twadde Keamerferkiezings fan 2017 keazen waarden. It regearjende kabinet-Rutte III naam op 15 jannewaris 2021 lykwols ûntslach nei oanlieding fan de taslagge-affêre, mar de ferkiezings waarden dêrom net earder holden.

De VVD waard de grutste partij mei 21,9%, folge troch D66 mei krapoan 15% en de PVV mei krapoan 11%. D66 en FvD wûnen de measte stimmen neffens de lêste ferkiezings, wylst it CDA en GroenLinks de measte ferlearen.

UtslachBewurkje

De offisjele útslach waard op 26 maart 2021 wrâldkundich makke.[1]
Hjirûnder steane de partijen dy't in sit helle ha yn de Twadde Keamer:

Ferkiezingsútslach Twadde Keamerferkiezingen 2021
Partij Stimmen % +/- Sitten +/-
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) 2.279.130 21,9 %   0,6 34   1
Demokraten 66 (D66) 1.565.861 15,0 %   2,8 24   5
Partij foar de Frijheid (PVV) 1.124.482 10,8 %   2,3 17   3
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) 990.601 9,5 %   2,9 15   4
Sosjalistyske Partij (SP) 623.371 6,0 %   3,1 9   5
Partij fan de Arbeid (PvdA) 597.192 5,7 %   0,0 9   0
GrienLinks (GL) 537.308 3,9 %   5,2 8   6
Foarum foar Demokrasy (FVD) 523.083 5,0 %   3,2 8   6
Partij foar de Dieren (PvdD) 399.750 3,8 %   0,6 6   1
KristenUny (CU) 351.275 3,4 %   0,0 5   0
Nederlân Volt (Volt) 252.480 2,4 %   2,4 3   3
Rjocht Antwurd 21 (JA21) 246.620 2,4 %   2,4 3   3
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) 215.249 2,1 %   0,0 3   0
DENK 211.237 2,0 %   0,1 3   0
50PLUS (50+) 106.702 1,0 %   2,1 1   3
BoerBoargerBeweging (BBB) 104.319 1,0 %   1,0 1   1
BY1 (BIJ1) 87.238 0,8 %   0,8 1   1
Oaren
MEI-INOAR 10.422.852 100 - 150 -
Tal stimmen / Opkomst 10.462.677 78,7   2,9 - -

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tweede Kamer 17 maart 2021, Kiesraad