US Letter
US Letter (Ingelsk foar "Amerikaanske brief", of yn dizze kontekst eins "Amerikaansk briefformaat") is in papierformaat foar typmasine- en printerpapier dat yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Meksiko, Kosta Rika, Panama, de Dominikaanske Republyk, Kolombia, Fenezuëla, Sily en de Filipinen it measte brûkt wurdt. US Letter is in standert dy't definiëarre wurdt troch it American National Standards Institute (ANSI). Yn 'e measte oare lannen wurdt ynstee A4 brûkt, dat definiëarre wurdt troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO).
Ofmjittings
bewurkje seksjeUS Letter-papier mjit 81/2 by 11 inch (21,59 by 27,94 sm). Ta ferliking: A4 mjit 21,0 by 29,7 sm. It besibbe papierformaat Half Letter, ek bekend as Statement of Organizer L, is persiis de helte lytser as US Letter, en mjit 51/2 by 81/2 inch (13,97 by 21,59 sm).
Massa
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten wurdt papiermassa ornaris metten yn Amerikaanske pûnen per ream. Ien ream befet 500 fel. US Letter hat yn 'e regel in basisgewicht fan 20 of 24 pûn (9,1 of 10,9 kg): it gewicht fan in ream fan 500 fellen papier fan 17 by 22 inch (43,18 by 55,88 sm) by in temperatuer fan 21 °C en in luchtfochtigens fan 50%. Ien ream fan 20-pûns US Letter-papier weaget 5 Amerikaansk pûn (2,3 kg), en ien inkel fel US Letter-papier weaget 0,16 ounce (4,54 g), wat itselde is as 75,19 g/m². Op 'e ferpakking fan in Amerikaanske ream papier wurdt yn 'e regel ek metrike ynformaasje fermelden; sa stiet op 'e ferpakking fan 20-pûns US Letter-papier ek "75 g/m²" oanjûn. Ta ferliking: 500 fel 'gewoan' A4-papier hat in massa fan 80 g/m².
Skiednis
bewurkje seksjeDe krekte oarsprong fan US Letter is ûnbekend. Neffens de American Forest & Paper Association (AFPA) soe it formaat weromgean op 'e tiid dat papier noch hânmjittich makke waard. De lingte fan ien fel US Letter (11 inch) soe likernôch in fearn fan it berik fan 'e earms fan in papiermakker wêze, dy't dus in fel papier oanmeitsje koe dêr't yn 'e lingte fjouwer fellen US Letter út snien waarden.
US Letter falt binnen it berik fan it histoaryske quarto-papierformaat, dat al sûnt de Renêssânse yn gebrûk wie en ferwiisde nei fellen papier fan 8-9 inch (20-23 sm) breed en 10-11 inch (25-28 sm) lang. US Letter is ek frijwol persiis ien fearn fan it âlde Britske papierformaat Demy 4to, dat 171/2 by 221/2 inch (44 by 57 sm) wie, as men derfan útgiet dat by it bijsnijen fan 'e úteinlike fellen likernôch 1/2 inch ferlern gie.
It regear fan 'e Amerikaanske presidint Ronald Reagan makke US Letter oan it begjin fan 'e 1980-er jierren de noarm foar formulieren fan 'e Amerikaanske oerheid. Foartiid waard dêrfoar it lytsere Government Letter-formaat brûkt, dat 8 by 101/2 inch (20,32 by 26,67 sm) meat. Dat wie in útsûndering, want US Letter wie ek foàr de 1980-er jierren al it standertpapierformaat yn 'e kantoaren fan frijwol alle Amerikaanske bedriuwen en ynstellings en ek foar thúsgebrûk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |