Vatopedi-kleaster

(Trochferwiisd fan Vatopedy-kleaster)

It Vatopedi-kleaster (Gryksk: Βατοπέδι) op 'e berch Atos, Grikelân, waard yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw boud troch trije muontsen út Adrianopel. Dy trije muontsen mei de nammen Atanasios, Nikolaas en Antonios wiene learlingen fan 'e hillige Atanasios fan Atos.

Vatopedi
Βατοπέδι
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 19' N 24° 13' E
Kleastergegevens
oprjochting healwei 10e iuw
wijd oan Ferkundiging
Webside
www.vatopedi.gr
Kaart
Vatopedi-kleaster (Atos)
Vatopedi-kleaster

Fan dy tiid ôf waarden ferskillende gebouwen stifte. De measten dêrfan stamme út de Byzantynske tiid en út de 18e en 19e iuw, de bêste tiid fan it kleaster.

Tsjintwurdich wenje der likernôch 50 muontsen yn it kleaster.[1] Troch skinkings yn 1292 fan keizer Andronikos II waard Vatopedi grutgrûnbesitter. Sûnt tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw it kleaster ek mear Slavykse muontsen krige, stipen ek Bulgaarske tsaren en Servyske kenings it kleaster. Bekende muontsen fan it kleaster wiene Gergorios Palamas en, foar't it Hilandar-kleaster stifte waard, ek Sava fan Servje. De yn Ruslân tige fereare hillige Maksimus de Gryk die oan it begjin fan 'e 16e iuw yn it Vatipedi-kleaster syn monastike ûnthjitten.

It kleaster yn 'e 19e iuw.

Alhoewol't it kleaster yn 'e skiednis plonderingen en oerfallen ûndergyng fan Katalaanske piraten en letter ek Turken, hat der nea in ûnderbrekking west fan it monastike libben yn it kleaster.

It kleaster stifte yn 1749 de ferneamde Akademy fan Atos, dy't in mooglikheid ta ûnderwiis bea.

Yn 'e hiërargyske oarder fan 'e Atos-kleasters stiet Vatopedi op it twadde plak. It kleaster heart by de rykste kleasters op it skiereilân.

  • De oan 'e Ferkundiging wijde 10e-iuwske katolikon mei fresko's, dy't op 'e 14e iuw werom geane, mar yn 'e 18e en 19e iuw oerskildere binne;
  • it refektoarium;
  • de klokketoer út de Byzantynske tiid (1427);
  • de 10e-iuwske noardeastlike toer, dêr't hjoeddedei de bibleteek is ûnderbrocht.

Kleasterskatten

bewurkje seksje
 
Muontsen yn it Vatopedi-kleaster.

It kleaster bewarret in gurdle, dêr't guon fan leauwe dat dy ea fan 'e jongfaam Marije west hat en dy't hja oan 'e apostel Tomas jûn hawwe soe. In sulveren mei juwielen besette relykhâlder mei dêryn de skedel fan Jehannes Krysostomos hat de namme wûnderdiedich te wêzen. Yn it kleaster binne meardere ikoanen oanwêzich, dêr't wûnderen oan ta skreaun wurde en it kleaster besit in tsjelk makke út ien inkeld stik japsis.

Yn 'e bibleteek is it hânfêst fan Vatopedi it neamen wurdich, in midsiuwsk keninklik hânfêst út de 13e iuw fan Ivan Asen II fan Bulgarije. It waard yn 1929 yn 'e bibleteek ûntdutsen. Dêrnjonken hat it kleaster 2.000 manuskripten en 35.000 printe boeken. Ferneamd is it oktateuch "Kodeks Vatopedinus 602" mei 164 kleurrike miniatueren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Simonopetra


  Kleasters fan Atos  

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
  ·   ·