WK Frysk damjen 2020

It WK Frysk damjen 2020 waard fan 3 oant en mei 8 maart 2020[1] holden yn 'e Fryske stêd Frjentsjer.[1][2] It wie it twadde edysje fan it wrâldkampioenskip fan 'e tinksport Frysk damjen (net te betiizjen mei Nederlânsk of ynternasjonaal damjen, dat in hiele oare foarm fan 'e damsport is).[2]

WK Frysk damjen 2020
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Flagge fan Frjentsjer.PNG Frjentsjer
holden yn ferskate lokaasjes
datum 3 o/m 8 maart 2020
evenemint WK Frysk damjen
edysje 2
bysûnderheden
soarte evenemint tinksport (Frysk damjen)
org. troch WFD
winner(s) Folkert Groenveld
offisjele webside
www.fryskdamjen.nl/

Der wiene mear as tritich dielnimmers út Fryslân, Nederlân, Belgje, Itaalje, Litouwen, de Oekraïne, Ruslân, Tsjechje en Wyt-Ruslân,[1][2] ûnder wa ek nije talinten fan jonger as tweintich jier.[1] De lotting waard holden yn kafee De Bogt fen Guné,[1] wylst de wedstriden spile waarden yn Skouboarch De Koornbeurs,[1] op tallships oan 'e Suderkade[1][2] en yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium.[1]

De finale fan it WK Frysk damjen 2020 waard op 7 maart spile yn it Stedhûs fan Frjentsjer, dêr't Folkert Groenveld út Jutryp as wrâldkampioen út 'e bus kaam. It twadde plak wie foar de Rus Aleksander Georgijev út Sint-Petersburch. [3] De prizen waarden útrikt troch kommissaris fan 'e kening Arno Brok.[4]

WK Frysk! 2020Bewurkje

Njonken it haadtoernoai om 'e wrâldtitel yn it Frysk damjen waard op it WK Frysk damjen 2020 ek in sydtoarnoai holden yn it ûnderdiel Frysk! (Wêrby't eltse dielnimmer net tweintich, mar fiif houtsjes hat.) Op dat ûnderdiel waard Jelle Wiersma fan Wommels kampioen troch Marten Walinga fan Waaksens te ferslaan.[4]

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 ——, Internationale top op WK Fries dammen, yn: de Frjentsjerter Krante, 4 maart 2020, s. 13.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Meindersma, Robin, Internationale talenten bijeen voor WK Fries dammen, yn: de Ljouwerter Krante, 5 maart 2020, s. 28.
  3. ——, Folkert Groenveld Kampioen Fryslân Open 2020, 7 maart 2020.
  4. 4,0 4,1 ——, Jelle Wiersma wereldkampioen Frysk!, yn: Op 'e Skille, 17 maart 2020, s. 3.