Wehr is in plak en Ortsgemeinde yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Wehr foarmet mei sântjin oare Ortsgemeinden de ferbânsgemeente Brohltal. It Eifeldoarp leit westlik fan 'e Laacher See.

Wehr
Sint-Potentinustsjerke en proasdij.
Sint-Potentinustsjerke en proasdij.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Ahrweiler
ferbânsgemeente Brohltal
Sifers
Ynwennertal 1,130 (2022)[1]
Oerflak 9,94 km²
Hichte 308 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56653
Koördinaten 50° 25' N 7° 12' E
Kaart
Wehr (Rynlân-Palts)
Wehr

Yn it doarpsgebiet fan Wehr leit tusken de A61 en de bebouwing in twa km lange en 1,7 brede delling, de saneamde Wehrer Kessel. 280.000 jier lyn lei dêr ien fan 'e grutste fulkanen fan 'e Eifel, dy't dêr in wier ynferno feroarsake. De jiskerein soarge yn 'e rin fan 'e tiid foar fruchtbere grûn en dêrfandinne wie it gebiet al yn 'e stientiid bewenne.

 
Proasdei.

By Wehr binne resten fan Romeinske bewenning fûn, dy't fanwegen it agraryske gebrûk lykwols net mear te rekonstruearjen binne. Wehr waard foar it earst yn 920 neamd. It doarp hearde sûnt de stifting fan it kleaster Steinfeld oant de sekularisaasje yn 'e 19e iuw ta dy lettere premonstratinzerske abdij. De abt fan Steinfeld wie de lân- en lienhear fan Wehr.

Yn 1603 sette in rige fan hekseprosessen útein, dy't mei ûnderbrekkings oant de jierren 1609-1619 duorren. It sânde slachtoffer wie Eva Mulner, dy't yn 1609 ferbaarnd waard. It oardiel waard oan 'e âlde dyk fan Wehr nei Maria Laach útfierd.

Op 9 maart 1945 waard Wehr troch de Amerikanen sûnder slach ynnommen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

It fulkanisme is ek de oarsaak dat by Wehr de grutste koalsoerfoarrie fan Europa te finen is. De boarnen wurde yndustrieel brûkt. Op in soad plakken wurdt it gas opfongen om it oer piipliedings nei it sammelstasjon fan CARBO Kohlensäurewerke GmbH & Co. KG te transportearjen. Koalstofdiokside komt ek yn 'e kelders fan 'e hûzen yn Wehr foar en fanwegen it gefaar nimme de ynwenners dêrom altiten in kears mei as se de kelder yngean.

Sûnt 2012 is der in kuierpaad, de Wehrer Kesselweg, in fjouwer oant njoggen km lang paad, dy't ynformearret oer de koalsoerwinning en it fulkanisme yn 'e regio. Underdiel fan 'e rûte is it útsjoch op 'e kâldwettergeiser by it Carbo-Kohlensäurewerk, dy't fan april oant oktober alle dagen om 11:00 en 16:00 oere en fan novimber oant maart om 11:00 oere oant 40 m heech spuitet.[2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: