Wiebe van Dijk
Wiebe van Dijk (Blije, 8 desimber 1889 - Ermelo, 1 oktober 1978) wie in Nederlânsk grifformearde predikant en sindeling op it eilân Soemba yn Yndoneezje.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie de sânde fan acht bern fan kapper en skuonmakker Jan van Dijk (28-11-1850, Ferwerderadiel, † 24-04-1914, Opsterlân) en Frouwkje Klazes Wielenga (11-08-1853 in Ferwerderadiel, † 09-10-1932, Opsterlân). Wiebe studearre lykas ek twa fan syn âldere bruorren (Klaas van Dijk en Douwe van Dijk) ôf yn de teology. Foar Wiebe syn stúdzje waard de húshâlding stipe fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn East-Fryslân (Dútslân).
Nei syn stúdzje waard Wiebe dûmny yn Campen (Krummhörn, East-Fryslân. Dêr moete er Kuna Sweers (Neermoor, 5 septimber 1894 - † Ermelo, 11 maaie 1989), de dochter fan Sweer Weerts Sweers, grutte boer en ek boargemaster fan Neermoor, en Janna Behrends, mei wa't er boasket.[1] It pear ferfear nei it eilân Soemba yn 1923 dêr't Wiebe as sindeling oan it wurk gie. Se krije sân bern, mar twa dêrfan (Sweer Sweers en Froukje) stjerre al jong út reden fan de primitive omstannichheden op Soemba.
Op Soemba
bewurkje seksje- Fan 1923 oant 1946 is Karuni op West-Soemba it stânplak fan de misjonêr predikant Wiebe van Dijkstand, beneamd troch de tsjerke fan Nijverdal, as opfolger fan dûnmy Krijger. Der waarden in tsjerke, in sikehûs, in skoalle en in ynternaat yn Kurundi boud.
- Yn 1937 freget ds. Van Dijk him yn in ferslach ôf oft men op de goede wei wie om kristlike Soembanezen dy't in twadde frou namen, út te sluten fan de sakraminten. Neffens him hie polygamy in wichtige sosjale funksje, meidat it ferbûnens yn de Soembaneeske mienskip brocht.
Twadde Wrâldoarloch en letter
bewurkje seksje- Ds. van Dijk en de frou en harren jongste soan oerlibben de oarloch skieden fan elkoar it jappekamp. De oare fjouwer bern giene op dat stuit nei skoallen yn Nederlân;
- Kuno van Dijk wurdt letter heechlearaar psychiatry yn Nederlân en S.S. van Dijk (Eri) gie yn de fuotttleasten fan syn heit. Hy waard earst predikant yn Nij-Guineä en letter predikant fan de Iglesias Reformadas en Argentina yn Buenos Aires yn Argentynje.
Wiebe van Dijk stoar yn de âldens fan 88 jier.
Foto's
bewurkje seksje-
Húshâlding Van Dijk by de earste auto op Soemba, om 1930
-
Famyljegrêf yn Karuni, van Sweer Sweers († 1925) en Froukje van Dijk († 1935), makke troch Wiebe van Dijk.
-
Tsjerkje fan de GKS yn Karuni op Soemba
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|