Wiegersma
De famylje Wiegersma is in laach fan medisy en keunstners mei syn woartels yn de omkriten fan Dokkum, Rinsumageast en Dantumawâld.
Foarskiednis yn Fryslân
bewurkje seksjeJacob Wiegers Wiegersma (Boppeknipe, 1815 - Boarnburgum, 1883), soan fan Wieger Jacobs Wiegersma en Korneliske Kornelis de Jong, wie neist ûnderwizer ek froed- en hielmaster. Syn soan Hendrik (1840-1887) wie ek genêshear.
Bekendheid yn Brabân
bewurkje seksjeHendrik syn soan Jacob Hendrik Wiegersma (Surhústerfean, 1863 - Zeist, 1931) ferhuze as jonge dokter nei it Noard-Brabânske rivierdoarp Lith, lizzend oan de Maas. Hy soe nei syn dea tegearre mei syn soan model stean foar Tjerk van Taeke út Antoon Coolen syn roman Dorp aan de rivier. Wiegersma fêstige him yn in 17e-iuwsk pân oan de Lithsedyk, dêr't hy syn praktyk fan húsdokter hie. Ut syn houlik mei Elisabeth J.M. Blancke (1864-1903) waarden njoggen bern berne. Syn âldste soan Hendrik, oer him fierderop mear, wie krektas syn heit húsdokter. Soan Jacob (Jaap) waard antikêr yn Utert, en Gerrit (Gerard) eachdokter te Breda. Nei de dea fan syn earste frou wertroude Jacob mei Anna Catharina Daniels, dochter fan in militêr út Nymwegen. It houlik bleau sûnder bern. Nei de dea fan syn twadde frou yn 1928 fêstige Jacob him as dokter yn Heerewaarden, dêr't hy opnij troude en trije jier letter begroeven waard. Sûnder mis de bekendste Wiegersma wie de medikus, ekspresjonistysk skilder en skriuwer Hendrik Wiegersma (1891-1969), dy't him yn 1917 as jonge dokter yn it Brabânske Deurne fêstige. Yn 1925 lei hy mei syn start as keunstskilder de basis foar in laach fan keunstners. Wiegersma wie troud mei Petronella J.A.M. Daniels (1892-1962) út Nymwegen, nicht fan ien fan syn styfmemmen. Se krigen tegearre fiif soannen.
Wiegersma syn âldste soan Jaap waard krektas syn heit húsdokter en ferhuze op lettere leeftyd nei Ingelân. De twadde soan fan Hendrik, Pieter Wiegersma (1920-2009) waard glêzenier, keunstskilder, skriuwer en ûntwerper fan tapiten en sieraden. De fjirde soan, Friso Wiegersma (1925-2006), hie in karriêre as dekôrskilder, keunstskilder en tekstdichter fan syn partner Wim Sonneveld. Yn 1999 ferhuze Pieter Wiegersma as lêste Wiegersma út Deurne. Keunst spilet yn de famylje noch altiten in rol yn de foarm fan de galery Wiegersma Fine Art, dy't foarhinne yn Deurne en Parys siet en no út Brussel wei opereart.