Sompe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|right|300px|In sompe by Anderen yn Drinte. In '''Sompe''', of '''Unlân''' is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 apr 2008 om 11.44

In Sompe, of Unlân is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei it stadich oan wer opdroeget.

In sompe by Anderen yn Drinte.

Sompen wurde kenmerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte gerssoarten te fine. Ek reid, tuorrebout en oare krúdachtige-planten binne in protte te fine yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol farsk- as sâltwetter wêze. Foar bisten is in sompe in belangrike lokaasje as briedplak.

Yn wezen is in sompe in tuskenfaze yn de ûntwikkeling. Dizze wurdt yn stân hâlden troch bisten of minsken. By bisten kinne we tinke oan bygelyks de Eastfardersplassen yn Flevolân. Hjir hâlde goesen troch it ieten fan reid harren eigen libbensgebiet yn stân. Bart der lange tiid neat, dan sil in sompe stadich oan ‘ferlâne’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.

Oan de kust bestien saneamde ‘getiden sompen’. Dizze binne meastal te fine by estuariums en tusken sânbanken tichtby de kust en it fêste lân. Se besteane út gebieten mei in protte sân of tinne klaai. De Tantramar Sompen yn East-Kanada binne hjir in foarbyld fan.

By in sompe fynt faak in ôfbrek proses plak fan deade planten en bisten. Dit proses produsearret gassen dy’t sompegassen hearre. Dit gas kin troch sels-ûntflamming as dwaelljocht, in ljochtblau ljocht, boppe in sompe sjoen wurde.

Hjoed de dei wurde ek wel keunstmjittige sompen oanlein troch minsken. Dizze wurde brûkt om bygelyks ôffalwetter út in fifer te súverje.

List fan sompen

 
In foto fan in sompe yn Florida.

Noard-Amearika

Súd-Amearika

Jeropa

Afrika

Oseaanje

Keppelings om utens