De graupiper is in sjongfûgel út it skaai fan 'e graupipers (Prunella) en de famylje fan 'e graupiperfûgels (Prunellidae).

graupiper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje graupiperfûgels (Prunellidae)
skaai graupipers (Prunella)
soarte
Prunella modularis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     eksoat


Oare nammen bewurkje seksje

Frysk: toarnkrûper, toarnmosk, toarnhipper, bastertnachtegaal; Noardfrysk: kurnfink; Nederlânsk: hegge(n)mus; Grinslânsk: graawpiper; Nedersaksysk: Hegemors; Nederdútsk: Heegenmüüsken; Eastfrysk (Nederdútsk): Heegbruuntje; Dútsk: Heckenbraunelle, Ingelsk: Dunnock.

Foarkommen en iten bewurkje seksje

Grutte: 14-15 cm, sa wat lytser as in mosk, mei in tinne snaffel. Mantsjes en wyfkes sjen der itselde út. De kop is laaigriis, it liif is brún mei donkere streken. It roppen is in heech 'tsiet'. Simmers iten se rûpen, larven, spinnen e.d., winters foaral sieden.

Fuortplanting bewurkje seksje

 
Aaien fan 'e graupiper.

De mantsjes likegoed as de wyfkes hawwe in territoarium dat oerlaapje kin. In wyfke kin mear as ien mantjse hawwe, en in matsje mear as en wyfke. Se bouwe harren nest leech boppe de grûn. It earste lechsel, gewoanlik yn april, is fanwegens de noch keale struken in maklike proai foar nestrôvers. It twade lechsel, yn juny-july, hat meastal mear sukses. It lechsel bestiet út 4-6 grienblauwe aaien, dy 't 13-14 dagen bebret wurde. De jongskes wurde noch 11-14 dagen troch de beide âlden fuore.

Fersprieding bewurkje seksje

De graupiper komt hast yn hiel Jeropa foar. Yn Nederlând briede sa'n 200.000 pearen, mar yn it Noardeasten (Grinslân, Fryslân, Drinte) komt de graupiper stikken minder foar as fierders yn it lân. Yn Nij-Seelân is it in eksoat.

Taksonomy bewurkje seksje

De soarte graupiper bestiet yn acht ûndersoarten:

  • Prunella modularis hebridium, W-Skotlân, Ierlân
  • Prunella modularis occidentalis, E- en S-Skotlân, Ingelân, W-Frankryk
  • Prunella modularis modularis, N- en M-Jeropa,
  • Prunella modularis mabbotti, Ibearysk Skiereilân, S-Frankryk, Itaalje, Grikelân
  • Prunella modularis meinertzhageni, Balkan
  • Prunella modularis fuscata, Krim
  • Prunella modularis euxina, W- en N-Turkije
  • Prunella modularis obscura, E-Turkije, Kaukasus, N-Iran

Keppeling om utens bewurkje seksje