Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf3, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 22 juny 2005 oant en mei 3 oktober 2005.


Te formiel?

Hjir op de Fryske Wikipedy fyn ik it no en dan wat formeal útsjen. Sa wurdt men hjir konsekwint mei "jo" oansprekken, wylst it op de Hollânske "jij" is, op de Dútske "du", op de Frânske "tu", op de Sweadske "du", op de Italiaanske "tu" etc. As moderne dynamyske entiteit sil Wikipedia wol oan dy informeale konfensjes kommen wêze, mar mei dat in gedachten is it faaks wol nuver dat dat op de Fryske oars is. Boppedat hawwe de ynstellings hjir folle prosayskere nammen as op de Nederlânske: "De kroeg" hjit hjir de "Oerlis side", de "zandbak" is hjir it "kladblok". Soe it net aardich wêze dy nammen ris te wizigjen? WanabeFrysk 10.39, 22 jun 2005 (UTC)

  • Al binne der in soad talen mei wurden foar "jo" en "do", dat wol net sizze dat dy wurden ek itselde betsjutte; ornaris binne dy wurden yn oare talen formieler as yn it Frysk.
  • Der binne ferskate oarsaken foar dy sidenammen:
    • Doe't ik de taaltriem skreau wie dat foar de wiki, net foar de Wikipedy. As in tapasser in grappigere namme wol, dan is dat oanpasber, as earst it doel mar dúdlik is.
    • Der wienen noch gjin nammeromten, en siden moasten dêrom nammen hawwe dy't gjin problemen jâan soenen mei wiere ensyklopedysiden.
    • "Pomp", "Kroech" en "Sânbak" hawwe foar my dúdlik oare betsjuttings as dêr't oare wikipedyen dy nammen foar brûke.
  • Ek it ferfryskjen fan de wiki-berjochten wie foar de Wiki, net de Wikipedy, dat ik bin mei formiele berjochten begûn, wat him op de siden fuortset. At de Wikipedy-mienskip dat oars wol is it maklik te feroarjen, mar doe't der noch gjin mienskip wie, haw ik keazen foar de foarm dêr't hast net ien oanstjit oan nimme sil.
Ik sjoch in "moderne dynamyske entiteit" hielendal net as in reden om ynformieler te wurden. Mar as eltsenien tinkt dat "do" better is as "jo", dan is dat foar my gjin grut probleem; ik hie dy fraach eins ek earder al ferwachte. Aliter 01.28, 23 jun 2005 (UTC)
Om my prate we ôf te dookjen, al haw ik gjin beswier echt beswier tsjin it jookjen, dat yn it Frysk in stik minder formeel is as yn it Hollânsk... B. 09.16, 23 jun 2005 (UTC)

Ik wit wol, dat it Fryske wurd "jo" net itselde betsjut as it Hollânske "u", mar yn it Dútsk is Sie ek in soad brúkliker as "u". Itselde jildet foar it Frânske vous. Op himsels is jo wêr't it Nederlânsk jij hat net sa nuver, mar no fiel it my wol op, om't ek de Frânske, Dútske etc. Wikipediën de ynformiele foarmen brûke. WanabeFrysk 09.44, 23 jun 2005 (UTC)

It dookje/jookjen makket my net safolle út, dit wurdt neffens my op de oare Wiki's ek net konsekwint dien (Op ús haadside stiet ek al Fiel dy frij en brân mar los!.
Nammen as Kroech en Sânbak hoege foar my net. Ik fyn Oerlis en Kladblok wol sa dúdlik. At hjir al wat oars winske is koe it Kladblok wol bygelyks de Finne hiete.Theun 19.33, 23 jun 2005 (UTC)
Mar hawwe wy baat fan dookjen? WanabeFrysk skriuwt dat er it nuver fynt mei "jo" oansprutsen te wurden. - Komme der mear meidoggers at wy dookje? Of krije wy bettere meidoggers as wy jookje? Of binne der oare saken dy't wy dwaan kinne dat wy mear minsken lûke? Aliter 16.33, 27 jun 2005 (UTC)
Ik soe foarsichtich (?) sizze: de measte ynternetters komme op "do" of. Mar foar it útindelik rizzeltaat sil it - gelookich - net sa hiel wichtich wêze. It wie mear in kwestje fan "klopt dat net wat beter mei oare Wikipediën" as fan "hâlde jim sa net in soad pontensjeale meidoggers bûten de doar". As ik hjir joke wurd, sil ik restich trochgean mei it learen fan it Frysk en it hjir of en to ris bydragen. Ik sil ek net proterstearje gean tsjin it net-wernammen fan it Kladblok en de Oerlisside. Heechstens kin ik sizze dat ik dat sels miskien leaver oars sach. WanabeFrysk 23.19, 27 jun 2005 (UTC)
As jo in aardich, en dúdlik, idee hawwe foar oare nammen, dan kin dat fansels. At de oare Wikipedys trochtocht jookje wit ik net; it kin ek in net-al-te-presyze oersetting troch de pioniers west hawwe. Aliter 23.02, 1 jul 2005 (UTC)

Ynternasjonaal tekoart oan respekt

Wy hawwe no en dan te krijen mei Wikipedy-ferbetterders dy't leauwe dat se, om't se in idee op ien Wikipedy delskreaun hawwe, harren idee op alle Wikipedy sûnder oerlis útfiere kinne. Op it stuit feroaret meidogger:80.141.38.14 lokale ôfbyldkeppelings ta commons-keppelings. No is de ymplementaasje dêrfan yntusken ferbettere, mar de meidogger makket dêr gjin gebrûk fan en lit ynformaasje op de ôfbyldside ferlêrn gean. Ek wurde png-triemen foar tekenings ferfongen troch jpeg-triemen, wat my gjin goed idee taliket. It idee op sich hie goed west, wie it goed útfierd, mar wat moatte wy hjir mei oan? Aliter 01.28, 23 jun 2005 (UTC)

Ik haw my der altyd oer ferwûndere wêrom at it nedich wie om ôfbyldingen foar eltse wiki op 'e nij oan te bieden, dus op himsels is it net in minne aksje. It wie my noch net opfallen dat png-bestannen ferfongen wurde troch jpg-bestannen. De finger oan de pols hâlde liket my. B. 09.16, 23 jun 2005 (UTC)
Ik kin my yntinke dat it om romte op de tsjinners te besparjen wol helpe kin at alle gelikense ôfbylden dy't op de ferskillende wiki's stiene ferfong wurde troch ferwizings nei ôfbylden op de commons (dan foarol gjin png troch jpg ferfange natuerlik). Is dizze aksje wat fan inkele Wikipedianen of komt dit miskien ek út de hoeke fan de minsken dy't de opslach-kapasiteit fan de tsjinners yn de gaten hâlde moatte?Theun 19.33, 23 jun 2005 (UTC)

It wie nedich ôfbylden foar alle wiki's op 'e nij oan te bieden om't Commons in nije útfyning is. Om't it no mûglik is ferwizings nei ôfbylden op Commons te meitsjen binne der inkele Wikipedianen dy't fine dat harren ideeën dêroer foar alle Wiki's jilde moatte. De ferwizings hienen lykwols nei de triemen wêze moatten; dan hienen alle wikipedyen har eigen siden foar dy ôfbylden hawwe kinnen. Sa't it no is, kin fan in ôfbyld dat wy brûke de side, en ek de namme, yn it Sanskryt wêze. Gjin help foar it gros fan ús lêzers, soenen dy mear oer it ôfbyld witte wolle. Aliter 16.33, 27 jun 2005 (UTC)

WanabeFrysk hat koartlyn it wapen fan Brunei keppele nei it ôfbyld op de Commons. Is it beter om de oare ôfbylden fan de lânnen yn 'e wrâld ek te keppelje nei de Commons of hâlde wy it by lokale keppelings? Dr. Breznjev 17:22, 2005 sep 8 (UTC)

Wêrom soenen wy in nij ôfbyld uploade muotte as der al ien op de Commons stiet? Dat nimt allien mar ekstra plak in. Ôfbylde dy't der al stean hoege fansels net weihelle te wurden (lykas ús freon 80.141 dien hat), mar foar nije lân-lemma's soe ik net witte wat dertsjin is. Wêr binne dy commons oars foar ornearre? WanabeFries Velim, non opto 09:10, sep 9, 2005 (UTC)

Ik hie ek by Kanada en Yndia al de kaart,wapen en flagge fan de lânnen fan de commons brûkt (ik hie hjirfoar de lântabel in bytsje oanpast dat de grutte fan de ôfbylden maksimalisearre wurde sadat se net te grût wurde).
Der binne foar- en neidielen foar it brûken fan de commons.
foar:

  • Foar alle mediawiki projekten skeelt it in protte opslach-rûmte (en dus kosten) at in ôfbyld ien kear oft foar elts mediawiki projekt/taal opslein wurd.
  • Net iederien hoecht der bot om te tinken / út te sykjen hoe at it sit mei de rjochten. Tinke se op de commons wol om.
  • It giet in stik sneller, hoechst de ôfbylden der net mear oan te bieden.
  • ôfbylden op commons wurde ek sneller oppikt troch mediawiki projekten yn oare talen Is miskien wol myn POV, mar hie lêsten in ôfbyld fan de Wytnekke Kraan op de commons set en foar at de dei om is wurd der ek al op en: brûkt en hat fr: der ek al in side foar makke.

tsjin:

  • fierdere gegevens binne faaks yn in oare taal (meastentiids wol ingelsk tink ik)
  • ôfbylden op de commons kinne feroare en fuorthelle wurde, kaam der krekt efter dat de flagge en it wapen fan Kanada net mear mei deselde namme op de commons steane. Meastentiids wurd der by feroaringen op commons net nei de lytsere wiki's sjoen oft it ôfbyld dêr ek brûkt wurd. Hjir is op commons wol in hiele diskusje oer.

Mar ik tink dat it foar de wikimedia projekten as gehiel better is de commons te brûken, en dat doch ik dus ek meastentiids. Theun 19:57, sep 9, 2005 (UTC)

Prima, as wy kontrole hâlde op ferdwûne ôfbylden, lykas by Kanada, dan kinne wy gewoan de Commons brûke. Dr. Breznjev 20:43, sep 9, 2005 (UTC)
Dat is wat wol wat lêstich om't wy hjir net sjen kinne oft der op commons wat feroare is. Mar ik ha wol it idee dat hjir oer neitocht wurd en der sil tink wol in oplossing komme.Theun 20:58, sep 9, 2005 (UTC)

Fan 1750 nei 2000

De mâle greve, Donough MacCarty hat us 30 juny 2005 op de 1750 siden brocht. Sa't it no giet helje wy dit jier ek de 2000 siden noch. Wolle wy dêr foar de media oandacht oan jaan as it sa fier komt? Aliter 23.02, 1 jul 2005 (UTC)

Nije fersje, teksten

Ik sjoch dat wy no ek oerset binne nei de nije wikimedia fersje mei wat ekstra funksjes. Ik tocht ik kin de nije Show Changes knop wol oersette mar dit slagge net. Ik koe allinich de boarne besjen en koe net wizigje. Meie allinich Behearder dizze teksten oanpasse?
Der is ek in besteande tekst dy ik wat undudlik fyn. By't it wizigjen kin oanjûn wurde dat it in tekstwiziging is. Op de side Koartlyn feroare kinne je dizze siden út de list weilitte troch gjin lytse feroarings te kiezen. Is it net better om Dit is in tekstwiziging oan te passen ta Dit is in lyste feroaring? Of hat dizze tekst ek noch in oar doel?Theun 19:29, 2005 jul 3 (UTC)

Ja, op it stuit kinne allinnich behearders de wiki-berjochten oanpasse. Dien. Aliter 22:10, 2005 jul 4 (UTC)

Ynterpunksje

Sûnt der in nije ferzje ynplante is jouwe getallen komma's (op syn Amerikaansk) ynstee fan punten is my opfallen. B. 19:08, 2005 jul 4 (UTC)

It stiet by nl: al op de list fan wat mis is mei dizze ferzje. Ik haw frege om de oplossing troch te jaan, at dy der is. Aliter 22:10, 2005 jul 4 (UTC)

Grutte nei sprekkers

Op en: hawwe se in list makke fan Wikipedys nei oardere nei de ferhâlding tusken it tal fan siden en it tal sprekkers. De Fryske Wikipedy is de 19e yn de list. en:Wikipedia:Wikipedia articles per population Aliter 22:10, 2005 jul 4 (UTC)

Please Express Your Objection

There’s someone proposing a policy to close some minor, slow-growing, “hopeless” wikipedias on the wikimedia meta-wiki. (see [1]) This proposal is the enemy to the openness of the whole wikipedia community. I come here to inform you to express your opinion there. I think it's OK to use your own language on on the talk page. Thank you. --Theodoranian16:02, jul 26, 2005 (UTC)

In útstel om lytse wikipedyen stop te setten, en immen dy't it gjin goed idee fynt. Oaren fûnen it ek gjin goed idee;de diskusje is stoppe. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

Topografyske nammen

Ik soe best wol wat mear siden oer gemeenten yn provinsjes bûten Fryslân meitsje wolle (en ek wol steaten fan de Feriene Steaten) mar ik sit in bytsje mei de nammen. Moatte alle nammen ferfryske?, sa ja wat bin de regels hjirfoar. Ferfryskje wy net alle nammen dan bin ik wol nijsgjirrich hokfoar nammen wol yn it Frysk te brûken en wat net mear. It lyket my wol handich om hjir wat regels foar te hawwen, en dan ek ergens fest te lizzen. Dit om allegear diskusjes foar te kommen, sa as op :nl oer de Fryske nammen.
Fan Drinte hat User:LennartBolks de gemeenten mei Nederlânske nammen oanmakke, mar dizze nammen binne koartlyn troch user:Nikio ferfryske (noch net yn side fan Drinte). Sjoch ik by Oerisel dan binne in oantal gemeentenammen ferfryske en guon ek wer net (Twenterand?).
Ek by de list fan Feriene Steaten, bygelyks Noard Dakota en New York?
Wer hâlde je op? Dimter lyket my prima, wurd wol brûkt yn it Frysk, en stiet ek yn it wurdboek. Gemeentenammen sa as Noardenfjild, begjin ik al wat te twifeljen. By Nij York tink ik al hielendal dat dit net ferstannich is.Theun 05:43, 2005 aug 10 (UTC)

Dit is altyd lêstich. Noard Dakota klinkt my wol goed yn de earen lykas Noard Amearika. Nij York liket my ek neat. Faaks kinne we nei foarbyld fan nl listen mei ekso- en endonymen oanlizze. Dimter, Utert, Leien, Arnhim binne sa goed ynfiert yn it Frysk dat dêr gjin diskusje oar hoecht te wêzen. Yn twifelgefallen komme we der tink yn oerlis wol út (en kin mei in trochferwizing elts de ynformaasje dy't er siket wol fine). Noardenfjild is neffens my in ryklik nije gemeente (ik twifelje as it faaks Noardefjild wêze moatte soe) kin der wat my oanbelanget wol op troch (mar wol mei in ferwizing). B. 18:59, 2005 aug 10 (UTC)
Ik soe sizze: Foar guon nammen binne der Fryske nammen (Dimter). As dat net sa is wurde namme(parte)n dy't noch in assosjaasje mei de betsjutting hawwe oerset: "Nij Amsterdam", mar "New York". Dat is subjektyf, dat der moat wat oerlis by. Oare nammen yn Latynsk skrift wurde oernaam at se yn it Frysk skreaun wurde kinne. De rest wurdt werstavere. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

Ambassadeur

Hallo iedereen,

Ik heb in het begin hier wat zitten porren en heb wat toezicht gehouden in het prille begin om die Friestalige Wikipedia gestart te krijgen. En ik heb mij toen maar, bij gebrek aan alternatief, de titel "consul van de Friese Wikipedia" gegeven (Wikipedy:Konsulaat) Ik zie dat ik dat nu nog steeds ben. Kan een ander die functie invullen a.u.b.? Profiel; al een tijdje meedraaien met deze wikipedia, regelmatig hier aanwezig zijn, toch zeker om de paar dagen. Weten hoe de rest van Wikimedia foundation ongeveer werkt, de andere projecten enzo. Engels kunnen lezen en min of meer schrijven. De mailinglijsten volgen, zeker foundation-l en wikipedia-l.

Als ambassadeur kan het zijn dat je soms berichten krijgt van een andere wikipedia met een vraag over je thuiswiki, verzoek tot vertaling van iets of een vraag ofzo. Je bent dan een aanspreekpunt voor alle andere wiki's voor jouw wikipedia. Als ambassadeur zou ook liefst moeten pogen je lokale gemeenschap op de hoogte te houden van zaken die gaande zijn op het foundation-niveau. Een brug vormen tussen wikimedia en je thuiswiki. In praktijk ga je daar heel weinig werk mee hebben.

Als je wil doen zou ik zeggen; zeg het hier en kijk of daar geen bezwaar tegen komt. Daarna pas de pagina Wikipedy:Konsulaat aan, en vooral meta:Wikimedia Embassy. Loop dan zoveel mogelijk ambassades af, zeker die van EN, DE, NL, FR, ES en pas het daar ook aan. Groet, Walter 10:16, 2005 aug 18 (UTC)

Walter sikket no al in tiid nei in opfolger as Ambassadeur/Konsul fan de Fryske Wikipedy. Ik soe dizze funksje wol op my nimme wolle. Ik bin sûnt desimber 2004 meidogger en bin foaral aktyf mei de lannen fan 'e wrâld. Ik moat wol melden dat myn behearsing fan de Fryske taal op it gebiet fan skriuwen net al te best is. Fierder ha ik my al oanmelden foar de foundation-l, wikipedia-l en wikitech-l om de diskusjes op dat flak te folgje. Moacht er beswier wêze dan hear ik dat graach. Dr. Breznjev 20:43, sep 9, 2005 (UTC)

Gjin beswier fan myn kant, goed dat ien dit dwaan wol dy't hjir geregeld aktyf is. Ik seach it op dit stuit net op myn paad lizzen dus ik hy my mar stil hâlden ;).Theun 20:58, sep 9, 2005 (UTC)
Graach. Jo moatte fral foar it belang fan de Wikipedy oare talen skriuwe kinne, benammen Ingelsk. At jo begryplike ferzjes fan ynternasjonale oankundigings skriuwe kinne, en it oan tiid hawwe om dat te dwaan, en jo hawwe it oan tiid foar dy listen, ek Intlwiki-l, dat soe ik sizze dat wy lang om let in ambassadeur hawwe. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

De Ingelske taal behears ik wol, sa wol skriuwe as lêze. De Fryske taal bin ik net al te machtig mar, in foarbyld fan in fertaling stiet hjirûnder, namelyk Science Pearls. Dat jout wol genoch ynformaasje, tink ik. De Intlwiki-l is opgong yn wikipedia-l en wikitech-l, feitelyk bestiet it net mear. Ik sal de neamde Ambassade-siden oanpasse. Ik ferge my allinch ôf oft de Konsulaat-side ek herneamd moat wurde nei Ambassade, de'r it net mear in Konsulaat is fan de Nederlânske wiki. Dr. Breznjev 17:08, sep 26, 2005 (UTC)

Ik leau dat it mear in konsulaat wie om't Walter in honorêr konsul wie, ien dy't net sels út de groep komt dy't er fertsjinwurdiget. Hoe dat ek is: fiel jo frij fansels, ambassadeur, konsul, boadskipper, mar meast hjit de fertsjinwurdiging foar oare wikipedyen "ambassade".
Ik haw ek in putsje foar de ambassadeur: at jo oanmelden binne by de postlisten, dan soenen jo ris freegje kinne hoe 't wy de feroarings fan 3 july wer goed krije kinne: wer getallen mei stippen yn stee fan skrapkes, en datums mei earst de dei ynstee fan earst de moanne. Aliter

Ik haw it melden by Bugzilla [2] Dr. Breznjev 17:06, okt 6, 2005 (UTC)

Ik hie eins oannaam dat it mear in probleem mei ynstellings op de tsjinner wêze soe, dat fia de postlisten regele wurde koe. Mar dit kin fansels ek. Aliter 22:25, okt 6, 2005 (UTC)

Hoax: The Flowers Of Romance, please delete

Sorry, i don't speak the language of this Wikipedia and could not find the Template for Deletion-Requests. However i would like to inform you that the Article The Flowers Of Romance is an hoax, see [3] and commons:Commons:Village_pump#Hoax Article in 57 languages -- de:Benutzer:Kju 18:51, aug 29, 2005 (UTC)

Kjul wol dat wy dy side wiskje om't it in grap is. Ut de boarnen dy't er neamt docht blyken dat dat net sa is. Der moat al op dizze siden achte wurde: guon skriuwe der saken by dy't net wier binne, oaren helje saken fuort dy al wier binne. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)
B. hat de side wol yn in goeie fersje hâlden. It is foar sokke siden wol lêstich om út te meitsjen wat wier is en wat net. Ik haw lêsten in nije relatearre side oar Tony Blackplait foart mar wiske. Om trije redenen, de side wie dagen earder al op de measte grutte wiki's set mar wie dêr net mear te finen (ferwidere mei as kommentaar hoax). Ek stie der by it nije stik op fy in hiele rige mei keppelings om útens dy hast allegear in ferwizing wiene nei de Tony Blackplait side op wikiklonen fan en en de, wylst de siden dêr al wer wei helle wiene. En as lêste wurd dit part yn it Flowers of Romance stik steeds ferwidere as in part wat net wier is. Eins fyn ik dat die side al mear as genoch oandacht krigen hat.Theun 19:46, sep 26, 2005 (UTC)

Op dizze side stiet koart wat útlein oer it brûken fan ferskillende koades ensf. Ek in stik mei lêstekens. Ik haw it idee dat al dizze koades dy't foarofgean troch de & net mear wurkje, of is dit allinich by my sa.

Update by de koades, wurke by my net om't ik de ; efteroan fergetten wie!!Theun 07:57, sep 4, 2005 (UTC)

Ek tink ik dat de manier werop it brûken fan fet en skean hjir oanjoen is guon minsken op de ferkearde poat set.
Ik haw op de nl wiki sjoen dat se der ûnder it blok der't de tekst yntikt wurde moat in blok sit wer't de letters mei aparte lêstekens ynstean dy't je dan oanklikke kinne om se ta te heakjen. Miskien is dat el wol wat foar ús.Theun 19:16, 2005 sep 1 (UTC)

Ik wit net wat it probleem mei fet en skean is, mar it is in skofke lyn dat ik it skreaun haw; ik sjoch der nochris nei. Dat mei dy letters dat kin om my wol (mar net no). Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)
Ik haw it idee dat de koades miskien wol efterhelle is. At alles yn Unicode ynfiert wurd binne dizze koades tink oerstallig, mar dat hinget miskien ek wol fan it bestoeringssysteem ôf fan de masine dy't je brûke om in part te feroarjen. Op bygelyks nl en de hawwe se ûnder it tekstwizigingsfjild in list mei in protte brûkte spesjale karakters (wurket mei javascript). Dit wol ik ek wol op fy derby sette at der fierder gjin beswieren tsjin binne. (It wikipedy:berjocht wer't dit yn dyn wurd is miskien dêr net foar bedoeld mar it kin wol).Theun 19:58, sep 26, 2005 (UTC)
fette tekstfette tekstfette tekst, it wy my wol dúdlik mar dat jild bliikber net eltsenien. Ik fûn it op sich wol aardich en foaral koart oanjoen, mar miskien kin dit wat dúdliker. Ik haw eins noch net in bjusterbaarlike ynfal hawn, mar wa wit.Theun 19:58, sep 26, 2005 (UTC)

Voting on a minority language Wikipedia

Hello everybody.

I would like to ask everyone to vote at this poll: http://meta.wikimedia.org/wiki/Proposal_for_Sinitic_linguistic_policy#Vote_-_.E6.8A.95.E7.A5.A8 as it is of immediate concern to the friends of minority languages everywhere. --24.251.198.251 11:25, sep 10, 2005 (UTC)

Nee, hiel dizze http://meta.wikimedia.org/wiki/Proposal_for_Sinitic_linguistic_policy side. Hjir hat in grutte diskusje oer west, dat de side is mear as allinnich it stimmen. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

Een afdeling van de Wikimedia Foundation in Nederland

Als uitvloeisel van de bijeenkomst afgelopen zondag is er op http://nl.wikimedia.org nu zowel een voorstel voor een stichting als een voorstel voor een vereniging te lezen. De discussie die in deze kroeg een jaar geleden is gevoerd over vereniging of stichting, daarna een tijd op een pagina in de Wikipedianaamruimte heeft gestaan is een maand geleden verplaatst naar nl.wikimedia. Op nl.wikimedia zijn er twee pagina's met discussie over voors en tegens vereniging of stichting:

Op nl.wikipedia vind je nog Wikipedia:IRC chat 6 mei 2005 over dit onderwerp met onder andere Angela, Jimbo, elian en Ryo van buiten Nederland.
Afgelopen zondag is bedacht om twee maanden uit te trekken om na te denken, te praten en te editen in conceptstatuten alvorens een volgende stap te zetten. Ik wil iedereen van harte uitnodigen die geinteresseerd is een afdeling van de WMF in Nederland of daar betrokken bij wil zijn kennis te nemen van die twee voorstellen, een duit in het zakje te doen voor wat betreft de discussie een vereniging of een stichting, of anderzins wensen, zorgen, vragen, suggesties en opmerkingen kenbaar te maken op nl.wikimedia.org. Dedalus 15 sep 2005 13:51 (CEST)

Deze tekst is hiernaartoe gekopieerd vanuit de Kroeg op nl.wikipedia door mij. - Galwaygirl 13:45, sep 15, 2005 (UTC)

Oare Fryske dialekten op de Wikipedy

No soe ik graach fan jimme heare hoe't jim stean soe tsjinoer it hjir en dêr talieten fan tige ôfwikende dialekten lykas it Hylpersk en it Eilâners (Skyrmuontseagsk). Dy dialekten binne fansels hiel lyts en it fal is miskien hipotetysk, mar soeden sprekkers derfan op siden dy't oer har plak of har taal gean dy taal kinne brûke? Der is dochs ek in side Bildts, dy't hielendal yn it Biltsk skreawen is. Wy kinne derfan útgean dat dy taalfarianten noait in eigen Wikipedia krige sille. WanabeFries Velim, non opto 10:07, sep 16, 2005 (UTC)

Oant no ta binne Hylpersk en Skiermûntseager Frysk oeral yn de Wikipedy talitten, om't it ienichste taalbetingst Westerlauersk Frysk is. Woenen jo oars hawwe? "Bildts" is it Biltske wurd foar Biltsk; de side is it taalfoarbyld foar it Biltsk, wat oars as de ensyklopedyside Biltsk. Fansels kin dat foar oare talen en dialekten ek as it foarbyld grut is. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

Is dat sa? Dat hie ik net witten, dat men hjir ek mei Hylpersk en Eilâners skriuwe koe. Dan wil ik dat fansels da hâlde. Kinne jo my dan sizze of't hjir al stikken yn dy dialekten stean? WanabeFries Velim, non opto 11:09, sep 26, 2005 (UTC)

WikiProjekt: Science Pearls

APH, in meidogger fan de Ingelske Wiki, is in nij WikiProjekt begûn en is op syk nei helpers. It projekt hat as doel om publikaasjes fan de grutste wittenskippers op te sykje en tagonkelyk te meitsje foar it publyk.

Dêrnêst hat it projekt ek nog inkele subdoelen:

  • It kinne folgje fan de skiednis fan de ferskillende flakken fan de wittenskip.
  • It foar minsken sûnder goede êftergrûn mogelyk meitsje om't de ûntwikkeling fan in gebiet troch te sykje.
  • It foar minsken mei in goede êftergrûn mogelyk meitsje om't nije ûndersykfjilden te fynen.

Binne jo interesseert dan kin jo mear ynformaasje op de Projektside fyne. Dr. Breznjev 18:01, sep 19, 2005 (UTC)

Localized date formats need to be verified

Dear Wikipedians,

I need your help to look at date formats for your language. I created a large list of formats here. Please take a look and fix any mistakes or add any new formats. This will help interwiki bot to match en:April 1, fr:1 avril, ru:1 апреля, zh:4月1日, and all other sites together.

What's needed: Look here at every format for your language, fix any mistakes, note any exceptions (some languages have 1st, 2nd, 3rd, etc naming schemas, or year 1 is written as '1 (year)' unlike all other years).

Also, I would like to receive a bot status on your site for my bot User:YurikBot. It will be mostly involved in interwikies.

Thank you!!!

You can contact me at en:Yurik (--70.192.56.68 21:56, sep 24, 2005 (UTC))

Yurik freget, mei de hân de assosjaasjes te meitsjen dy't Ynterwikibots fansels oanmeitsje. It is lykwols beheind ta fansels oanmakke siden, dy't der op de Wikipedy net in soad binne. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

útslúte

Ik haw hjoed besocht in fandaal út te slúten dy't op de side sinnefertsjustering dwaande wy. Ik haw besocht dit ip-address út te slúten mar dit slagge net. Ik haw ferskillende expiry tiden besocht mar ik krige eltse kear Expiry time invalid. Doch ik wat ferkeard of wurket dit op't heden net mear.Theun 20:41, 3 okt 2005 (UTC)

Hjir itselde. Aliter 23:27, okt 3, 2005 (UTC)
Dat leit him dus oan in oerset flater fan my. Argumint en tekst omkeard. As ik tiid haw pas ik it eefkes hielendal oan. B. 17:21, okt 4, 2005 (UTC)