Wikipedy:Oerlisside/Argyf2
Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.
Wikipedy:Oerlisside/Argyf2, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:
- Oerlis begûn fan 27 july 2004 oant en mei 19 juny 2005.
Kategoryen, stekwurden
Op de measte Wiki wurdt wurke mei de Kategory-funksje. It liket my ek wol gaadlik om dêr hjir mei útein te setten. It komt in wyldgroei oan oersichten tefoaren (sjoch de diskusje hjirboppe tusken Nikio en Aliter) en is boppedat tige brûkers-freonlik. It soe hjir om my wol Stekwurden hjitte kinne. Wa wit hoe't dat krekt wurket? B. 09.48, 27 jul 2004 (UTC)
- Ik bin der dus al achter hoe't it wurket:) It is eefkes pielen. In moai systeem moat ik sizze. Der moatte lykwols wat saken oersetten wurde. De direktory Category moat omsetten wurde nei Kategory en der ferskine noch in stikmennich Ingelske teksten dy't oersetten wurde moatte, mar ik kin se net fine (of haw gjin rjochten om dy oan te passen) B. 13.54, 27 jul 2004 (UTC)
- De measte Wikipedyen dy't mei kategoryen wurkje hawwe mear mankrêft. Dit is in systematyske yndieling, wat in protte wurk freget om it goed te krijen. It is al in better systeem dan in soad sekondaire indeksen ta te foegjen, mar it freget minsken dy't de hierargy oarderje, sa't in kategory net te grut wurdt, mar der ek gjin kategoryen mei mar ien side by komme. En dy moatte dan fansels alle nije siden bylâns en hingje dy yn yn de tapaslike kategoryen. It kin allegear, mar it freget al mankrêft.
- Stekwurden kin wol, mar dat freget al sekuer oersetten, om't it eins it tsjinoerstelde begryp is.
- Ik nim oan dat de kategoryen ferlet hawwe fan harren eigen nammeromte. Dat betsjut dat allinnich oersetten net genôch wêze soe, mar dat it programma oanpast wurde moat. Ik wit net of dat kin no't jo al begûn binne kategoryen te brûken. Aliter 02.17, 11 aug 2004 (UTC)
- No, ja brûke, ik haw it efkes útprobearre. Neffens my moat allinne de nammeromte Category oersetten wurde nei Kategory. Wa kin dat?
It is yndied wol wat mear wurk, mar it giet der benammen om dat der gjin kategoryen oanmakke wurde mei mar ien side én dat de kategoryen net te grut wurde c.q. te folle siden befetsje. Neffens my is it minder wurk as we der no mei begjinne, as wannear der letter tûzenen artikels binne. (Al stiet it fansels noch net yn'e brân) B. 16.10, 13 aug 2004 (UTC) ~~ Och, as't der op achtsje kinst dat it net daalks in tizebrol wurdt. Dat mei dat byhâlden fan dy biografylisten is it ek net. Aliter 22.45, 28 sep 2004 (UTC)
- Ik seach datsto dwaande west hast om wat siden oangeande kategoryen oer te setten. As ik lykwols foar in kategory kies, dan komt der bygelyks boppe te stean: category:Fryske skriuwers. Wêr is dat oer te setten? Ik kin it net foarinoar krije!
62.194.174.203 15.46, 30 sep 2004 (UTC) (B. net oanmelden)
Frysk misschien ook Frasch ??
Op Wikiwoordenboek staat een groeiende lijst Friese woorden. Een van de bronnen zegt met dat "Frasch" een goed Fries woord is voor de Friese taal. Ik ken eigenlijk alleen Fries als zijnde het woord voor de taal Fries.
SVP commentaar op Wikiwoordenboek of op nl:Overleg_gebruiker:GerardM Bij voorbaat dank, GerardM 20.19, 11 aug 2004 (UTC)
- GerardM freget of Frasch in Frysk wurd foar Frysk is. - Ja, dat is it yn ín Fryske taal. Nee, dat is it net yn it Westerlauwersk. "Frasch" is it Noardfryske wurd foar "Frysk". (Trochjoen.) Aliter 22.29, 11 aug 2004 (UTC)
Foarbehâld
Foar it earst woe de organisaasje dêr't ik in side oer makke hie, in foarbehâld hawwe dat sy der neat mei te krijen hienen. Dat ik haw no in side Wikipedy:Foarbehâld oanmakke; foar it grutste part oernaam fan de Nederlânske Wikipedy. Ik haw de side noch net keppele, sa't noch sjoen wurde kin of't der saken by moatte of út moatte. (Yn elts gefal moatte de taalflaters der noch út.) Aliter 21.44, 17 aug 2004 (UTC)
- Ik fûn de opset fan de Nederlânske 'disclaimer' ek wol aardich. Faaks noch efkes in troch ferwizing fan 'disclaimer' en 'general disclaimer' nei de nije side? B. 05.42, 18 aug 2004 (UTC)
- Is der in ferskil yn opset mei de Nederlânske? Of woenen jo sizze dat it om jo brûkt wurde kin, om't it al deselde opset hat as de Nederlânske? (Dy keppelings komme; ik woe wat tiid foar korreksje hâlde.) Aliter 22.25, 19 aug 2004 (UTC)
- Nee, ik bedoelde te sizzen 'ik fyn it prima sa' en haw dêrom de ferwizing op de haadside oanmakke B. 22.43, 19 aug 2004 (UTC).
- Keppelings oanmakke. (Dat de Wikipedy gjin garânsjes jout hoecht om my net sa promenint. De lêzer moat net it idee krije dat wy neat wurdich binne.) Aliter 08.42, 20 aug 2004 (UTC)
- Nee, ik bedoelde te sizzen 'ik fyn it prima sa' en haw dêrom de ferwizing op de haadside oanmakke B. 22.43, 19 aug 2004 (UTC).
- Is der in ferskil yn opset mei de Nederlânske? Of woenen jo sizze dat it om jo brûkt wurde kin, om't it al deselde opset hat as de Nederlânske? (Dy keppelings komme; ik woe wat tiid foar korreksje hâlde.) Aliter 22.25, 19 aug 2004 (UTC)
Argyf oanmakke
Dit wie de earste oerlisside dy't te grut waard, dat ik haw de earste argyfside oanmakke. It moat noch wat better, mar it idee is dúdlik. Aliter 22.17, 19 aug 2004 (UTC)
Jimbo komt nei Nederlân!
De stifter fan de Wikipedy, Jimbo Wales, skriuwt op de Nederlânske W. dat er 24 oant 30 augustus yn Amsterdam is. Op nl:Wikipedia:De kroeg wurdt der oer praat (punt 53) of't de Wikipedianen him moetsje kinne. Aliter 15.55, 20 aug 2004 (UTC)
FilosofyWikiSource?
Op Filosofy hat immen, sûnder útlis, in keppeling tafoege mei de WikiSource, en dêr dan mei Frânske siden oer Filosofy, tink. Wat moat dêrmei? Aliter 00.17, 26 okt 2004 (UTC)
Wikipedy-mienskip
Troch foarnameliik it uterlyk fan de mienskip is dizze net yn oerynstemming mei oare talen, soe hijr wat oan dien wurde kinne? Dr. Breznjev 10.17, 15 dec 2004 (UTC)
- Fiel jo frij. Mar wat is krekt it probleem? Aliter 03.49, 21 dec 2004 (UTC)
It is net echt in probleem mear in gefoel fan; it soe in bytsje "strakker" ûterlyk moatte kreie. De side Wikipedy:Oersjoch wiki ynformaasje en behear as echte Wikipedy-mienskip dus direkt trochkeppelje. Op dy side dan de ûnderwerpen ek mear in blokfoarm lykas de Nederlânske en Ingelske mienskippen. Dr. Breznjev 11.00, 21 dec 2004 (UTC)
- Ja, dat soe oars kinne. (Dy mienskipside is allinich oanmakke om't de programmeurs dy keppeling útfûn hienen. Oant no ta is der net in soad mei bart.) Ik soe sizze: wreidzje de mienskipside út ta in portael lykas dy oaren. As dat yn oarder is, mei de parten fan it Oersjoch ... der by, dan kin it oersjoch in trochferwizing nei de mienskipside wurde. Aliter 23.33, 21 dec 2004 (UTC)
Ik sal my de kommende tiid dwaande halden mei de reade links op de nije Mienskip-side en in begjin meitsje om dizze Oerlisside mear te lykje op in "De Kroeg"-side. Soenen jo mear ideaen hawwe, dan soe ik dat graach witte wolle; ek as jo nog net trochkeppele siden hawwe (foarbehâld :P) Dr. Breznjev 10.41, 5 jan 2005 (UTC)
- Prima. Doch mar neat oan dy "Wikipedia yn oare talen". Dêr haw ik al mei dwaande west. As ik it oan tiid haw, dan set ik die hjoed derby. Aliter 19.27, 5 jan 2005 (UTC)
As jo dy side hawwe oersetten kin dan de hûdiche Mienskip-side ek ferfong wurde troch de Oersjoch..-side, alle ynformaasje stiet namelik dêr ek op. Fierder sal ik in part fan de Kroech/Oerlisside-menu oersette nei de Oersjoch..-side (bygelyks Wikipedy:Konfliktoplossing). Dr. Breznjev 18.40, 21 jan 2005 (UTC)
Keninginne Juliana
Wy hawwe no in side oer Prinses Juliana. Ik wit wol dat se in grut part fan har libben prinsesse west hat, mar har wichtigste funksje wie keninginne. Soe it dan net Keninginne Juliana wêze moatte? En dat jildt dan tink foar eltsenien fan Kening Willem I ôf. Of soenen we konsekwint wêze moatte en lykas foar oare landen Juliana fan Nederlân brûke moatte? Aliter 00.52, 5 jan 2005 (UTC)
- Omdat Juliana beide is west (sawol Prinses (2x) as Keninginne) soe Juliana fan Nederlân de lading it beste dekke. Dat is dan in oerynstemming mei de oare talen. Dr. Breznjev 10.41, 5 jan 2005 (UTC)
Dien. Aliter 16.01, 26 feb 2005 (UTC)
Koördinaten
Om't ik net krekt dúdlik meitsje koe wêr Stockhom lei, haw ik de koördinaten tafoege. Is dat in goed idee foar haadstêden, grutte stêden, alle plakken, alle topografyske siden, it ekwivalint fan jieren en datums by skiedkundige beskriuwings? Of is it in min idee, meast gjin ferlet fan, allinnich as it net better kin, it stiet der no ienkear, net wer, daalks weismite? Aliter 14.53, 7 jan 2005 (UTC)
(Gjin) Fryske beweging
Op Fryske beweging stiet "Oan dizze side wurdt noch wurke!" Mar meidogger 62.194.174.203 hat al in skoft net mear skreaun oan dy side. Wat no? Is der ien dy't dit ôfmeitsje kin, of yn elts gefal it stik dat wy hawwe oanpasse kin ta in brûkbere side? Aliter 23.11, 11 jan 2005 (UTC)
- Ik bin wis fan doel om dêr ea wer mei fierder te gean, mar moat dêr earst wat feitemateriaal foar sammelje. Mar faaks is der in oar dy't op dit stuit wat mear tiid hat? B. 19.19, 13 jan 2005 (UTC)
As net, kinne jo der faaks foar no in ein by skriuwe, al wie it mar yn grutte stappen fan 1877 nei hjoed? Sa'n "hjiroan wurdt wurke" jout wat it idee dat immen der mei dwaande is, en oaren der net oankomme moatte. Dat moat dan fansels net te lang doarje. Aliter 18.46, 14 jan 2005 (UTC)
Ferskillende Jan en Johan de Jongs
Fan Oerlis:Johan de Jong
Hoe ûnderskiede we de ferskillende Jan en Johan de Jongs. Berte- en stjerjier taheakje en byneed de datum of bygelyks it berop? B.
- Ik haw der ris nei sjoen:
- Wy hawwe it berop foar Rintje Ritsma (reedrider) en Rintje Ritsma (skûtsjesiler) - dy lêste allinnich yn keppelings.
- Wy hawwe in jier by Worp fan Ropta (1297) en Worp fan Ropta (1505) - beide allinnich yn keppeling. Dat hienen bertedagen wêze moatten, mar foar de âldere Worp fan Ropta hienen we dy net, dat dit is it jiertal dêr't er de skiednis ynkomt.
- Op de Ingelske Wikipedy liket it op de siden dy't mei John begjinne dat dêr it berop brûkt wurdt.
- Wy koenen ek it berop nimme, dêr't dat mooglik is, en yn oare gefallen in jiertal, leafst it bertejier. Aliter 18.45, 20 jan 2005 (UTC)
Ôfbylden lannen
B. feroaret wolris de lytste letter fan de ôfbylden by de lannen nei haadletters, bygelyks ee-wapen.png nei Ee-wapen.png. Is dat in standaard? It makket neat út foar de keppeling tusken side en ôfbyld, sjoch mar nei Fatikaanstêd. Dr. Breznjev 09.27, 25 jan 2005 (UTC)
- Dat is net standert. By de sidenamme wurdt dy earste letter al in haadletter, mar yn de tekst hoecht dat net. Dêr is wichtiger wat past en wat lêsber is. In lânkoade koe dúdliker wêze as beide letters likegrut wienen. Mar it koe ek dúdliker wêze as de earste letter nei in dûbelde punt grut is. Aliter 13.22, 13 feb 2005 (UTC)
- Ik brûk no, sa as miskyn al opfollen is, de stijl fan B. as standert. Dat betekent dat de earste letter fan de ôfbylden mei een haadletter is skreaun. Dr. Breznjev 16.44, 21 mar 2005 (UTC)
Russyske eksklave
Wat wurdt de namme fan de Russyske eksklave, tusken Litouwen en Poalen?
- Keningsbergen, oersetting út it Nederlânsk
- Königsberg, oarspronklike namme
- Keningsberch, oersetting fan de oarspronklike namme
- Kaliningrad, transliteraasje fan de Russyske namme
- Kalininstad, oersetting fan de Russyske namme.
- Kenig, hoe't de ynwenners de stêd neame.
Is hjir eat oer te sizzen dat gruttere jildichens hat? Aliter 00.41, 4 feb 2005 (UTC)
Frysk Damjen
Ik haw Frysk Damjen noch net wiske om't ik net wis bin dat it Frysk damjen wêze moat. Op Sport hawwe wy keppelings nei beide. Wat is better? Yn elts gefal leau ik dat wy de side better hâlde kinne om't ús lêzers ek beide besykje sille. Aliter 13.22, 13 feb 2005 (UTC)
Wikipedia gjin Ensyklopedy fan Fryslân
Wy hawwe no in pear kear immen hân dy't net-Fryske ynhâld weihelle. Dêrom haw ik oan Wikipedy:Wat is Wikipedia NET tafoege dat de Wikipedy net beheind is ta Fryslân. Is it yn oarder sa't it dêr stiet?. Aliter 22.43, 18 feb 2005 (UTC)
Kategory en Meidogger
Troch it wurk fan Meidogger:Andre Engels hawwe wy no Kategoryen, dy't no wier "kategory" hjitte. En lang om let hjitte ús meidoggers "meidogger", sadat se no mear dwaan kinne as "brûke". Ik soe sizze: Skriuw allegear in betankje op André syn oerlisside. No kin eltsenien dy't dat wol "meidwaan" oan it oanmeitsjen fan de "kategoryen". Aliter 16.01, 26 feb 2005 (UTC)
Plak fan Ynterwiki
Meidogger:Gangleri hat de ynterwiki fan Berjocht:De Kroech hjirhinne set. Ik nim oan dat er dêr in reden foar hie, mar is der ien dy't sjen kin wat der hjirtroch ferbettere is? (Ik haw de ynterwiki no boppenoan set, dat dy hjir net sa yn it paad stiet. Foar de side sa't er lêzen wurdt soe dat gjin ferskil meitsje moatte.) Aliter 22.28, 17 mar 2005 (UTC)
- Ik haw it oernoam sa as dat op de Nederlânske side stie. Ik wit net of't it ienich ferskil ûtmakket. Sawol dizze oplossing (koades boppenoan) as de koades yn Berjocht:De Kroech binne yn elts gefal better dan de oplossing fan Gangleri Dr. Breznjev 16.44, 21 mar 2005 (UTC)
Een Wikimedia organisatie voor Nederland
Hoi,
We hebben behoefte aan een Wikimedia organisatie voor Nederland. Er zijn een aantal redenen hiervoor:
- Het maakt het mogelijk om zaken in Nederland voor de Foundation te kunnen doen.
- We kunnen een bankrekening openen waarop men kan doneren
- Wanneer er in de projecten behoefte aan activiteiten is, bestaat er een organisatorische eenheid waardoor dingen mogelijk gemaakt worden.
De discussie over dit onderwerp vindt plaats in een voor dit doel gemaakte wiki, http://nl.wikimedia.org/wiki/Hoofdpagina Deze wiki is heel nieuw, maar er is al een kroeg. Als je belangstelling hebt voor de discussie rond dit onderwerp kan je hier terecht. Er is geen anonieme edit mogelijk en, het wordt op prijs gesteld als je je met je normale "nome de plume" aanmeldt. GerardM 22.29, 23 mar 2005 (UTC)
Taal foar taksonammen
Wat dogge wy mei Fryske tsjinoer Latynske nammen foar de taksa? Heart in Ljip ta de
- Aves
- Aves (fûgels)
- Fûgels (aves)
- Fûgels
, ensfh.?
Sa't ik it sjoch is dit in Frysktaliche Wikipedy, en de measte fan ús lêzers sille gjin spesifyke biology-eftergrûn hawwe. Dat ik soe leafst mei de Fryske nammen wurkje. Aliter 22.58, 27 mar 2005 (UTC)
- Jo hoege neffens mei gjin biology-eftergrûn te hawwen om taksonomyske ynformaasje nijsgjirrich te finen, ik haw ek gjin biologyske eftergrûn mar ik ha dit altyd tige ynterresant fûn. Mar ik bin it mei jo iens om safolle mooglik Fryske nammen te brûken, ek foar oarders / famyljes ensfh. It is dan tink ik ek better om yn de ynformaasjekader allinich in fryske namme te fermelden. Op de siden mei ynformaasje oar de oarder, famylje of soart dan eerst de fryske namme mei tusken heaken de Latynske nammen. Neffens my is dit ek de meast brûkte methode op de oare Wiki's. Hoewol it hjir en der wol wat trochinoar brûkt wurdt wertroch it wat gaoatysk oerkomt, dit moatte we hjir mar sjen foar te kommen.Theun 19.30, 30 mar 2005 (UTC)
Om my hie Frysk (Latyn) ek wol kint. Ik haw it foar in pear fûgels neisjoen. mar der liket gjin meast brûkte metoade te wêzen, dat wy kinne sels in metoade útsykje. Leafst al de Binomale nomenklatuer derby.
Ik seach der binne no ferskillen mei haadletters. Hawwe dy betsjutting? Aliter 23.11, 4 apr 2005 (UTC)
Problemen mei nije siden
It slagget my net mear om in nije side oan te meitsjen. It foarbyld om oer te lêzen is goed mar at ik it fêst probear te lizzen dan bliuwt de nije side leech. Wat kin dit wêze? (Of hat dit te krijen dat we niks mear feroarje meie omdat de wikipedia oernaam is troch de encyclopedia brittanica ;).Theun 20.08, 1 apr 2005 (UTC)
- It liket dochs wer oars. Ik haw de Skries bliikber 2 kear as nije side tafoege. Yn de kategory stiet er no twa kear. Is neffens my net hielendal goed gong. Hoe kin dit wer oplost wurde?Theun 20.49, 1 apr 2005 (UTC)
- Dat is in lyts probleem mei dizze ferzje fan it programma: Under omstandichheden is it programma flugger mei it weromjaan fan in side as mei it ynbringen fan de nije side, dat dan kin it de nije side noch net fine. Soe dat wer barre, helje de side dan op 'e nij op, om te sjen of it wier net slagge is. Of, jo kinne de koartlyn feroare siden opfreegje om te sjen at jowes der by stiet. De oplossing is dat in behearder ien fan de siden tydlik werneamt, sa't de oare fuorthelle wurde kin. Aliter 22.47, 1 apr 2005 (UTC)
- It programma wie wol hiel traag, ik hie ek wol yn 'koartlyn feroare' sjoen mar der stie de side wol as nij mar at ik de side opfrege wie der noch steeds leech. At my dit wer oerkomt sil ik wolefkes wat mear geduld dwaan.Theun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Kin it wêze dat jo by it opfragen deselde kopy wêr út it oerslach helle waard? As jo wis wêze wolle, dan moat de side wier op 'e nij ophelle wurde. Aliter 21.57, 17 apr 2005 (UTC)
- It programma wie wol hiel traag, ik hie ek wol yn 'koartlyn feroare' sjoen mar der stie de side wol as nij mar at ik de side opfrege wie der noch steeds leech. At my dit wer oerkomt sil ik wolefkes wat mear geduld dwaan.Theun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Dat is in lyts probleem mei dizze ferzje fan it programma: Under omstandichheden is it programma flugger mei it weromjaan fan in side as mei it ynbringen fan de nije side, dat dan kin it de nije side noch net fine. Soe dat wer barre, helje de side dan op 'e nij op, om te sjen of it wier net slagge is. Of, jo kinne de koartlyn feroare siden opfreegje om te sjen at jowes der by stiet. De oplossing is dat in behearder ien fan de siden tydlik werneamt, sa't de oare fuorthelle wurde kin. Aliter 22.47, 1 apr 2005 (UTC)
Standertoansjen fûgels
We hawwe it no besocht mei de fûgels, mar der binne noch wat fragen en útstellen út kaam.
- Gean wy troch mei it opnimmen fan alle nammen foar eltse fûgel yn de list fan fûgels? Aliter
- Alle algemiene nammen soene wat my oanbelanget wol yn de list stean kinne. At ien dan in namme fan in fryske fûgel tsjinkomt is er yn elts gefal maklik te finen. Sa at dit no dien wurd liket my wol aardichTheun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Iens. B. 16.40, 8 apr 2005 (UTC)
- Brûke wy, as it kin, allinnich Fryske taksonammen yn it ynformaasjekader? (fûgels, pleviereftigen)Aliter
- Hjir bin ik eins wol foar, en dan ek siden derby meitsje mei de selde oanhef as by soart (by. De Pleviereftigen (Scolopidae). Mar ik rûn al frij snel tsjin praktyske problemen oan. Wat binne de fryske nammen fan de famyljes en oarders. Ik haw in pear ferskillende (nederlânske) fûgelboeken mar der is fan bepaalde oarders de namme in it nederlânsk sels yn elts boek oars.Theun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Dan dochs mar de offisjele oantsjutting en as dy der is in trochferwizingsside fan de Fryske oantsjutting meitsje? B. 16.40, 8 apr 2005 (UTC)
- As der gjin standert is, dan sil it gjin grut probleem wêze as wy kieze hokfoar namme wy oersette. Mar de kombinaasje fan it Wylde Fûgelt fan J. Boersma mei Nederlânske taksonomyen jout al in grut tal fan nammen. Ik haw ek it Biologysk Wurkferbân om help frege mei dit probleem; ik leau dy Fryske nammen komme der wol.Aliter 21.57, 17 apr 2005 (UTC)
- Dan dochs mar de offisjele oantsjutting en as dy der is in trochferwizingsside fan de Fryske oantsjutting meitsje? B. 16.40, 8 apr 2005 (UTC)
- Gean wy oer op de wat oare ôfdielingsnammen dy't de Fryske Akademy as standert beskôget? (ryk, stamme, klasse, skift, famylje, skaai, soarte)
- Fyn ik best, gjin echte foarkarTheun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Ik haw der gjin prinsipiele beswieren tsjin, mar fyn se om earlik te wêzen net fuort dúdliker B. 16.40, 8 apr 2005 (UTC)
- Fan it wurkferbân krige ik it antwurd dat it al gever Frysk wie, mar faaks minder brûkt. Mar ek it argumint dat geslacht al brûkt wurdt foar mantsje/wyfke. Dêr't de Nije list fan fryske fûgelnammen it genus neamt is dat ek skaai. Lit ús dochs mar oanslúte by de standert. Aliter 21.57, 17 apr 2005 (UTC)
- Ik haw der gjin prinsipiele beswieren tsjin, mar fyn se om earlik te wêzen net fuort dúdliker B. 16.40, 8 apr 2005 (UTC)
- Moat by Berjocht:Soart de ôfbyld-breedte ynboud wurde? (200 px?)
- Hjir bin ik net foar. Hinget fan it ôfbyld of. In ôfbyld dat breder is dan heech kin it best oar de hiele breedte fan it berjocht. By ôfbylden dy't in stik heecher as breed binne moat de ôfbyld-breedte mar by it ôfbyld der by set wurde.Theun 06.12, 8 apr 2005 (UTC)
- Ik haw gjin foarkar, de ôfbyldingen moatte net al te grut wêze, yn ferhâlding ta de tekst. (B.)
- Bêst, wy hâlde de ôfbylden per gefal ynstelber. Aliter 21.57, 17 apr 2005 (UTC)
- Ik haw gjin foarkar, de ôfbyldingen moatte net al te grut wêze, yn ferhâlding ta de tekst. (B.)
Audio template
Hi, I am making audio recordings of the pronunciation of words. Example; Media:Nl-be guy verhofstadt.ogg To include this in a good way in your wiki I need to know what your audio template is and how it works. When I know it i, and many others, can put it directly inside articles on your wikipedia.
Can some one please put your audio template on this page;
Greetings, nl:gebruiker:Walter
Paus
Meidogger:134.109.132.160 stelt út om by keppelings nei in paus it wurd "Paus" op te nimmen yn de keppeling, en dêrmei fan de titel fan de side. Oant no ta hawwe wy titels fan persoanen net opnaam yn titels fan siden, útsein hjoeddeiske leden fan it keninklik hûs yn Nederlân. Is de titel fan Paus oars genôch om dit te dwaan (prelaat, aartsbiskop ...), of is der in grûn om dit by alle titels te dwaan? Wat fine de oare meidoggers? Aliter 17.34, 25 apr 2005 (UTC)
- Ik haw der gjin beswier tsjin. B. 18.17, 25 apr 2005 (UTC)
Ik wit it net: as it "Paus Paulus" wurdt, wurdt it dan ek "Prelaat Pretario", en "Aartsbiskop Adrianus" en "Biskop Bonifatius"? Foar ealju bin ik der ek net sa foar, leau'k. Aliter 19.56, 10 mai 2005 (UTC)
Noardfryske Wikipedia
Arbitreare meidieling: Nei de Sealterske haw ik no ek in Noardfryske Wikipedy oanfrege. Ik sil der de ierste tiid net sa hurd oan wurkje kinne, om't ik de taal noch net praat, ik noch minsken oanskriuwe muot en de grutte dialekt-fraiaasje my ofskrikket. Mar ik meld it wol efkes hjir, foar de intersearren ;-).
At jo intersearre binne, sjoch dan ek ris op de Requests-side op meta. WanabeFrysk 13.11, 8 mai 2005 (UTC)
- Koost Mooring brüke; or koost as bai nds: önj iinj sid ferschäälië takste schriwe. Aliter 19.56, 10 mai 2005 (UTC)
- Dat lêste wol ik dwaan, ja. In Noardfryske Wikipedy moat ek foar praters fan oare dialekten te brûken wêze. Soenen jo jo trouwens faaks opjaan wolle ûnder "People interested in joining"? WanabeFrysk 15.47, 11 mai 2005 (UTC)
- P.S. At jo dan dochs Noardfrysk prate, soenen jo my dan faaks ek helpe kinne mei it opsetten fan in konsept-haadside? WanabeFrysk 17.01, 11 mai 2005 (UTC)
- Ik haw it eins net oan tiid op it stuit. Mar wat is it probleem mei dy haadside? Dy bejint gewoan as: "Dåt as Wikipedia aw frasch." En eltsenien kin dêr dan sines as harres oan tafoegje. Aliter 00.47, 12 mai 2005 (UTC)
Stewards election
Hello,
The stewards election has started on m:Stewards/elections 2005. Anyone can vote provided that he has a valid account on meta with a link to at least one user page, on a project where the editor is a participant, with at least 3 months participation to the project. Stewards can give sysop right on projects where there are no local bureaucrate. Please vote ! Yann 20.21, 19 mai 2005 (UTC)
PS: Please translate this. Thanks. Yann 20.21, 19 mai 2005 (UTC)
- Der wurde in pear nije rjochtenbehearders oansteld foar gâns de Wikimediamienskip. Yann tinkt dat it in ferkiezing is, om't op meta it ferkearde wurd brûkt is, en besyket minsken nei meta te krijen om't er ien fan de kandidaat-rjochtenbehearders is. Aliter 00.01, 20 mai 2005 (UTC)
Ferkiezings bestjoersleden Wikimedia Foundation
Der komme ferkiezings foar twa bestjoersleden fan Wikimedia Foundation, as fertsjinwurdiging fan de Wikipedianen. De siden yn ferskate talen kinne fûn wurde fia m:Election notice translations 2005. Der wurdt frege dit yn oare talen oer te setten. Is dêr foar de Fryske Wikipedy ferlet fan, of kin de tiid better brûkt wurde? Aliter 16.24, 4 jun 2005 (UTC)
Kalinders
Meidogger:Theun hat no eat oandoarst dêr't ik my net oan weagje woe: Hy hat op in datum-side yn foarfal opnaam út de tiid dat mar in part fan de lannen de Gregoriaanske kalinder ynfierd hienen. Dat, no moatte we betinke hoe't we dat dogge.
- Wurdt alles nei 4 oktober 1582 basearre op de nije kalinder, ek al wie dy yn it Fryske taalgebiet doe noch et yn gebrúk?
- Wurdt alles fan 1701 ôf basearre op de nije kalinder, om't Fryslân doe oergong, ek al wienen oare lannen earder of letter?
- Wurdt de lokale datum brûkt, wêr't dy wis is, al jout dy histoaryske krektens al wat praktyske problemen?
Aliter 22.17, 5 jun 2005 (UTC)
- Ik hy gjin idee fan dizze problematyk en gewoan hjir en dear in pear ekstra foarfallen taheakke dy't ik fan de nederlânske of ingelske wiki helle haw. Oars hy ik it fest net oandoarst ;).
- Miskien is it wiis om yn undúdlike gefallen efter it foarfal oan te jaan of it neffens de GK of de JK is. Op de ingelske wiki wurdt neamt dat yn it ingelsk wol de ofkoarting O.S. (old style) en N.S. (new style).
- Ik tink dat mei my de measte minsken hielendal gjin idee hawwe fan dit ferskil tusken dizze kalinders. Alle trije oplossings sille wol praktyske problemen opsmyte. Want fyn foar al dy datums mar út wat de goeie datum is. Ik soe eins net witte at 5 juny yn it gefal fan Bonifatius no neffens de GK of de JK rekkene is.Theun 06.10, 6 jun 2005 (UTC)
Ja, alle trije hawwe problemen: By 1 en 2 kinne ús datums oars wêze as de datums doedetiden. Bij 3 moatte wy, ek dêr't wy witte hokfoar kalinder in datum is, dochs noch mear ynformaasje sykje om út te finen hokfoar kalinder brûkt wurde moat. (Bonifatius is rekkene neffens de kombinearre kalinder. Dat wol sizze dat de data út de tiid fan foar de Gregoriaanske kalinder net omrekkene binne nei Gregoriaansk.)
Ik stel út om dochs mar 1 te dwaan. Histoarysk minder krekt, mar makliker foar it oernimmen fan ynformaasje. Op de jiersiden 1583-1700 moat dat der dan mar byskreaun wurde. Dêr't der in reden is foar de Juliaanske datum, bygelyks fiering fan de âlde datum, kin dy derby set wurde. Dat betsjut dan dat allinnich by twa datums de twadde Juliaansk is, en faaks j.k. derby krijt. Aliter 23.49, 13 jun 2005 (UTC)
Eerste nl.wikimedia.org ontmoeting
ik zou iedereen graag willen uitnodigen te overwegen of zij een rol willen en/of kunnen spelen in de oprichting van een nederlandse wikimedia-organisatie. een eerste ontmoeting wordt momenteel georganiseerd, zie daarvoor hier, op de nl.wikimedia.org wiki. er zijn nog vele stappen te nemen, en meer wikianen nodig, om e.e.a. op verantwoorde wijze verder te ontwikkelen. oscar