Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje

It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje (Spaansk: Festival Internacional de Cine Fantástico de Cataluña; Katalaansk: Festival Internacional de Cinema Fantàstic de Catalunya), ôfkoarte ta FICFC, is in filmfestival dat elts jier oan it begjin fan 'e moanne oktober organisearre wurdt yn 'e Spaanske stêd Sitges, yn 'e autonome mienskip Kataloanje. It festival wurdt dêrom ek wol it Filmfestival fan Sitges of it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sitges neamd. It evenemint bestiet sûnt 1967 en jout, sa't de namme al oantsjut, benammen (mar net útslutend) omtinken oan fantasyfilms.

Ynternasjonaal Fantasy-filmfestival fan Kataloanje
De edysje fan 2009.
De edysje fan 2009.
plak en tiid
lân Spanje
aut. mienskip Kataloanje
plak Sitges
tiid fan it jier begjin oktober
bysûnderheden
ôfkoarting FICFC
soarte evenemint filmfestival
sjenre fantasy
bestean 1967 – no
offisjele webside
sitgesfilmfestival.com

Beskriuwing bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje waard yn 1967 oprjochte, en de earste edysje waard it jiers dêrop holden, yn 1968. De lokaasje fan it evenemint is it baaiplak Sitges, dat 34 km besuden Barcelona oan 'e kust fan 'e Middellânske See leit, en dat fan Barcelona út maklik berikber is mei it spoar. De wichtichste lokaasje fan it festival it Auditori ("Auditoarium") yn it Hotel Melià Sitges, in filmseal dy't in publyk fan 1.384 persoanen hâlde kin. It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje makket dêrnjonken gebrûk fan noch acht oare filmsealen, ferspraat oer Sitges.

Prizen bewurkje seksje

De Gorilla's binne de offisjele prizen fan it Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje. Op it festival wurde de folgjende prizen útrikt:

  • Gorilla foar Bêste Lange Film
  • Gorilla foar Bêste Koarte Film
  • Gorilla foar Bêste Regisseur
  • Gorilla foar Bêste Akteur
  • Gorilla foar Bêste Aktrise
  • Gorilla foar Bêste Senario
  • Gorilla foar Bêste Special Effects
  • Gorilla foar Bêste Kamerarezjy
  • Gorilla foar Bêste Orizjinele Filmmuzyk
  • Spesjale Sjuerypriis
  • Grutte Publykspriis foar Bêste Lange Film
  • José Luis Guarner Kritykpriis
  • Citizen Kane Award foar Bêste Debútfilm (foar in nije regisseur)
  • Noves Visions Award ("Nije Fisy Priis", foar fernijing en ynnovaasje)
  • Carnet Jove Sjuerypriis (ferjûn troch in jeugdsjuery)
  • Grutte Earepriis (oeuvrepriis)
  • Anima't Priis foar Bêste Lange Animaasjefilm
  • Anima't Priis foar Bêste Koarte Animaasjefilm
  • Màquina del Temps Priis ("Tiidmasinepriis", oeuvrepiis foar lju út 'e fantasyfilmyndustry)
  • Midnight X-treme Award (foar de bêste film út 'e spesjale fertoanings)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.